De strjitten fan Jobbegea en de ferklearring fan de nammen:
Aldeberkeaperwei – waard yn 1950 ferbettere. De huzen oan de westkant fan de wei steane yn Aldhoarne en hawwe even nûmers, de wenten oan de eastkant yn Jubbegea hawwe ûneven nûmers. De wei wurdt net neamd op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718; de wei dy’t tsjintwurdich "Siebe Annesweg" (ûnder Aldhoarne) hjit waard doe brûkt as 'Wech na Oldeberkoop'. Op de kaart fan Eekhof fan 1848 komt de wei (of in neistlizzende wei, dit is net dúdlik) foar as 'de Brugge-laan'. By de "Siebe Annesweg" stiet dan noch 'De Nieuwe weg naar Oldeberkoop'. De oan de famylje Willinge Prins tahearrende tol op dy wei waard ± 1930 troch de destiidske gemeente Skoatterlân ôfkocht. Alde Grinzerwei – Fan âlds Bûtenwei of Alde Grinzerwei neamd. Op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718 komt de wei foar ûnder de namme 'Buyten Wech'; Destiids rûn de wei net dea mar sluet oan op de 'Wech na Donkerbroek' en wol justjes beëasten de tsjintwurdige Nijberkeaperwei (by de bocht yn de wei nei Donkerbroek). Op de kaart fan Eekhof fan 1848 waard it eastlik diel fan de Bûtenwei al oantsjutten as ferfallen. Alde Singel – Sûnt lang bekende singel, rinnende fan de knik yn de "Twadde Kompanjonswei" yn noard-eastlike rjochting lâns de grins fan Aldhoarne en Jobbegea mei Opsterlân oant de “Gordyksterwei”, en leit sadwaande yn Aldhoarne en Jobbegea. De wei waard yn 1955 ferhurde (yn 1928 waard hy al ferbettere). Stiet op de kaart fan Eekhof fan 1848 al oanjûn as "Het Singel". Auke Hartstrawei – nei Auke Hartstra (Jobbegea, 2 oktober 1864 – dêre 19 febrewaris 1959 ) wie mei-oprjochter en bestjoerslid fan it bûterfabryk yn Jobbegea, mei-oprjochter fan de ôfdieling Jobbegea fan de Nederlânske Feriening ta Ofskaffing fan alkohoalyske dranken. Earste sekretaris fan de ôfdieling Jobbegea fan de S.D.A.P. en jierrenlang earmmaster. Hartstra wie tusken 1903-1912 lid fan de ried fan de eardere gemeente Skoatterlân. De wyk dêr’t de wei troch rint stiet al oanjûn op de kaart fan Schotanus/Halma fan 1718. Der sil doe nei alle gedachten in lange reed lâns lein hawwe.