De Kâlde Kriich is in rite fan diplomatyske spanningen en tûkelteammen tusken 1945 en 1991. De Kâlde Kriich wie net in tradisjonele kriich, mei't de twa fijanlike legers nea tsjin mekoar fochten hawwe. It begryp "Kâld" fan Kâlde Kriich omskriuwt de diplomatike bân tusken de Feriene Steaten fan Amearika en de Sowjetuny nei de Twadde Wrâldkriich. Der wienen in soad minsken benaud foar it útein setten fan in nuklêre kriich, mar dat barde net.

Belutsen lannen thumb|200px|Jeropeeske militêre gearwurking (blau) en Sowjet militêre gearwurking (read) De Feriene Steaten en de Sowjetuny hienen beide in stikmannich lannen dy't har stipen.

Lannen dy't de Feriene Steaten militêr stipen wienen lid fan de NAFO. De lannen dy't militêr gearwurken mei de Sowjetuny wienen lid fan it Warsjaupakt.

Skiednis Jalta en Potsdam Oan 'e ein fan de Twadde Wrâldkriich fûn yn de Oekraïne de Konferinsje fan Jalta plak. Dêr petearden de trije lieders fan de machtichste lannen Winston Churchill (Grut-Brittanje), Franklin Roosevelt (Feriene Steaten) en Jozef Stalin (Sowjetuny) oer de takomst fan Jeropa. Wilens dy konferinsje hiene de dielnimmers al spul meiïnoar, omdat it eigen foech foar East-Jeropeeske lannen al faai stie. Fuortendaliks nei de ein fan de Twadde Wrâldkriich begûn de Kâlde Kriich.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard der op 8 maaie 1945 in twadde konferinsje, diskear yn de Dútske stêd Potsdam. Hja sprieken dêr oer de takomst fan Dútslân. Se wienen it gau iens oer it denazifisearjen en demilitarisearjen fan Dútslân. De herstelbettelings wienen in tûkelteam. De Feriene Steaten woenen net dat Dútslân tefolle betelje moast, omdat it de Jeropeeske ekonomy skansearje soe. De Feriene Steaten wienen fan betinken dat minsken dy't yn in lân mei in goeie ekonomy libje, net gau foar it kommunisme kieze soene. Elts allieard lân krige in kontrôlesône en koe dêr sels guod weromhelje as herstelbetellings. Presidint Harry S. Truman kaam yn it stee foar Roosevelt dy't ferstoarn wie. Churchill yn 't earstoan wol mei, mar nei de ferkiezingsoerwinning fan de Labour-Partij kaam Clement Attlee foar him yn it plak.

Partsjen fan Dútslân Yn de ferneamde Fultonspeech fan 5 maart 1946 brocht Winston Churchill it begryp 'the iron curtain' (it izeren gerdyn) op it aljemint. It begryp izeren gerdyn waard it symboal fan West- en East-Jeropa wilens de Kâlde Kriich.

By de gearkomste fan Potsdam wie it wis dat Dútslân yn fjouwer dielen parte wurde soe: in Frânske besettingssône, in Britske en Amearikaanske besettingssône: dy trije sônes soenen yn 1949 de Bûnsrepublyk Dútslân (BRD) wurde. It fjirde diel kaam ûnder Russysk bewâld, en waard de Dútske Demokratyske Republyl (DDR). Dyselde yndieling gou foar de stêd Berlyn. De Dútske gebieten beëasten de Oder en Neisse waarden Poalsk grûngebiet. It easten fan Poalen, waard Russysk grûngebiet. Eastenryk soe parte wurde yn fjouwer besettingssônes; mar yn 1955 koe Eastenryk wer selsstannich wurde mei it betingst om ivich neutraal te bliuwen. Dêrfandinne is Eastenryk hjoed noch hieltyd gjin lid fan de NAFO.

Yn 1961 waard de Berlynske Muorre boud om flechtelingen fan East- nei West-Jeropa op te kearen.

De ein Nei de ein fan de Sowjetuny yn 1991 wie der út it easten wei gjin driging mear. Dat wie de ein fan de Kâlde Kriich.

Keppeling om utens CNN-webside oer de Kâlde Kriich

Kategory:Oarloch yn Aazje Kategory:Oarloch yn Afrika Kategory:Oarloch yn Jeropa Kategory:Oarloch yn Oseaanje Kategory:Oarloch yn Noard-Amearika Kategory:Oarloch yn Súd-Amearika Kategory:Skiednis fan Jeropa Kategory:Skiednis fan Aazje Kategory:Skiednis fan Afrika Kategory:Oarloch yn de 20e iuw Kategory:Oarloch fan de Feriene Steaten Kategory:Oarloch fan de Sovjet-Uny Kategory:Oarloch fan Afganistan Kategory:Oarloch fan Albaanje Kategory:Oarloch fan Angoala Kategory:Oarloch fan Austraalje Kategory:Oarloch fan Belgje Kategory:Oarloch fan Bulgarije Kategory:Oarloch fan de DDR Kategory:Oarloch fan Denemark Kategory:Oarloch fan Dútslân Kategory:Oarloch fan El Salvador Kategory:Oarloch fan Etioopje Kategory:Oarloch fan it Feriene Keninkryk Kategory:Oarloch fan de Filipinen Kategory:Oarloch fan Fjetnam Kategory:Oarloch fan Frankryk Kategory:Oarloch fan Grikelân Kategory:Oarloch fan Gûatemala Kategory:Oarloch fan Hondoeras Kategory:Oarloch fan Hongarije Kategory:Oarloch fan Itaalje Kategory:Oarloch fan Japan Kategory:Oarloch fan Kambodja Kategory:Oarloch fan Kanada Kategory:Oarloch fan Kuba Kategory:Oarloch fan Laos Kategory:Oarloch fan Lúksemboarch Kategory:Oarloch fan Maleizje Kategory:Oarloch fan Mongoalje Kategory:Oarloch fan Mozambyk Kategory:Oarloch fan Nederlân Kategory:Oarloch fan Nij-Seelân Kategory:Oarloch fan Nikaragûa Kategory:Oarloch fan Noard-Koreä Kategory:Oarloch fan Noarwegen Kategory:Oarloch fan Poalen Kategory:Oarloch fan Portegal Kategory:Oarloch fan Roemeenje Kategory:Oarloch fan Sily Kategory:Oarloch fan Sina Kategory:Oarloch fan Spanje Kategory:Oarloch fan Súd-Afrika Kategory:Oarloch fan Súd-Jemen Kategory:Oarloch fan Súd-Koreä Kategory:Oarloch fan Syrje Kategory:Oarloch fan Tailân Kategory:Oarloch fan Taiwan Kategory:Oarloch fan Tsjechoslowakije Kategory:Oarloch fan Turkije Kategory:Oarloch fan Yndoneezje Kategory:Oarloch fan Yslân Kategory:Oarloch fan de NAFO Kategory:20e iuw