thumb|right|200px|Appelwyk/De Merk De Strjitten fan De Jouwer:
A De Aak - de aak as fartúch Achterom - (sûnt 1967 Brêgestrjitte) It Achterom wie in beboude ferbining tusken en de Simonstege (letter Hobbe fan Baerdtstrjitte). Sa koe men achterom de Midstrjitte rinne. Albert Einsteinwei - Albert Einstein wie grûnlizzer fan de relativiteitsteory. Aliehoeve - yn de wenwyk Wyldehoarne besteane mear strjitnammen út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve. Ambachtswei - strjitte op it bedriuweterrein Anker - om in skip mei fêst te lizzen Appelhofleane - op dit stik lân is yn 1749 in fruchtbeamkwekerij fan Wybren Krijns oanlein. Letter waard dit de Taconistún dy't yn 1927 opheft waard. Appelwyk - Eartiidse ynstekhaven fan de Oerspitting, fuort efter de slûs by it Tolhûs. Waard yn 1649 al sa neamd en yn 1880 tichtsmiten. Aukebaas - neamd nei Auke Holtrop van der Zee (1854-1939) dy't mei syn heit Eeltsje Holtrop (Eeltsjebaas) ferskate Fryske houten skipstypen makke op de werf oan de Sylroede.
B thumb|rjochts|200px|De Jouwer-Groepspraktyk thumb|rjochts|200px|Bûterstrjitte thumb|rjochts|200px|Theresiaskoalle oan de Brandsmawei thumb|200px|Theresiahûs oan de Brandsmawei Hobbe fan Baerdtstrjitte - Hobbe fan Baerdt (1591 - 1657 wie bouhear fan de herfoarme tsjerke en grytman fan Haskerlân fan 1615-1650. Boppedat wie er lid fan de Fryske Steaten en Admiraliteit en kurator fan de Hegeskoalle fan Frjentsjer. Bakboard - linkerkant fan in skip by it roer wei besjoen. Bak komt fan 'back', de stjoerman stie hjir mei de rêch hinne, hy stie oan stjoerboard te stjoeren. Barte - houten planke as oprin nei in boat. Ek in losse flonder oer in sleat, kin troch in skipper oan de kant skood wurde. It Beaken - tûne of peal yn farwetters. Binnenpaad - earder fuotpaad fan Westermar nei Haskerhoarne rûn. Blaauwhofleane - Oan de Hege Simmerdyk stie in appelhof, neamd nei de pleats Blaauwhof oan de Lindedyk ûnder Slikenboarch. Dêr wenne yn har jeugd Theodora Kortenhorst, de earste frou fan Johannes Hessels de Jong (1833-1883). De famylje De Jong hie yn de Súdwestpolder in soad eigendommen. De tún stie letter bekend as de Taconistún. De Bleek - op it hiem waard de wask lein te drûgjen en te bleekjen Boech - foarstjûne fan in skip De Boeier - boeier as skipstype. Boekeleane - bûkebeam; leit foar in part op de eardere Taconistún. Boeresingel - âld paad neist Heremastate dat troch boeren brûkt waard om by de Jonkersfeart te kommen. Bolder - om skipstouwen op fêst te setten. Elias Anne Borgerstrjitte - Elias Annes Borger ( De Jouwer, 1784 - 1820), wie teolooch en heechlearaar. Hat it gedicht 'Ode aan de Rijn' skreaun en waard yn syn tiid It Fryske Wûnder neamd. Boulust - Boulust wie in koöperative wenningbouferiening dy't hjir yn 1898 in blokje fan fiif huzen 'voor den werkman' bouwe liet. Titus Brandsmawei - Anno Sjoerd Brandsma, ( Hartwert, 1881 - Dachau, 1942 ) wie karmelyt en heechlearaar oan de roomske universiteit yn Nymwegen. Die in soad foar de Fryske taal en kultuer en wie geastlik adviseur fan de roomske deiblêden yn de Twadde Wrâldoarloch. Brêgestrjitte - earder Achterom, neamd nei gebou 'De Brêge' dat yn 1961 troch de Dútsers yn it ramt fan "Aktion Sühnezeichen'bou en skonken waard as herfoarme jeugdgebou. Letter tsjerkegebou wurden. De Brekken - De Brekken Broeresleat - Broeresleat Brouwerstrjitte - in âlde stege neamd nei de famylje Arjan en Gjalt Brouwer dy't dêr in brouwerij hienen. Oan de stegen stienen earder faak ienkeamerwenninkjes dy't ferhierd waarden troch húskesmelkers. Ticht by de Kolk stie de pleats fan Durk van der Zee. Bûterstrjitte - earder 'Bûterstege' dy't yn 1699 neamd wurdt as 'Butersteige'. Ferwiist nei de bûterwaach. De feart njonken de Bûterstrjitte waard yn 1953 dimpt. Bûtsingel - eins 'earste Bûtsingel', der wie eartiids nei alle gedachten noch in twadden-ien, om de net foltôge state Baerdt, dy't letter Frouwe Aurelia fan Hillemapleats neamd waard. De namme wurdt yn 1897 foar it earst neamd.
