It Frysk is de lânseigen taal dy't fan âlds sprutsen wurdt troch de Westerlauwerske Friezen, yn it gebiet dat no rûchwei omfieme wurdt troch de Nederlânske provinsje Fryslân. It hat dêr in offisjele status gelyk oan dy fan it Nederlânsk. It Frysk heart ta de Noardwestgermaanske kloft fan 'e Westgermaanske talen, en foarmet dêrbinnen de Fryske taalgroep mei it yn Dútslân sprutsen Noardfrysk en Sealterfrysk. Yn akademyske fermiddens wurdt it Frysk faak fan Westerlauwersk Frysk neamd, om it fan 'e oare Fryske talen te ûnderskieden. Yn it bûtenlân wurdt ornaris fan "Westfrysk" sprutsen, mar yn Nederlân is dat de oantsjutting foar in Hollânsk dialekt mei in Frysk substraat, út 'e Kop fan Noard-Hollân.
Mei sa'n 600.000 sprekkers is it Frysk fierwei de grutste fan 'e trije Fryske talen, en foarmet in middenmoater as men nei alle Jeropeeske talen sjocht. Histoarysk is it Frysk fuortkommen út it Aldfrysk, dat him fia it Midfrysk ta it Nijfrysk ûntwikkele hat. It moderne Frysk falt útinoar yn in fjouwertal grutte dialekten dy't lykwols mar sa'n bytsje ferskille dat men suver better fan taalfarianten sprekke kin. Dêrnjonken besteane ek noch fjouwer lytse, sterk ôfwikende en tsjintwurdich slim yn har fuortbestean bedrige dialekten, dy't sprutsen wurde op 'e Waadeilannen en yn it lang tige isolearre havenstedsje Hylpen. Fral it Hylpersk en it Skiermûntseagersk binne wat argaysker as de oare Fryske dialekten. De Fryske standerttaal is lykwols fierhinne basearre op 'e beide grutte dialekten fan it Klaaifrysk en it Wâldfrysk. Op 't heden wurdt it Frysk op al mar mear maatskiplike terreinen brûkt, en nettsjinsteande ûnheilsprofeten dy't it al withoelang om it hoartsje krektoarsom foarsizze, liket it der net op dat it foarearst útstjerre sil.
Taalsibskip thumb|left|Taalgebiet fan de trije moderne Fryske talen. It Frysk heart ta de grutte Yndo-Jeropeeske taalfamylje, dy't bygelyks ek talen as it Frânsk, Gryksk, Russysk, Perzysk en Hindy omfiemet. Mei û.m. it Deensk, Noarsk en Sweedsk wurdt it ta de Germaanske talen rekkene, en dêrbinnen foarmet it mei bygelyks it Dútsk, Nederlânsk en Jiddysk de Westgermaanske taalgroep. It Frysk is lykwols nauwer besibbe oan it Ingelsk en it Skotsk, wêrmei't it de Noardwestgermaanske talen foarmet. Dy falle dan wer útinoar yn 'e Angelsaksyske talen en de Fryske talen.
Der wurdt wol sein dat it (Westerlauwersk) Frysk de taal is dy't it naust oan it Ingelsk besibbe is, mar noch ôfsjoen fan it feit dat dêrby foarbygien wurdt oan 'e oare Fryske talen en oan oare Angelsaksyske talen lykas it Skotsk, is dat al lang net mear wier. Yn 'e Midsiuwen wiene it Aldfrysk en it Aldingelsk (of Angelsaksysk) inoar yndie net wanlyk, mar troch de oanhâldende ynfloed fan (ferskillende) oanbuorjende talen en oare omstannichheden binne it Ingelsk en it Frysk troch de iuwen hinne sterk útinoar groeid. Ien fan 'e wichtichste ferskillen is datoangeande de ûnbidige ynfloed dy't it Frânsk sûnt de Normandyske Ynfaazje fan 1066 op it Ingelsk útoefene hat, wylst it Frysk, benammen fan 'e sechstjinde iuw ôf, krekt in sterke Nederlânske ynfloed ûndergien hat. De oerienkomsten dy't der hjoed de dei noch binne tusken it Frysk en Ingelsk sjocht men yn 'e basiswurdskat, d.w.s. yn wurden dy't faak brûkt wurde en dy't der om it jier 1300 bygelyks ek al wiene, lykas "tsiis" (cheese) en "kaai" (key). Mar ek by de ûntjouwing fan fokalen út it Oergermaansk by wurden lykas "grien" (green), "fiele" (feel), "riede" (read) en sa folle mear. De oerienkomsten binne ek noch altiten te sjen oan 'e palatalisaasje fan bylûden as 'k' en 'g' dy't yn guon wurden yn it Frysk en Ingelsk ta 'tsj' of 'j' waarden. Fergelykje foarbylden as "tsjerke" en church en "juster" en yesterday. right|thumb|350px|De taalsitewaasje yn Noard-Nederlân.
