Neön is in gemysk elemint mei symboal Ne en atoomnûmer 10. It is in kleurleas edelgas.
Untdekking Neön is yn 1898 ûntdutsen troch William Ramsay en Morris Travers, suver op tagelyk mei de ûntdekking fan ksenon en krypton. It Grykske wurd neon betsjut nij.
Tapassings Opmerklike eigenskippen
Isotopen Meast stabile isotopen Iso RA (%) Healweardetiid VV VE (MeV) VP 20Ne 90,48 stabyl mei 10 neutronen 21Ne 0,27 stabyl mei 11 neutronen 22Ne 9,25 stabyl mei 12 neutronen 24Ne syn 34,24 min β 2,470 24Na Fan neön komme trije stabile isotopen foar: 20Ne (90,48%), 21Ne (0,27%) en 22Ne (9,25%). Fia neutroanemisje en α-ferfal kinne út 24Mg en 25Mg de isotopen 21Ne en 22Ne produsearre wurde. Isotopysk ûndersyk fan bûtenierdske rotsblokken hat oantoand dat yn it hielal 21Ne produsearre wurdt. Dat hâldt yn dat neön brûkt wurde kin foar it bepalen fan de âlderdom fan dit soarte rotsen en meteoriten.
Toksikology en feiligens Neön is net brânber, eksplosyf of fergiftich. It wurdt ferhandele yn silinders dy't ûnder hege druk stean. By it te fluch ûntsnappen fan it gas kinne brânwûnen op hûd of sykhelorganen ûntstean.
Keppeling om utens Webstee mei ynformaasje oer neön
Kategory:Gemysk elemint