In skelwurd is in wurd om in persoan of in groep út te skellen of bespotlik te meitsjen. Yn Fryslân krigen de ynwenners fan kriten en doarpen faak in skelnamme. Hast elk doarp krige sa'n skelnamme of bynamme. Guon hawwe in histoaryske eftergrûn, fan oaren is it ûntstean ûnbekend. Waling Dykstra hat der in hiel soad sammele yn syn Uit Friesland's Volksleven.
Foarbylden binne de ynwenners fan: Akkrum - skytstuollen Aldeboarn - tuorkemjitters Baard - katten Burgum - kowesturten Dokkum - granaten Drachten - bôlen De Jouwer - keallepoaten Foudgum - deaden Frjentsjer - klokkedieven Grou - tsiisferdûnsers, tsyskedûnsers Harns - tobbedûnsers Hurdegaryp - oaljekoeken Jirnsum - katten De Lemmer - bokkings Mantgum - Kaäniten Nijewier - Woartelstêd Snits - dúmkefretters Terherne - poasken Tsjom - lyntsjesnijers Wergea - brêgebidler Wurdum - tuorkefretters
Kategory:Namme Kategory:Wurd