Geert Ludzer Mak (Flaardingen, 4 desimber 1946) is in Nederlânsk jurist, sjoernalist en skriuwer.

Biografy Mak waard berne yn Flaardingen, as neikommelinkje fan dominy Catrinus Mak en Geertje van der Molen, yn in húshâlding fan acht persoanen. Hy groeide op yn Hurdegaryp, en folge it Grifformeard Gymnasium yn Ljouwert. Yn 1966 begûn er mei in stúdzje steatsrjocht en rjochtssosjology aan de Frije Universiteit te Amsterdam, om yn 1967 oer te stappen nei de Universiteit fan Amsterdam. Doe't er yn 1972 ôfstudearre waard er yn 1973 dosint steats- en fremdljingerjocht oan de Universiteit Utert. Sûnt 1975 wurket er foar de Groene Amsterdammer en NRC Handelsblad, en dêrnei foar de VPRO. Yn de tachtiger jierren wurket er as fraksjemeiwurker by de PSP. Yn de njoggentiger jierren waard er fulltime skriuwer. Hy beklaaide de Wibautlearstoel oan de Universiteit fan Amsterdam fan 2001 oant 2003.

Alhoewol't Mak gjin oplieding ta histoarikus folge hat, waard er twa kear troch it Historisch Nieuwsblad útroppen as histoarikus fan it jierGeert Mak.nl: Biografy en krige er yn 2004 in earedoktoraat fan de Iepen Universiteit "foar syn wichtige en orizjinele bydrage oan de skiednisskriuwerij".Iepen Universiteit Nederlân, Parseberjocht 22 july 2004: "Earedoktoraat foar Jo Coenen en Geert Mak"

Yn it ramt fan de festiviteiten by it 25-jierrich bestean fan it Zentrum für Niederlande-Studien fan de Westfälische-Wilhelms Universität (WWU) Münster waard Geert Mak op 11 desimber 2014 troch de fakgroep Skiednis/Filosofy fan de WWU Münster in earedoktoraat útrikt."Ein begnadeter Geschichtenerzähler", WWU Münster, parseberjocht 11 desimber 2014 Yn de taljochting by it te ferlienen earedoktoraat wurdt derop wiisd dat Mak ”as begenedigd skiedferteller by steat [is] fakwittenskip, popularisearring, orzjinaliteit en engaazjemint mei elkoar te ferbinen”.Ehrendoktorwürde für Geert Mak, WWU Münster, parseberjocht 9 oktober 2014

Mak is troud mei Mietsie Ruiters, hat twa styfbern, twa bern en fiif bernsbern. ‘We hadden geen hoofdredacteur’, NRC

Bibliografy 1992 - De engel van Amsterdam 1995 - Een kleine geschiedenis van Amsterdam 1996 - Hoe God Verdween uit Jorwerd Fryske oersetting: Hoe't God Ferdwûn út Jorwert (fert. Abe de Vries, 2017) 1997 - Het stadspaleis 1998 - Het ontsnapte land (boekewike-essay) 1999 - De eeuw van mijn vader 1999 - Ooggetuigen van de wereldgeschiedenis in meer dan honderd reportages (ynlaat en gearstalle troch Geert Mak en René van Stipriaan) 2000 - De zomer van 1823 / Lopen met Van Lennep (mei Marita Mathijsen) 2001 - De goede stad (oraty) 2002 - De nachtmerrie van Steiner (tegearre mei Felix Rottenberg) 2004 - In Europa 2005 - Gedoemd tot kwetsbaarheid 2005 - Nagekomen flessenpost 2006 - Het eiland 2007 - De brug (Boekewikepresint) 2007 - De goede stad 2008 - Verleden van Nederland (mei Jan Bank, Gijsbert van Es, Piet de Rooy en René van Stipriaan) 2012 - De hond van Tišma 2012 - Reizen zonder John. Op Zoek naar Amerika 2012 - Mijn land. Een minigeschiedenis voor beginners 2015 - De brug, ISBN 978-90-450-2953-5 2016 - De levens van Jan Six, ISBN 978-90-450-2776-0 2019 - Grote Verwachtingen. In Europa 1999-2019, ISBN 9789045038919 2020 - Epiloog bij Grote Verwachtingen ISBN 978-90-450-42 2025 - Wisselwachter. Amerika-Europa, 1933-1945 ()

Prizen 1999 - Roland Holst-priis foar Hoe God verdween uit Jorwerd 2000 - Bol.com Literatuer-priis foar De eeuw van mijn vader 2000 - Trouw Publykspriis foar it Nederlânske Boek foar De eeuw van mijn vader 2004 - NS Publykspriis foar it Nederlânske Boek foar In Europa 2008 - Leipziger Buchpreis zur Europäischer Verständigung foar In Europa 2009 - De Otto Von der Gablentzpriis 2015 - Gouden Ganzenveer 2015 - Comeniuspriis 2017 - Oeuvrepriis fan it Prins Bernhard Kultuerfûns 2021 - Karlsmedaille für europäische Medien

Keppeling om utens Offisjele webstee fan Geert Mak

Kategory:Nederlânsk sjoernalist Kategory:Nederlânsk rjochtsgelearde Kategory:Nederlânsk skiedkundige Kategory:Nederlânsk heechlearaar Kategory:Nederlânsk publisist Kategory:Nederlânsk telefyzjepresintator Kategory:Frysk sjoernalist Kategory:Frysk rjochtsgelearde Kategory:Frysk skiedkundige Kategory:Frysk heechlearaar Kategory:Frysk publisist Kategory:Frysk telefyzjepresintator Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Hurdegaryp Kategory:Jorwert Kategory:Persoan berne yn 1946