C Madame Curiewei - Maria Curie-Sklodowska, Poalske gelearde dy't in skiekundich elemint polonium ûntdekte en mei har man it elemint radium
D thumb|rjochts|200px|D.E. plein De Ekers - op bedriuwenterrein De Ekers, ferwiist nei de lannen yn de Haskerfeanpolder Dek - diel fan in skip. De Merk - nei de ferneamde Jouster hynstemerk, de Jouster Merk, dy't sûnt 1466 altyd op de lêste tongersdei fan septimber hâlden wurdt. Dodo fan Haskastrjitte - Dodo fan Haske, ek Sillige Dodo, wie in premonstratinzer muonts dy't fan it kleaster by Hallum oer Bakkefean nei De Haske kaam en dêr by de kapel in klûs boude dêr't er yn libbe. Hy stoar op 30 maart 1231 ûnder syn ynstoarte klûs en waard sillich ferklearre troch de roomske tsjerke. Op dit plak waard letter it kleaster Marije' Roazedelle of Hasker Konvint boud. Op de fûneminten dêrfan waard yn 1818 de hjoeddeiske kapel fan Haskerdiken boud. Driessenstrjitte - dokter J.G. Driessen wie hûsarts op De Jouwer fan 1881-1910. Mei syn frou Aurelia Vegelin van Claerbergen stelde hy Heremastate beskikber foar de bou fan in sanatoarium tsjin tuberkuloaze. Hy wenne sûnt 1897 yn in filla oan de Geert Knolwei, op it plak dêr't de bibleteek stie, en neamde it JAMJA (foarme fan de earste letters fan syn fiif dochters)t. Drolshagenplein - nei de Dútske partnerstêd Drolshagen dêr't De Jouwer sûnt 1969 in freonskipsbân mei hat. Dûkdalf - swiere steane peal om skippen oan fêst te lizzen. Neamd nei de Spaanske lânfâd Duc d'Alva út de Tachtichjierrige Oarloch.
E Easterstrjitte - foarme yn 1905 de útwreiding fan Westermar nei it easten. De koöperative wenningbouferiening 'Volharding' boude hjiroan yn 1905 in blok fan tsien huzen. Edisonwei - Thomas Edison (1847-1931) wie in útfiner mei wol 2500 patinten dy't in soad útfinings praktysk brûkber makke Eeltsjebaas - Eeltsje Holtrop van der Zee (1823-1902) begûn as skipsbouwer op de noch besteande werf oan de Jouster Sylroede. Hy boude sa'n 850 houten fiskers- binnenfeart- en plezierskippen fan 20 ferskillende types. Benammen syn tsjotters wienen ferneamd, hy waard yn 1893 opfolge troch syn soan Aukebaas. Eeltsje Halbertsmastrjitte - Dokter Eeltsje Halbertsma, skreau ûnder oare it Frysk folksliet. Douwe Egbertsplein - nei Douwe Egberts waard dit plein yn 1953 neamd by it 200-jierrich bestean fan it fabryk. Elisabethhoeve - yn de wenwyk Wyldehoarne besteane mear strjitnammen út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve.
F Fabrykswei - leit op it bedriuwenterrein. De Finne - stik greide dat net foar heawinning brûkt wurdt. Der rint meast melkfee of jongfee. Firmawei - ferwiist nei ûndernimmingen op it bedriuwsterrein. Fiskstrjitte - hiet earder Fisksteech, neamd nei de fiskmerk dy't letter ferhuze nei de Toerstrjitte. Neist de steech rûn oant 1953 in feart om de hannel oan te fieren. De Fiver - in fly-over by it nije Knooppunt De Jouwer Fok - trijehoekich foarseil op in boat. Fokkestaach - staach fan de stjûne nei de mêsttop fan in skip.
G thumb|rjochts|200px|Heremastate-Oranjery Gaffel - rûnhout dêr't it grutseil oan hinget. Gerben Martensstrjitte - nei de boer dy't hjir yn de 18e iuw in pleats hie. Gerben Martens liet syn skuorre ôfbrekke om de sân hierkeammerkes te bouwen en waard sa húskemelker. Ferbân mei bynamme Joadesteech ûnseker. Gieljittersstrjitte - nei de stifting fan in 'giel'koperjitterij troch de famylje Keverling dat no it Museum De Jouwer wurden is. Gyk - rûnhout ûnderoan it grutseil. Gysbert Japikstrjitte - Fryske skriuwer Gysbert Japiks (1603-1666) Griene Dyk - fan de âlde syl by it Tolhûs lâns de Jouster Sylroede nei de grins mei Doanjewerstâl, wurdt al yn 1878 sa neamd. Groenendalstrjitte - earst in reed, doe in steech en letter in wei as ferbining tusken de Midstrjitte-Lyts Luchtenveld. Op healwei wenne yn de 19e iuw kastmakker Groenendal. Groenhof - nije wyk op it lân fan de fraters fan Tilburch. Namme as analogy mei Blaauwhofwyk.
