Emden is mei ynwenners () de grutste stêd fan Eastfryslân en de lytste Kreisfreie Stadt fan de dielsteat Nedersaksen. De meast westlike havenstêd fan Dútslân leit oan de mûning fan de Iems, oan de noardlike igge fan de Doalert.

De stêd is om it jier 800 ûntstien as Frysk hannelsplak mei in seehaven dy't yn de skiednis fan Emden altyd in grutte rol spile hat. Yn de tweintichste iuw waard de basis lein foar in moderne seehaven mei ferskillende yndustriële ûndernimmingen. As ekonomysk sintrum en de iennichste Kreisfreie Stadt fan Eastfryslân hat Emden in sintrumrol op it mêd fan wurk en ûnderwiis en ferdivedaasje. Sûnt 1973 hat Emden in hegeskoalle binnen syn stedsgrinzen.

Yn it jier 1530 waarden 300 folwoeksenen yn de Grutte Tsjerke dope troch Melchior Hoffman. Dat foarfal kin sjoen wurde as it begjin fan de dopersbeweging yn it noardwesten fan Dútslân en de Nederlannen. Yn de tiid fan de Reformaasje teagen grutte groepen religieuze flechtlingen út de Nederlannen op de stêd oan, dy't opfongen waarden yn de Grutte Tsjerke. Yn 1660 stifte harren neiteam út tankberens de Nije Tsjerke of Neue Kirche, eastlik fan de Grutte Tsjerke, en neamden dy tsjerke „moederkerk“ of „Mutterkirche“. Yn 1571 waard de earste Synoade fan de Nederlânsk Grifformearde Tsjerke yn Emden holden. Troch syn betsjuttende rol yn de tiid fan Reformaasje krige Emden yn desimber 2013 fan de Mienskip fan Protestantske Tsjerken yn Europa as earste stêd op it Europeeske kontinint de titel „Europeeske Stêd fan de Reformaasje“.Emden als europäische Reformationsstadt ausgezeichnet. sjoen op 21 jannewaris 2014.

Geografy thumb|left|180px|Iems en Doalert. Emden leit yn it westen fan de regio East-Fryslân, yn de Dútske dielsteat Nedersaksen. It is de meast westlike havenstêd fan Dútslân en by de Knock, wat it meast westlik punt fan Emden is, leit it meast súdwestlike punt fan it East-Fryske skiereilân.

De stêd leit sa likernôch 25 kilometer noardwestlik fan Lier, en sa'n 25 kilometer súdwestlik fan Auwerk. Oare gruttere stêden yn de omkriten binne Aldenburch (goed 70 kilometer eastlik) en Bremen (goed 110 kilometer eastsúdeastlik). De stêd Grins leit goed 50 kilometer westsúdwestlik fan Lier, mar mei de trein of mei de auto is de ôfstân in stik langer omdat men om de Doalert hinne moat. De stêd Wilhelmshaven leit sa'n 60 kilometer eastnoardeastlik.

It stedsgebiet leit krekt boppe seenivo. De heechste punten fan it stedsgebiet binne in terp út de midsiuwen (7,5 meter boppe seenivo) en in ôffalberch (15 meter boppe seenivo).

Wetter De stêd leit oan 'e mûning fan de Iems dy't súdlik fan de stêd troch de Doalert streamt. De haven fan Emden leit 38 seemilen fan it plak dêr't de Iems by Boarkum oergiet yn de Noardsee. De stêd, wêrfan't it grutste part noch mar krekt boppe seenivo leit, wurdt troch de Iemsdyk beskerme tsjin ynfloeden fan de see. Ferskillende mei de hân ôfgroeven wetters lykas de havens en kanalen en sluzen wurde mei de natuerlike streamen dy't ornaris oanjûn binne mei '-djip' (Tief) brûkt foar ôffier fan wetter. By it plak Pewsum is in gemaal dat ûnder oaren brûkt wurdt foar de ôffier fan wetter út it Emder stedsgebiet.entwaesserungsverband-emden.de webside oer it gemaal dat û.o. foar Emden ferantwurdlik is thumb|left|Stedsgrêft. Binnen de stedsgrinzen is Emden ek ryk oan wetter. 770 hektare wetter leit der binnen de stedsgrinzen, wat 6,85 persint fan it totale stedsgebiet beslacht. In grut part fan it wetteroerflak leit yn it havengebiet, in oar substansjeel oanpart hawwe de grêften en kanalen dy't mei-inoar sa'n 150 kilometer lang binne. In diel fan de grêften en kanalen binne fanâlds natuerlike streamen dy't letter kanalisearre binne, in oar diel is útgroeven. Yn de 17e iuw waard de stedsgrêft oanlein mei in ierden wâl dy't de stêd tsjin frjemde troepen beskermje moast. Dêrneist binne der noch kanalen groeven foar de skipfeart lykas it Treckfahrtstief, it Ems-Seitenkanal en it Iems-Jade-Kanaal. Boppedat binne der noch twa marren, de Uphuzer Mar en de Bansmar, dy't ûnderdiel binne fan it stedsgebiet. Alle marren binne mei kanalen ferbûn mei de haven en oare wetterwegen yn de regio. It Hinter Tief en it Larrelter Tief ferbine de stêd mei oare kanalen yn it noarden en westen en binne úteinlik ek ferbûn mei de wetterkrite fan de Krummhörn, it Fehntjer Tief en Iems-Jade-Kanaal ferbine de stêd mei oare kanalen eastlik fan de stêd. Troch it Iems-Jade-Kanaal en oare streamen en kanalen kin men mei de boat ek nei Aldenburch en de Weser ta komme. Yn de haven fan Emden binne twa seesluzen.

