Mark Foggo (Liverpool, 30 oktober 1950) is in skamuzikant, berne yn Liverpool, dy't yn 1979 fia Noarwegen yn Fryslân telâne kaam, om dêr mei de band Mark Foggo's Secret Meeting koarte tiid furoare te meitsjen yn it Fryske muzykwrâldsje.
Ingelân Foggo wie al jong dwaande mei muzyk. Yn Liverpool spile hy al fan syn 14e ôf yn bandsjes. In jiermannich letter ferhuze Foggo nei Londen om dêr yn it clubsirkwy mei ferskate rhythm and blues en punkbands op te treden. Nei in akkefytsje mei de Britske jústysje siket Foggo syn heil yn it bûtelân.
Fryslân Oankommen yn Fryslân, smyt Foggo it op in akkoardsje mei de Fryske jazzrock band Pavane. Se spilen it twadde diel fan harren optreden as begeliedingsband fan Foggo, ska. De gearwurking soe net sa lang duorje. Foggo rekrutearret út Pavane in tal muzikanten foar de earste besetting fan syn begeliedingsband Secret Meeting, dy't kear op kear personielswikselings hawwe sil. Opfallende nammen yn de besetting binne ûnder oaren Michiel Hoogenboezem en Freddie Cavalli. Mark Foggo's Secret Meeting hâlde it mei ska en New Wave oant 1983 ta fol. De band leveret ien album ôf en trije singles, allegear útjûn op Top Hole Records.
Brabân Yn 1984 ferhuzet Foggo nei Brabân en rjochtet dêr in nije band mei de namme de Skasters op. De Skasters bliuwe trou oan de formule fan de ûnfersniene up-tempo ska. De band is tige produktyf mei albums, stabyl yn de besetting en drok beset mei tige enerzjike optredens sawol yn as bûten Nederlân: ûndertusken mear as 1.000. De Skasters binne sa útgroeid ta in monumint foar de Ska.
Diskografy Singles mei Secret Meeting 1980 - New Shoes/It Get's You Down (single) 1980 - Speeding My Life Away (single) 1980 - New Shoes/Out of Place (single) 1981 - New Shoes/Ace of Spades (single) 1982 - I'm In Love/Advertising (single) 1985 - I Never Promised You Anything (single) 1985 - Weapons And Guitars
mei de Skasters 1997 - Hashish Uit Amsterdam
Albums mei Secret Meeting 1980 - Speeding My Life Away mei de Skasters 1983 - A State Of Mind 1989 - Ska Pig 1990 - Live 1992 - Couldn't Play Ska 1994 - Lucky To Be Alive 1996 - Haircut 1997 - The St. Valentines Day Massacre 2001 - The Best Of... 2002 - The Missionaries Of Ska 2005 - You Shot Me!!!!! 2006 - It`s only a game 2010 - Mad
Keppeling om utens Mark Foggo webstee
Kategory:Ingelsk sjonger Kategory:Ingelsk muzikant Kategory:Ingelsk lietsjeskriuwer Kategory:Ingelsk ska-artyst Kategory:Persoan berne yn 1950