It (Westerlauwersk) Frysk is it naust besibbe oan 'e oare beide Fryske talen, it Noardfrysk en it Sealterfrysk. It Noardfrysk wurdt sprutsen yn Noard-Fryslân, oan 'e Noardseekust fan 'e Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein, krekt besuden de Deenske grins. It Sealterfrysk wurdt yn 'e krite Sealterlân, tusken Aldenboarch, Kloppenboarch en de Nederlânske grins sprutsen, yn 'e Dútske dielsteat Nedersaksen. Dy taalfoarm is it iennichste noch libbene dialekt fan it Eastfrysk (of Easterlauwersk Frysk), wêrfan't it taalgebiet yn earder tiid fan 'e Lauwers oant de Wezer rûn. De trije Fryske talen binne lykwols al yn 'e Midsiuwen elk har eigen paad gien, en binne no al lang net mear ûnderling fersteanber.
Ferlykje de folgjende wurden yn it Westerlauwersk Frysk, it Sealterfrysk, it Noardfrysk fan it fêstelân (yn it Mooring-dialekt) en it Noardfrysk fan 'e eilannen (yn it Fering-dialekt): taalfoarbyldwurdenWesterlauwersk Frysk:holle / haad-foarholleeachnoasmûletoskkinwangearSealterfrysk:Kop / Haud-StierneOgeNoseMuleTuskKeeuweSokeOorNoardfrysk: (Mooring)hoodfoorhooduugnoosmüstäiskansiikuurNoardfrysk: (Fering)hoodbraanjuugnöösmöstuskansjuukuar
Taalgebiet It Frysk wurdt sprutsen op it fêstelân fan 'e Nederlânske provinsje Fryslân, útsein de Stellingwerven yn it súdeasten, eastlik Kollumerlân yn it noardeasten en it Bilt, de âlde mûning fan 'e Middelsee, yn it noarden. Op 'e Waadeilannen wurdt Frysk sprutsen op Skiermûntseach en de westlike en eastlike úteinen fan Skylge, mar net op it Amelân of Flylân, en likemin yn 'e omkriten fan it doarp Midslân, op 'e midden fan Skylge. Fierders wurdt der ek Frysk sprutsen yn in lyts part fan 'e provinsje Grinslân dat tsjin Fryslân oanleit, yn 'e trijehoeke dy't bestiet út 'e plakken Mearum, De Wylp en De Grinzer Pein.
Behalven Frysk wurde yn 'e provinsje Fryslân ek ferskate net-Fryske streektalen sprutsen, dy't yndield wurde kinne yn twa kategoryen. Yn it foarste plak binne der de Nedersaksyske dialekten, dy't lânseigen binne yn 'e súdeastlike râne fan 'e provinsje. It Stellingwerfsk is dêrfan it grutst en bekendst, mar fierders wurdt yn eastlik Kollumerlân in foarm fan Westerkertiersk sprutsen dy't wol betitele wurdt as Kollumerlânsk, wylst it doarp Kollumerpomp syn eigen dialekt hat, it Pompstersk. Dêrnjonken binne der dan noch de Hollânske dialekten, wêrfan't it no útstoarne Flylânsk as Westfrysk klassifisearre wurde kin, wylst it Midslânsk, Amelânsk, Biltsk en Stedsk mei-inoar de Hollânsk-Fryske mingdialekten foarmje.
De Stedske dialekten hiene foarhinne in hege maatskiplike status as taal fan 'e adel en de boargerlike hegerein, mar binne sûnt de ein fan 'e njoggentjinde iuw yn dit opsjoch op har retoer. Sadwaande, en troch it ferfarren fan in protte Frysktaligen fan it plattelân nei de stêd, hat it Frysk yn 'e tweintichste iuw ek mear foet oan 'e grûn krigen yn 'e Fryske stêden, dêr't it earder minder brûkt waard. Dêrby moat wol oantekene wurde dat it Frysk fan plattelanners dy't nei de stêd ferhuzen as regel wol ûnderinoar mar net sa gau tsjin net-Fryskpraters brûkt wurdt. De twadde generaasje dy't yn'e stêd opwoeksen is brûkt it Frysk al folle minder of alhiel net mear. Fierders moat op dit mêd ek ûnderskie makke wurde tusken de ferskillende stêden. Yn Ljouwert hat it Frysk bgl. folle minder draachflak krigen as yn Dokkum. Ek yn Harns bestiet fan âlds in minder positive ynstelling foar it Frysk oer. Oarsom, in (lyts) part fan de stedsjers en net-Friezen dy't nei it plattelân ferhúzje, leare en brûke dêr Frysk. Twa- en trijetaligen binne by de taal dy't hja kieze oan harren sitewaasje en relaasje bûn en dêrom binne 'Frysktaligen', 'Stedsktaligen' en 'Nederlânsktaligen' inoar oerlaapjende kategoryen, dy't allinnich yn relatyf opsicht ûnderskaat wurde kinne.
