thumb|right|Lyts Sân De Strjitten yn Snits

A Aalscholverleane - Nederlânske namme foar ielgoes Afkelânsdyk - lâns in stik lân dat fan in 'Afke' west hat. Age Piersstrjitte - Age Piers, Snitser fan oansjen út de 15e iuw. Liet faak hearre dat hy de dei net hoopte te belibjen dat der frjemde hearen de baas wienen. Dat kaam ek út, hy stoar eardat de hartoch Albert fan Saksen mei syn soan yn 1499 troch de Snitsers ferwolkomd waarden. Akkerwinde - Nederlânske namme foar plantenamme nôtklimmer Albardastrjitte - op it stee fan C&A stie eartiids it ± 1618 boude Albardashûs (ek: 't Hooghuis') fan de famylje Albarda/Albada. It hûs mei achtkante toer is tusken 1730-1740 ôfbrutsen. Albertine Agnesstrjitte - Albertine Agnes (1634 - 1696 ), dochter fan Freark Hindrik en Amalia fan Solms en troud mei steedhâlder Willem Freark. Alddyk - in âlde dyk Alde Dyk - troch de stêd rinnende âlde himdyk. Alde Himdyk - de Himdyk. Alde Ie - Ofwettering dy't yn ferbining stie mei de Frjentsjerter Feart en útrûn yn de Geau. Alde Komerk - Alde Toppenhústerwei - de wei nei Toppenhuzen. Aldfeart - nei it wetter Snitser Aldfeart. Ald Tsjerkhôf - oant 1827 it begraafplak om de tsjerke. Alexanderstrjitte - kroanprins Willem Alexander, berne op 27 april 1967. Alidasteech - nei in famkesnamme Almastrjitte - Dirk Alma wie fan 1885 - 1906 boargemaster fan Snits. Amaliastrjitte - Amalia fan Solms wie boaske mei Freark Hindrik. Anjelierstrjitte - nei de plant anjer of anjelier. Ankerpaad - it anker as skipsûnderdiel Anna Paulownastrjitte - Anna Paulowna, (1795 - 1865), wie grutfoarstinne fan Ruslân. Har heit Paul I Petroitsj en letter har broer Aleksander wienen tsaren fan Ruslân. Se wie troud mei kening Willem II. It pear wenne yn De Haach, earst yn paleis Lange Voorhout, letter yn it paleis oan de Kneuterdyk. Har âldste soan Willem is de lettere kening Willem III. Apolloflinter - Apolloflinter is in flintersoarte. Arkumerhimstrjitte - nei de Arkumerhim fan it buorskip Arkum. Atalanta - de atalanta as flintersoarte Ath Bonninghaleane - Ath Broersdochter Bonningha en har man Tsjomme Oenes Wiarda wienen rikelju. Se stiften yn 1463 op harren besitting de Sytsingawier it Tertsiarissekleaster Oliifberch. Aurelia - aureliaflinter

B Bacchante - flintersoarte bacchante. Badhûsgrêft - oan de strjitte steie earder it badhûs. Balthuskade - hjir wenne eartiids blokmakker Balthus. Barchjeblom - nei de wetterplant barchjeblom. Barrewier - Barrewier is in terp. Hjir waard yn 1823 it Joadske begraafplak oanlein dat no yn it boargemaster De Hooppark leit. Beatrixstrjitte - Keninginne Beatrix (* 31 jannewaris 1938, Paleis Soestdijk) wie de keninginne fan Nederlân fan 1980 oant 2013. Bellstrjitte - Bell (1847 - 1931) is de útfiner fan de telefoan. Biesketoersteech - hjir foaroer wie de Biesketoer as ûnderdiel fan de ferdigeningswurken Binnenroede - diel fan in mûnewjuk Bjirkeleane - nei de bjirk as beam Blomstrjitte - Boalserterbaan - brede dyk nei de stêd Boalsert. Boalserterwei - dyk nei de stêd Boalsert. Boargemaster de Hooppark - Pieter J. de Hoop wie boargemaster fan Snits fan 1907-1937. Boarndjip - wetternamme Boarndjip Boechspriet - skipsûnderdiel Boeierstrjitte - boeier as skipstype dat oan de kanten 'opboeid'is. Boetsstrjitte - bûtsen is in wize fan opslaan by it keatsen. Bonkelder - ûnderdiel fan it draaimegniske yn in mûne. Bonserdyk - nei it buorskip Bûns, west fan de Alde Himdyk Boomkensdjip - wetternamme Boomkensdjip Boppe-as - as dêr't de mûnewjukken oan fêst sitte. Boppeslach - Keatsslach oer de rjochtstreeks útline Bordine - Bordine wie de namme foar de noardlike diel fan de Middelsee. Boskgrêft - oan de stedsgrêft lei yn de 19e iuw in parkje. Dit Bosk wie yn 1810 oanlein op it destiidske keatslân fan de stêd. Hjir dwers trochhinne waard yn 1843 de Lemmerstrjitwei oanlein. Op de oerbliuwende grûn waarden de arbeidershúskes fan de 'Boschbuurt' boud dy't yn de sechtiger jierren ôfbrutsen binne. Boskplein - nei it 19e-iuwske park. Bosstrjitte - nei Dr. Bos Bothniakade - Duco fan Bothnia wie grytman fan Wymbritseradiel yn de 17e iuw. Bottinge - bottinge wie in soarte belesting. In rûntrekkende lânhear hie it rjocht fan herberch foar himsels en syn gefolch. Breedyk - diel fan it âlde binnenpaad nei Ysbrechtum Breewiid - wetternamme Breewiid Brouwersteech - nei in eigennamme of it berop fan bierbrouwer. Bûtenroede - diel fan in mûnewjuk Bûterblom - de bûterblom is in wylde plant Bûtlân - stik boezemlân

