De Strjitten yn Akkrum:
A It Achterom - ferbynt de Feansterdyk mei de Mounedyk. It is de efterom fan de winkels yn de Buorren. (Tusken Buorren en Ulbe Twijnstrawei-east). Sûnt ûngefear 1850 bestiet ek de folksnamme 'Kuperskampke' dat efter de herberch 'Het wapen van Zevenwouden' besuden fan de Trigreppel lei. Yn 1837 waard de herberch ferkocht: By persiel 1 fan de keapakte stiet omskreaun: "Een stukje weiland 'De Stripe' genaamd, 3 pm. groot”. Yn 1941 keapet Sjoerd Kuiper de herberch mei de Stripe, dy't letter de namme Kuperskampke krige. Dy namme is yn it ferjitboek rekke sûnt dêr huzen op boud binne. Adam Hurdriderstrjitte - De Adam Hurdriderstrjitte is ien fan de lêst oanleine strjitten fan it Himmen-plan yn Akkrum Noard. Adam (Hurdrider) de Boer (Akkrum 1721 – Dearsum 1800) wie in ferneamd reedrider dy't berne is op de pleats dêr't yn 2022 Greijdanus wennet, efter Coopersburg. "Akkrumerdyk" - sa't Akkrumers de dyk nei Aldeboarn de 'Boarnsterdyk' neame, neame de Boarnsters de dyk nei Akkrum de 'Akkrumerdyk'. En dat is ek sa mei de dyk nei Terherne. De Terhernsters neame de dyk nei Akkrum de 'Akkrumerdyk', de Akkrumers neame it de 'Terhernsterdyk'. Alde Rykswei - De Alde Rykswei rint hast bylâns de A32 en it spoar fan Ljouwert nei It Hearrenfean. De dyk begjint ûnder it fiadukt ‘De Stringen’ en rint oant it fiadukt ‘Sydhuzen’. De Ald Rykswei is in diel fan de eardere Ryks(strjit)wei 32. Aldskou - wei by de brêge fan Aldskou.
B thumb|Buorren It Bjinstap - yn de wyk Boarnstee-Súd. By in bjinstap oan it wetter waarden amers, dweilen en oar guod útspield. Boarnsterdyk - De Boarnsterdyk is foar it meastepart oanlein op de Nije Slachte en it wie eartiids in modderdyk, dy't fan de Kleef yn Akkrum nei Aldeboarn rûn. Op in pear stikjes nei rint de dyk bylâns de Boarn. Oant ein 18e iuw waard de dyk oanjûn as púndyk en om 1830 as in 'grintwei'. Yn 1864 waard de dyk ferhurde mei makadam-stienslach en wurdt sprutsen oer in 'keunstwei'. It stik yn Akkrum wie wyls mei klinkerts befluorre. Nei de Twadde Wrâldoarloch waard de dyk asfaltearre, mar de dyk wie al degradearre ta fytspaad en it lytse ferkear, omdat hast parallel der njonken yn de tritiger jierren in nije ferkearsdyk nei Aldeboarn oanlein wie. sjoch ek: Akkrumerdyk. Boarnsterdyk Tsienhuzen - folksnamme De Boarnswâl - Yn in belestingberekkening út 1688 oer it útdjipjen fan de Trigreppel stiet in pear kear: “wegens zijn huys aan de Boornswal”. Ek by reparaasjes oan de Wide Steech en de Smelle Brêge komt de namme Boarnswâl foar. Yn 1955 is de Boarnswâl yn twaën ferdield; it westlike diel fan de Smelle Brêge krige de namme fan Bûterwâl. De strjitte eastlik fan de brêge bleau Boarnswâl. De steechjes, dy't eartiids op de Boarnswâl útrûnen, binne mei de sanearring fan it doarp opromme. Der koe fan de Smelle Brêge nei it Brêgegat in nije dyk oanlein wurde, dy't yn 1955 de namme “Boarnswâl” krige. Boerepaad - fan de Trigreppel nei de Ulbe Twijnstrawei en kin sjoen wurde as in fuortsetting fan de Boerestege. Foarhinne rûn hjir in paad del foar de boeren, dy't lân yn de polder hiene. Boerestege - De Boerestege is it fan de âldste stikjes fan Akkrum. De stege rint fan de Dringelstrjitte nei de Trigreppel en wie yn it ferline eigendom en yn ûnderhâld by de tsjerke. De boeren koene "oer it Set” yn de polder kommme, dêr't ek de Pastorielannen en 'Buerefienne' leine. Yn 1688 at de Trigreppel baggele wurdt, skriuwt de skoalmaster Isaack Tiberri, dy't de belesting opmakke, al Boerefenne”. Mar yn 1733, at it wer oan baggeljen ta is, brûkt de man wer 'Buurefenne en Buurzet'. De namme Boerestege hat sûnder mis mei de eardere Buerefenne” te krijen en hinget gear mei de Buorren. De Boerestege rint fan de Dringelstrjitte oant it brechje oer de Trigreppel. Der steane mar in pear