Stedsdielen thumb|300px|Stedsdielen fan Emden. Emden hat 26 stedsdielen. Yn de statistiken wurde se net altiten separaat neamd, de ferskillende stedsdielen wurde dan as ien bestjoerlik stedsgebiet presintearre. It stedsgebiet fan noard nei súd is maksimaal 7,7 kilometer lang, fan west nei east strekt it stedsgebiet him maksimaal oer 20,4 kilometer út.

By lokale weryndielingen yn 1928, 1945 en 1972 is it stedsgebiet groeid omdat buorgemeenten ûnderdiel waarden fan de Kreisfreie Stadt. Benammen troch de lêste bestjoerlike weryndieling fan 1972 is it stedsgebiet aardich grutter wurden. De neikommende doarpen/gemeenten binne yn de 20e iuw ûnderdiel wurden fan de stêd Emden: 1928: Borssum, Hilmarsum 1945/46: Larrelt, Uphusen/Marienwehr, Harsweg 1972: Wybelsum, Logumer Vorwerk, Twixlum, Petkum, Widdelswehr/Jarßum

It sintrum fan de stêd kin yn de neikommende wiken ferdield wurde: Altstadt, Behördenviertel, Bentinkshof, Boltentor, Groß-Faldern en Klein-Faldern. Neffens statistiken fan de stêd Emden binne de trije grutste stedsdielen it sintrum (sa’n 8700 ynwenners), Barenburg (sa’n 7000 ynwenners) en Borssum/Hilmarsum (sa’n 6100 ynwenners).

It sintrum fan Emden is yn ferliking ta oare Dútske stêden fan deselde grutte of noch grutter frij ticht befolke. Dat hat foar it neist te krijen mei de bestimmingsplannen foar it wer opbouwen fan de stêd, dy’t yn ‘e oarloch swier troffen wie troch bombardeminten. In protte bouwurken yn it sintrum waarden fanâlds brûkt foar kommersjele doelen. Yn de bestimmingsplannen foar it wer opbouwen fan de stêd kaam dêr yn in hiel soad gefallen inkeld wenromte foar yn ‘t plak. It súdlike diel fan it sintrum kin mei syn lytsere oerslachhavens en werven as ûnderdiel fan it havengebiet sjoen wurde. De haven fan Emden is ûnderdiel fan ferskillende stedsdielen lykas Transvaal, Borssum, Friesland en it sintrum.

Klimaat Emden leit yn in matige klimaatsône dat beynfloede wurdt troch de Noardsee. Binnen de matige sône heart Emden by it Klimabezirk Niedersächsisches Flachland Nordsee-Küste. Yn de simmer binne de temperatueren oerdeis leger as yn it binnenlân, yn de winter binne de temperatueren meastal heger. Simmerdeis is der relatyf mear delslach as yn 'e winter.

Neffens de klimaatklassifikaasje fan Köppen leit Emden yn in gebiet mei de yndieling Cfb. (tuskenbeiden seeklimaat).Wrâldkaart mei aktualisearre gegevens út de klimaatklassifikaasje fan Köppen

Moanne Jan Feb Maart Apr Maaie Jun Jul Aug Sep Okt Nov Des Trochsneed jier Temperatuer (°C) 1,3 1,5 4,1 7,3 11,8 14,9 16,4 16,3 13,7 10 5,6 2,6 8,8 Rein (mm) 67,1 45,5 62,3 48,6 60,2 70,5 82,1 72,8 66,6 72,8 83 73,5 805 Sinne (oeren) 1,32 2,57 3,61 5,36 6,77 6,6 6,26 6,35 4,73 3,09 1,9 1,03 4,1

Skiednis thumb|Emden om 1575 hinne. Om it jier 800 hinne begjint de skiednis fan Emden mei hannelsdelsetting oan de Iems. De stêd wie yn it earstoan net mear as in stikmannich huzen op in terp, doe hiet it plak noch fan Amuthon. Yn de midsiuwen groeide it plakje stadich, en waard ek wol Embda, Emda en Embden neamd. Emden wie yn de 13e iuw ûnderdiel fan it Fryske goa mei de namme Emsigerlân. Yn 1252 waard Eemsgo ferkocht oan de biskop fan Münster, mar dy hie yn werklikheid net safolle te sizzen oer de stêd en Emden wie frijwat ûnôfhinklik ûnder it bewâld fan de famylje Abdena. Emden (en oare frijwat ûnôfhinklike stêden yn de omkriten) waarden ek wol boererepubliken neamd. De haadlingefamylje de Cirksenas ferovere de stêd yn 1433 mei help fan de Hânze. Emden wie fan 1464 ôf it plak dêr't Greve Ulrich I wei regearre.

