De Skoattertsjerke is ien fan'e twa tsjerken fan 'e Protestantske Tsjerke yn Aldskoat.
Skiednis thumb|left|De foargonger fan 'e hjoeddeiske tsjerke út 1615. troch Andries Schoemaker De hjoeddeiske sealtsjerke ferfong in tsjerke mei sealtektoer út 1610 en waard op 26 novimber 1752 yn gebrûk nommen. De tsjerke waard yn opdracht fan Menno Coehoorn fan Scheltinga, grytman fan Skoatterlân, boud. Boppe de yngong is in gevelstien oanbrocht.
De kânsel is yn Loadewyk XIV-styl útfierd. De klok út 1758 waard yn 'e Twadde Wrâldoarloch troch de besetter foardere.
Yn 2002 waard by gelegenheid fan it 250 jierrich jubileum yn twa finsters brânskildere glês oanbrocht. Yn 2007 waard it houten tuorke restaurearre. By dat wurk waard ûntdutsen dat it hout fan 'e hiele tsjerke troch houtwjirm en de hûsboktor oanfretten wie. Foar de restauraasje waard troch de gemeente It Hearrenfean ekstra jild beskikber steld.
Oargel Yn 'e tsjerke stiet in oargel fan Willem Hardorff, dat yn 1871 boud is.
Sjoch ek Sionstsjerke Trinitas Tsjerken yn Fryslân
Ofbylden
Keppeling om utens Dispoysje oargel
Kategory:Aldskoat Kategory:Tsjerkegebou yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Ryksmonumint yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Bouwurk út 1752