huzen oan ien kant fan de Boerestege. Oan de oare kant stiet de sydgevel fan de Lantearne en in hok dat oan de tún fan de Lantearne grinzet. Bokkumer Omwei - oanlein nei it ree kommen fan de wyk Boarnstee en de Boarn omlein is. De dyk rint fan Goattum en Burstum nei Akkrum, fan de Sylroede oant de A32, dan bylâns de A32 tot oan de Boarnsterdyk. It Brêgegat - Yn âlde keapakten wurdt 'Het Bruggegat' neamd. Yn 1699 waard Akkrum by in trochbrek yn twa helten dield, dy 't de oanlis fan de 'De Flapbrugge' needsaaklik makke. De flapbrêge waard letter ferfongen troch in draaibrêge, dat as gefolch hie dat oan wjersiden in gat groeven wurde moast, dêr 't in rail yn kaam foar it ôfdraaien. De fraach is, hat it brêgegat syn namme te tanken oan dy brêgegatten of is der yndie sprake fan in gat yn de betsjutting fan 'trochgong', lykas Sipma yn syn Fryske Nammekunde 2 op side 76 oanjout. Buorren - De buorren binne it diel fan it doarp dêr't de huzen it meast oanien steane, de kearn fan in doarp. Yn de Ald Fryske Oarkunden fan 1320 stiet oer de âlde doarpskearn fan Akkrum: “hwsen ende Steden, lidzende in Ackeremma bwren by da westera syda dat personna hws oen dat hoeff”. Dêrmei sil it Heechein, de Buorren en de Dringelstrjitte bedoeld wurde, yndie de âldste kearn fan it doarp. Destiids waard it stik fan de doarpsstrjitte fan de Kleef nei de Brede Brêge ta de Kleef rekkene, mar letter waard dit ek by de Buorren foege. Yn 1955 hat de nammejouwingskommisje dat oernomd en no rint de Buorren fan de Kleef oant de Doopsgesinde tsjerke. Bûterwâl - It westlik diel fan de Boarnswâl besuden de Boarn. Oant 1852 stie hjir de bûterwaach. Op dit plak oan it wetter stiene eartiids ek tsiis- en bûterpakhuzen. Benammen op tiisdei en freed wie it dêr drok, omdat op dy dagen de boaten en skippen mei skiep, lammen en biggen op de wâl lost waarden, bestimd foar de Akkrumer eksportslachters.
D thumb|Dringelstrjitte Dokter Idzerdastrjitte - nei Wieger Hendrikus Idzerda. De Dokter Idzerdastrjitte is ien fan de lêste strjitten yn de wyk de Himmen/Jimmen om 1988-“89. Dr. Idzerda wie in ôfstudearre dokter, dy't nea in praktyk hân hat. Hy wie mear in hannelsman en dêrnei politikus. (1816 – 1881). Hy hat der mei foar soarge dat it spoar fan Ljouwert nei it suden komd is. Dringelstrjitte - De huzen oan de Dringelstrjitte steane op de râne fan de tsjerketerp en binne eins ûnderdiel fan de 'ring' dy't destiids om it tsjerkhôf lei. Oan de kant fan de strjitte wie dy ring skaat troch in saneamde ringmuorre, mar fieders leine tsjerke en toer yn in brede krânse fan esken- en iperenbeammen, sa't bliken docht út de notysjes fan in tsjerkeboek oer de opbringst fan houtferkeapen. Yn 1793 wurdt de ringmmuorre ôfbrutsen en ferfongen troch in hulsthage (“die niet wassen wilde”) mei “stenen palen en ijzeren leunings om ’t kerkhof”. Yn it lêst fan de 19e iuw waard in izeren stek om it tsjerkhôf setten, dat it útholden hat oant de Twadde Wrâldoarloch. Oan de útein fan de Dringelstrjitte stiene njonken de tsjerke en de toer ek oare eigendommen fan de tsjerke: de pastorij, de skoalle en de rjochtkeamer (yn it tsjerkeboek “het weerhuis” neamd). It rjochthûs waard yn 1757 ôfbrutsen en de skoalle gie yn 1851 oer naar de gemeente, d.w.s. nei it doarp Akkrum. Doarpsdichter Willem Johannes Koopmans beweart, dat de namme Dringelstrjitte ûntstien is út “De Ringelstrjitte” en dat liket ek Van der Molen wol oannimlik. F.J. de Zee bringt it yn syn ynstjoerde stik yn ferbân mei it rjochthûs dêr: 'dinge' of 'dyngen' (= rjochtsprekke) en de rjochter waard 'dinger' of 'dynger' neamd, mar, seit hy, yn 1730 skriuwt men wer “Dringelstrjitte” mei de Trigreppel op de súdkant. Dwerspaad - besuden fan de Trigreppel, dat de ferbining foarmet tusken Sinnebuorren en de Ulbe Twijnstrawei.
