thumb|right|300px|Boppestferlaat thumb|right|300px|brêge Ravenswâld Boppestferlaat is in slûs yn de Opsterlânske Kompanjonsfeart by Appelskea. De slûs is boud yn 1820. De hjoeddeiske stiennen slûs is fan 1890. Yn 1896 is hy hielendal fernijd. It ferfal is 1,26 meter. De slûs wurdt noch hielendal mei de hân betsjinne.
De slûs hat in fytsbrechje, dat mei de hân betsjinne wurdt. Oan de boppeside én oan de ûnderside sitte yn de slûs twa rinketten. De slûskolk stiet, as hy net brûkt wurdt, fol. De slûs wurdt betsjinne yn kombinaasje mei brêge Ravenswâld, in flapbrêge dy't ± 500 stream op leit.
Sjoch ek Slûzen en keardamen yn Fryslân
Kategory:Slûs yn Fryslân Kategory:Bouwurk yn Eaststellingwerf Kategory:Bouwurk út 1820 Kategory:Bouwurk sloopt yn 1890 Kategory:Bouwurk út 1890