Mearum (offisjeel: Marum) wie in gemeente yn it Westerkertier fan 'e provinsje Grinslân mei 10.379 ynwenners (2018) en hie in oerflak fan 64,89 km² (wêrfan 0,37 km² wetter). De gemeente Mearum waard oprjochte yn 1811. Haadplak fan de gemeente Mearum wie Mearum.

De gemeente waard op 1 jannewaris 2019 opheft en gie doe tegearre mei de eardere gemeenten Gruttegast, De Like en Súdhorn op yn 'e doe nije gemeente Westerkertier.

Doarpen Njonken Mearum makken ek de doarpen Boerakker, De Wylp, Jonkersvaart, Lucaswolde, , Niebert, Noardwyk en Nuis diel út fan 'e gemeente.

Taal Yn 'e eardere gemeente Mearum praat in part fan 'e befolking, benammen de âlderein, Westerkertiersk. Dat is in Grinslânsk dialekt mei Fryske ynfloeden. De gemeente lei oan 'e grins fan Grinslân en Fryslân. Dêrtroch wurdt yn 'e doarpen Mearum en fral De Wylp troch in diel fan 'e befolking ek Frysk praat. Yn 'e Wylp wurdt dat ûnder mear taskreaun oan it ûntstean fan it doarp as koloanje fan Fryske feanarbeiders.

De Fryske ynfloed wie ek werom te sjen yn 'e flagge fan 'e gemeente mei loftsûnder in pompeblêd

Kategory:Eardere gemeente yn Grinslân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1811 Kategory:Bestjoerlike ienheid opheft yn 2019