Yn de 16e iuw spile Emden in bysûndere rol yn de Reformaasje. Eastfryslân wie gjin ûnderdiel fan 'e Spaanske Nederlannen en dêrom teagen tûzenen kalvinistyske flechtlingen út Nederlân nei de stêd ta. Dy flechtlingen bouden bûten de Spaanske Nederlannen oan it fûnemint fan in nije tsjerke: De Synoade fan Emden yn 1571 waard de grûnslach foar it protestânske tsjerke-organisaasje yn de Nederlannnen. Troch de ynfloed fan al dy flechtlingen ûntstie der in sterke boargerlike middenklasse yn de stêd, dy't it ekonomyske en politike libben behearske.

Om 1590 koene it stedsbestjoer en greve Edzard II fan East-Fryslân it net lykfine. De greve wie fan betinken dat de stêd tefolle op himsels stie en mear ûnderhearrich wêze moast oan East-Fryslân. De greve fan East-Fryslân wie Lutersk wylst it meastepart fan de stêd kalvinistysk wie. Yn 1595 waard de saneamde Emder Revolúsje útfierd, wêrby’t de boargers fan Emden it foech fan de greve fan East-Fryslân (út it hûs Cirksena) sterk beheinden. Dêrmei krige Emden in foarm fan stedsfrijheid dy't oant 1744 yn stân holden waard. It Nederlânsk wie yn dy tiid de fiertaal yn 'e haven en by it boargerlike bestjoer. Op 26 maaie 1744 stjert de lêste prins fan East-Fryslân. Op dy dei waard East-Fryslân mei Emden anneksearre troch Prusen.

Yn 1751 waard troch Frederik II fan Prusen de Emder Eastaziatyske Hannelskompanjy oprjochte. De earste tochten nei Sina wienen in súkses en de meibrochte produkten waarden yn Emden mei grutte winst ferkocht. Mei it útein setten fan de Sânjierrige Kriich wie it dien mei it súkses. De direkteur naaide út nei it neutrale Delfsyl, twa skippen waarden yn 'e haven ôftuge, en it fjirde skip fan de kompanjy kaam yn de Ingelske haven Plymouth telâne. Nei de Sânjierrige Kriich waard de hannelskompanjy yn 1765 troch Frederik II fan Prusen opheft. Ekonomysk buorke de stêd ûnder Frederik II stadichoan in lyts bytsje foarút.

Yn 1806 waard Emden in Nederlânske stêd nei it tafoegjen fan East-Fryslân oan it Keninkryk Hollân. Yn 1810 waard it hiele Keninkryk Hollân troch Frankryk ferovere en Emden waard de haadsted fan it departemint Ems Oriental. Yn 1813 waard de sted ferovere troch it leger fan Prusen. Nei't de Frânsen by de Slach by Waterloo ferslein waarden yn 1815 kaam Emden by it Keninkryk Hannover, en yn 1866 wer by Prusen. Mei de stifting fan it Dútske Keizerryk yn 1871 bliuwe Emden en de rest fan Eastfryslân ûnderdiel fan Prusen. Yn 1885 wurdt de stêd Emden loskeppele fan it Kreis Emden en krijt dêrtroch de status fan Kreisfreie Stadt. thumb|left|Autohaven fan Volkswagen. Op septimber 1944 waard Emden, dat in wichtige haven- en yndustrystêd fan belang wie foar it Dútske leger, slim bombardearre troch sa'n 800 Amerikaanske fleanmasinen. Hast 80% fan de stêd wie skansearre, ek de histoaryske binnenstêd. 370 minsken stoaren by de bombardeminten.

Nei de Twadde Wrâldkriich waard Emden op 'e nij in yndustry- en havenstêd. It wer opbouwen fan de skeinde stêd wie oan it begjin fan de sechtiger jierren fierhinne klear, mei de iepening fan it nije riedshûs yn 1962 kaam der offisjeel in ein oan. Arbeitskreis Bunkermuseum: Örtliches Museum zur Zeit 1933-1945 in Emden Om’t de huzen noch net allegear klear wienen wennen der oan it begjin fan de sechtiger jierren noch hieltyd minsken yn barakkekampen. Wylst de stêd hurd troffen wie troch it oarlochsgeweld kamen der dochs flechtlingen út de eardere Dútske gebieten yn it easten dy’t Dútslân yn 1945 ôfstean moast oan oare lannen. Nei oantrunen fan it Alliearde militêre bestjoer waarden Larrelt, Uphusen en Harsweg bestjoerlik ûnderdiel fan de stêd Emden.