Skiednis Prehistoarje Foar it ûntstean fan it Frysk moat der yn it gebiet dat no Fryslân foarmet, in oare taal sprutsen wêze, mooglik troch de oarspronklike bewenners fan dizze kontreien, foar't de Germanen dêr't de Friezen fan ôfstamje harren hjirre nei wenjen setten. Dy taal wurdt wol oantsjut as Pre-Frysk, mar de taalkundigen binne it der net oer iens oft der fan dy substraattaal yn it hjoeddeiske Frysk noch spoaren werom te finen binne.
Tsjin'e trêde iuw begûn him út it Noardwestgermaansk fan 'e Friezen in eigen taal te ûntwikkeljen. It ierste stadium dêrfan, doe't it noch in dialekt wie, wurdt wol it Proto-Frysk of primityf Frysk neamd. Dizze taalfoarm is inkeld bewarre bleaun yn koarte, isolearre en fragmintaryske rune-ynskriften, dy't faak dreech oersetber en foar mearderlei útlis fetber binne. In bettere boarne lykje sadwaande âlde plaknammen te wêzen, dy't earst sûnt 700 lûdsferskynsels sjen litte dy't ûnderskiedend binne foar it Frysk. Dêrom wurdt yn 'e regel ornearre dat der pas om dy tiid hinne in as sadanich werkenbere Fryske taal ûntstien is.
Fan 'e sânde oant de santjinde iuw hat it Frysk oanhâldend terrein priisjaan moatten oan it Hollânsk en it Nedersaksysk. Sûnt de santjinde iuw is it Fryske taalgebiet yn Nederlân lykwols min ofte mear gelyk bleaun. De lettere skiednis fan 'e Fryske taal wurdt ornaris opdield yn trije tiidrekken, nammentlik dy fan it Aldfrysk (1150-1550), it Midfrysk (1550-1820) en it Nijfrysk (1820-hjoed). Guon taalkundigen beskôgje it Midfrysk lykwols net as in aparte perioade mar diele it by it Nijfrysk yn.
It Aldfryske tiidrek
De Aldfryske perioade begûn eins daliks nei it ûntstean fan it Frysk yn 'e sânde iuw, mar om't it mar oerlevere is fan likernôch 1150 ôf, wurdt dat jier gauris as begjin oanholden. Yn dizze snuorje kamen yn it Frysk noch namfallen foar en wie der ûnderskie tusken de manlike en froulike grammatikale geslachten.
De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryske psalmoersetting út 'e ein fan 'e tolfde iuw, mar yn 2015 waard yn in fierders Latynsktalich manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurden Lesa mi, helpe mi ("Ferlos my, help my"), dy't datearret út 'e perioade 1100-1125. Oudste Fries op perkament, yn: de Ljouwerter Krante, 23 juny 2015. Alle oare oerlevere teksten, benammentlik rjochtshânskriften, binne fan 'e trettjinde iuw of letter. De measten datearje út 'e fjirtjinde en fyftjinde iuw, want tusken 1300 en 1500 belibbe it Frysk in grutte bloeitiid as skriuwtaal. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn Fryslân, en wie sa wichtich, dat al om 1485 hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de boekdrukkeunst amper 35 jier earder útfûn wie.
Om 1500 hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e machtsoername troch Albrecht fan Saksen, yn 1498, dy't it Frysk as bestjoerstaal ferfong troch it Hollânsk en yn 'e jierren dêrnei in grut tal útlânske amtners oanloek. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan frijwol de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om 1550 hinne lein wurdt, kin lykslein wurde mei dizze weromfal fan skriuw- ta sprektaal.
It Midfryske tiidrek
It begjin fan 'e Midfryske perioade (1550-1820) foel rûchwei gear mei it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch (1568) en it ûntstean fan 'e Republyk fan de Feriene Provinsjes (1585). Hoewol't der dus in nije snuorje fan frijheid oanbriek, krige it Frysk syn posysje fan foar 1498 net werom. Dat hie alles te krijen mei de opkomst fan Hollân as it oerhearskjende part fan 'e Republyk en fan it Hollânsk as de dominante taal yn bestjoerlike, juridyske en religieuze oangelegenheden. Benammen it ferskinen fan 'e Steatefertaling (de troch de Steaten-Generaal autorisearre oersetting fan 'e Bibel), yn 1637, wie in mylpeal foar de ynfloed en fersprieding fan it Hollânsk, en hie jammerdearlike gefolgen foar de status en wurdskat fan it Frysk en oare minderheidstalen en dialekten yn 'e Republyk. Ek de Universiteit fan Frjentsjer, de tsjerke as ynstitút, it ûnderwiis en letter de parse hawwe neat bydroegen oan it behâld fan it Frysk., Culturele problemen, yn: Encyclopedie van Friesland.