H thumb|rjochts|200px|Haskerfjildwei thumb|rjochts|200px|Helmhout mei ballonnen thumb|rjochts|200px|De Houtmoune thumb|rjochts|200px|Hurddraversdyk-Sewei Handelswei - strjitte op it bedriuwenterrein Sewei. Dodo fan Haskastrjitte - Dodo fan Haska, norbertiner muonts fan Mariëngaarde. Haskerfjildwei - wei troch it Haskerfjild, dat syn namme krige fan 'Haske'. Haverkamp - op it stik lân waard eartiids hjouwer ferboud. Hege Simmerdyk - in yn 1716 ferbettere dyk om it wetter út it suden te kearen. De Helling - skean nei it wetter ôfrinnende konstruksje om skippen út it wetter te heljen om se op te knappen of nei it bouwen yn it wetter te litten. Helmhout - stjoerstôk op in boat. Heremastate - Heremastate is neamd nei de famylje Herema dy't it begjin 17e iuw bouwe liet net fier fan de Spaanske skâns. Wurdt yn 1697 neamd as aadklike state Herema, ek wol 'Porte' of 'Poorte'. Dit lêste wiist op in diel fan it gehiel. Nei wenning hat it sanatoarium west en it is no ûnderdiel fan it gemeentehûs. Hettebaas - Hette Symen Gearts (1792-1851) wie skûtmakker oan de werf oan de Jouster Sylroede. Nei him kaam Eeltsjebaas. It Hiem - lân dat by de pleats heart. De Hofcamp - in kampke lân mei in muorre of hage der om. Houtmounestrjitte - yn 1774 waard hjir in houtseachmole boud troch Pier Jelles Borger Ds. S Huismansstrjitte - Sipke Huismans (1873-1924) wie in grifformearde dûmny dy't de oanset joech ta oprjochting fan it Kristlik Frysk Selskip en krewearre foar de Fryske taal en kultuer. Hurddraversdyk - eartiids in ûnderdiel fan de grutte polderdyk fan 1716 om De Jouwer, Westermar en Haskerhoarne. Op it earste stik sille koart nei 1700 hurddraverijen hâlden wêze.
I Iepensteinleane - Iepenstein wie in pleats (1917) en in stik lân dat dêr súdeast fan lei. Ikeleane - de iik as ferwizing nei de eardere beamkwekerij op it plak fan de Taconistún. Yndustrywei - op it yndustryterrein Sewei.
J thumb|rjochts|200px|Jaachpaad It Jacht - fartúch Jaachpaad - paad by de Skipsleat lâns, om sylskippen lûke te kinnen as der gjin wyn wie. Jaansleat - Jaansleat. Jannahoeve - yn de wenwyk Wyldehoarne besteane mear strjitnammen út in famkesnamme mei it efterheaksel -hoeve. Johan Willem Frisostrjitte - Johan Willem Friso, (Dessau, 4 augustus 1687 - Strijensas, 14 july 1711), foarst fan Nassau-Dietz (1696-1711), Prins fan Oranje (1702-1711), steedhâlder fan Fryslân (1707-1711) en Grinslân (1708-1711), wie de âldste soan fan Hindrik Kasimir II en Henriëtte Amalia. Jol - in jol as iepen boatsje. Jonkersboskje - fan nei de Driessenstrjitte rûn eartiids in singel as gedielte fan it fuotpaad tusken en de Simonssteech (de lettere Hobbe fan Baerdtstrjitte). Yn 1915 waard it neamd nei jonker Arent Vegelin van Claerbergen (*1850) dy't dêr in soad lân hie. Dizze jonker wie oant 1906 boargemaster fan Haskerlân en wenne yn filla Ter Huivra. Jordaan - oant ein 19e iuw in smel farwetter bylâns de Bûterstrjitte en de Toerstrjitte. Hjirtroch waard benammen bûter ferfierd nei de bûterwaach oan de Bûterstrjitte. Mooglike namme nei analogy fan de Amsterdamske Jordaan.
K thumb|rjochts|200px|Klamp thumb|rjochts|200px|Knolwei Kajút - opbou op in skip as wenromte of om te stjoeren De Kearingen - âlde namme foar Haskerfjild, mooglik yn ferbân mei draaiing of kearing yn in wetter. Keningin Julianaleane - Keninginne Juliana Keningin Wilhelminaleane - Keninginne Wilhelmina Kyl - boaiembalke ûnderoan in skip. Klamp - heak op in skip om wat oan fêst te meitsjen of wat oan te hingjen. Klokmakkerij - neist it motel, op De Jouwer wiene in soad klokmakkerijen. Geert Knolwei - foar de Twadde Wrâldoarloch wie dit de Hearrenfeanske wei, de wei waard nei de oarloch omneamd nei de fersetsman Geert Knol.Tresoar De Koaiker - in fly-over by it nije Knooppunt De Jouwer Koaileane - komt út oan it begjin fan de Hege Simmerdyk by it klubgebou fan fuotbalferiening De Jouwer. Dat gebou en it sportfjild hjitte, nei de fuotbalklub sels earder, De Koai. Ek de tramhalte hiet De Koai nei de einekoai by in pleats dêr. De einekoai lei rjochting De Wâldfinnen.