Stinzeplanten binne ferwyldere planten dy't foarkomme yn de tunen en parken fan âlde states en stinzen. It binne meast planten mei kleurrike blommen. De measte stinzeplanten bloeie yn de maitiid.

De beneaming stinzeplanten, dy't troch Dr. Jacob Botke yn 1932 foar it earst brûkt waard, is mooglik ynspirearre troch it feit dat de bewenners fan Feanwâlden it by de Skierstins groeiende Haarlimmer klokkespul mei stinzeblomkes oantsjutten.

De namme stinzeplant komt fan it wurd stins, dat slacht op in fersterke, stiennen hûs. Yn Fryslân is it foarkommen fan dy planten it earst beskreaun. Letter binne se ek fûn yn Grinslân en Utert.

De stinzeplanten stamme út de ein fan de 18e iuw doe't se oanplante waarden yn de doe populêre Ingelske tunen yn lânskipsstyl, mei it doel om se ferwylderje te litten. Fan oarsprong komme de measte stinzeplanten út it midden en suden fan Europa. De measte stinzeplanten dogge it goed op kalkrike grûn.

List fan Stinzeplanten (nei v/d Ploeg), rûchwei yn de folchoarder sa't se yn 'e maitiid begjinne te bloeien: thumb|right|230px|It Liderke Ayttablomke Liderke Maarteblomke Helmblom Holwoartel Krookjes Anemoanen Titelroas Longkrûd Wylde tulp Blêdlok Knolstienbrek Haarlimmer klokkespul Grutte Gersstjer Aronstsjelken Njirrewoartel

Byguod Reade surkthumb|right|230px|Reade surk Brune Earrebarrebek Keizerskroan Blau Fioeltsje Frouwebêdstrie Boskgoudstjer Wylde hyasint Plomlewierke Foarjierssinneblom Aruncus Krûpend Grien Blaukraaltsje Frisselgrien Segelplant

Sjoch ek List fan planten

Literatuer D.T.E. van der Ploeg - Stinzeplanten yn Fryslân (Ljouwert 1988)

Keppeling om utens ofbylde stinzeplanten

Kategory:Stins Kategory:Plant