F Folkert Kupersstrjitte - Folkert Kuipers wie in man dy't yn Amerika miljonêr waard en út begrutsjen mei de earmen yn Akkrum Coopersburg bouwe liet. Feansterdyk - de âlde Ryksstrjitwei fan Ljouwert nei It Hearrenfean Filiaalstege - sjoch: Smidsstege It Finlân - strjitte yn de Himmen, it gebiet bestie foar de bebouwing út greide. In finne is greide dy't komselden meand wurdt Finkebuorren - In âld buertsje. Yn 1880 komt buorkerij nr.16 fan it Floreenkohier yn oare hannen en wurdt de terp ferkocht oan in Walma, dy't de terp ôfgrave liet. Allinnich it foarhûs bleau stean en stiet der noch. Dat ôfgraven fan de terp hie as gefolch dat it leechste diel winterdeis ûnder wetter kaam te stean en de namme 'Walma’s dobbe' krige. De bettere wetterôffier en it legere wetterpeil hawwe soarge dat de dobbe ferdwûn. Walma liet hjir efkes nei 1900 huzen sette, dêr wie doe yn Akkrum in soad ferlet fan. Sa ûntstie besuden fan de Trigreppel in nije buert, dy 't de namme Vinkeburen of Vinkebuurt krige, mar offisjeel yn 1955 Finkebuorren kaam te hjitten. De namme sil te krijen ha mei in fûgel, mar neffens Kalma mear mei 'finne' yn de bestjutting fan 'greide', of ek wol 'leech lân'.
G G.S. de Ruiterstrjitte - G.S. Ruiter hie in reedfabryk yn Akkrum. Galemaleane - Doe't Akkrum yn 1868 te krijen krige mei de oanlis fan it spoar Ljouwert-Swol waard de strjitte der hinne Stasjonswei neamd. De strjitte rint oer it hiem en lannen fan de eardere Blinkstra- of Galamastate. Yn 1470 kaam Douwe Galama fan Koudum op de stins; in efterpakesizzer, Wyts fan Galama troude mei Jonker Leendert Huygis en sa stiet op de kaart fan Schotanus (1693), ”Jr. Huygis de Hopmans”. At dy yn 1622 stjert, lit syn soan de stins ôfbrekke en lit dêr dan twa pleatsen sette, dy't ûnder de nûmers 6,7 en 8 in 1640 yn it stimkohier opnomd wurde. It Gearstalt - earder ek de gebrûksnamme de Opslach en yn de folksmûle Los- en Laadwâl. De Opslach lei(t) tsjin it spoar, by de spoarbrêge. Eartiids wie der in skiphûs foar de tûnepream fan de gemeente Utingeradiel. Der waard guod opslein en der wie in los- en laadplak foar ûnder oare de tsizen fan Van Woerden. It wie in lisplak foar boaten dy't wachtsje moasten foar de spoarbrêge. Sinterklaas wurdt hjir ek al hiel lang ûntfong. Nei in priisfraach fan Pleatslik Belang Akkrum-Nes waard de namme 'It Gearstalt', betocht troch frou Betty Zonneveld. De namme ‘Gearstalt’ jildt foar beide siden fan de spoarbrêge. Nei de komst fan de nije spoarbrêge en ûndertrochgong fan de autowei (2007) wurdt ek wol sprutsen fan ”De Bûlevard”. Griene Eker - strjitte foar it begraafplak oer, bylâns de Boarnsterdyk. Hjir kamen, tagelyk mei dy fan de Túntsjes, yn 1917 de earste huzen oan de Boarnsterdyk tusken it molkfabryk en Nes. Grytmanswei in grytman wie de eartiids in soarte boargemaster. Yn 1930 kocht de Gemeente Utingeradiel it kapitale wenhûs oan de Stasjonswei foar it stasjon oer om it as gemeentehûs te brûken. Troch de tún waard in dyk oanlein nei de Feansterdyk, dy't de namme Raadhuisstraat jûn waard. Foarhinne wenne de boargemaster noch yn Aldeboarn, mar yn 1959 stimde de ried, dat Akkrum as sintraal plak de residinsje wurde moast en waard op de hoeke fan de Raadhuisstraat en de Feansterdyk in hûs foar de earste boarger fan de gemeente boud. Van der Molen seit yn syn publikaasje fan 1957 (Fr. Plaatsnamen side 10): De boargemaster krijt straks syn wenning op de hoeke fan dizze strjitte en giet der dus alle dagen del nei en fan syn wurk yn it gemeentehûs”. It waard dêrom yn 1955 'Grytmanswei'.
H thumb|Heechein Heechein - It hegere stik dyk fan Akkrum dat oer de terp rint. Tusken de Buorren en de Ljouwerterdyk en leit krektas de Dringelstrjitte oan de râne fan de tsjerketerp en is oanlein op de âlde Slachte. Hjir sille yn it begjin fan de delsetting tusken pleatsen al huzen boud wêze. Yn 1489 is sprake fan “hwsen ende steden, lidszende in Ackeremmabwren” en dêr sil grif ek it Heechein bedoeld wurde. It Heechein wie letter it plak dêr't de hearehuzen fan de keaplju en de notabelen boud waarden. Heechfinne - It lân lei hjir wat heger as de oanlizzende stikken lân. It Hiemstee - nije strjitte yn Akkrum-East. De huzen dy't hjir boud binne, steane op in hiem fan de buorkerij dy 't as nr.5 yn it Floreenkohier opnomd wie en ôfbrutsen wurde moast.