C Charlotte de Bourbonstrjitte - Charlotte de Bourbon (1546 - 1582) troude yn 1575 mei prins Willem I fan Oranje en waard sa syn tredde frou. Christiaan Schotanusstrjitte - Christiaan Schotanus (Skingen, 1603 - Frjentsjer, 1671 ) wie heechlearaar yn Frjentsjer yn it Gryksk en yn de tsjerkeskiednis. Skreaun in soad histoaryske boeken. Cornelis Kanstrjitte - Cornelius Kempiusstrjitte - Cornelis Kempius,(1520 - Dokkum, oktober 1589) wie riedsman fan biskop Knijff (1568) yn Grins. Hy spile as warber katolyk en tsjinner fan de Spaanske kening in rol by it ferrie fan Rennenberg. Hat ek oan skiedskriuwing dien. Corneliusstrjitte - Andreas Cornelius fan Starum wie in bysûndere en belêzen man. Yn syn frije tiid die er in soad letterkundich wurk. Hy ferstoarn yn 1589 yn Harns.

D Dames Masselinkstrjitte - De Bourbonstrjitte - De Colignystrjitte - De Daam - tagongsweei fan de stedsrûnwei De Eker - stik lân De Fang - Iepen ring mei segmintfoarmich útsage stikken hout, dy't rûnom it fangtsjil slute kin, sadat de gong fan de mole stuite wurdt. De Hikken - ûnderdielen fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen. De Hoppen - wetternamme. De Kalkovens - Yn Kalkûnen waarden skulpen ferbaarnd om kalk te winnen. De Kamp - stik lân De Kape - Boppeste, meast draaiber, part fan de mole. De Kemphaan - Nederlânske namme foar hoants. De Leien - wetternamme. De Lizzer - ûnderste molestien yn in mole. De Loper - boppeste molestien yn in mole. De Miede - De Opper - heabultsje De Pôle - stik lân De Rietgors - De Ruter - tal peallen om it gers op te drûgjen De Schilkampen - De Seine - in seine om gers te meanen. De Strikel - ark strikel om in seine te skerpjen. De Terp - strjitte dy't op in eardere terp leit De Tureluur - De Weide - stik greide De Wjukken - dielen fan in mole. Deeklân - Deipauëch - de flinter deipauëach Dekamaleane - It oer hiel Fryslân ferspraat wenjende geslacht Dekema hie oan de Merkstrjitte harren Decama- of Gruitersmastins, dy't yn 1633 ôfbrutsen waard. Al yn 1610 hie Sicco fan Dekama in fersyk ta ôfbraak yntsjinne, dat doe troch it stedsbestjoer ôfwiisd waard. De stins wie lykwols sa brekfallich dat hy sa'n tweintich jier letter dochs ôfbrutsen waard. Dick Brouwerstrjitte - Dimpte Poartesilen - eartiids Pottersilen, nei alle gedachten in eigennamme. De silen moasten yn de 13e iuw oanlein wurde omdat de Himdyk op twa plakken trochsnien waard. Dimpte Pôle - in pôle yn in stik grûn mids it wetter. Dit wie ien fan de earste stikken fan de earste stedsgrêft en rûn fan de dimpte Poartesilen en de singel nei it Heechein. Distelvlinder - Nederlânske namme foar stikelflinter Dompleane - In 'domp' is in âlde namme foar dûker. De Domp is de wetterkearing op de krusing Snitser Aldfeart en de Griene Dyk. Douwe Hansmastrjitte - Douwe Hansma (1812-1891), Fryske skriuwer en skilder fan ynterieurs, stillibbens en portretten. Yn 1841 rjochte hy it Frysk Selskip op. Wie jierrenklang foarsitter fan de Krite Snits. Dryltserkade - rjochting Drylts. Dr. Boumawei - oant 1943 Stasjonswei, wat betizing joech mei de Stasjonsstrjitte. Dokter Bouma wie om 1900 hinne hûsarts yn Snits, en wenne yn it pân dêr't no de yngong fan de bibleteek is, oan de Wide Noarderherne. Dr. Bouma wie in kundich sjirurch, dy't thús operearde en ek pasjinten opnaam. Hat him tige ynset foar de stifting fan it sikehûs. Dr Kuyperleane - Dr. Abraham Kuyper, (1837-1920) wie lieder fan de Anti-Revolúsjonêre partij en Twadde en Earste keamerlid. Wie fan 1901 - 1905 minister en yn 1908 Minister fan Steat. De Vrije Universiteit fan Amsterdam is syn libbenswurk. Dr Willem Dreesstrjitte nei minister presidint Willem Drees. Drakestrjitte - skipstype draak Dûker -

E Earrebarreleane - Earrebarre. Easterdyk - eastlik diel fan de Himdyk. 1e Easterkade - oan de eastkant fan Snits lizzende haven 2e Easterkade - oan de eastkant fan Snits lizzende haven Easterom - Easthimwei - nei de him by it doarp Easthim Eastwei - wei yn it easten Edisonstrjitte - Edo Jongamastrjitte - Edo Jongama wie in Skieringer haadling út de 16e iuw. De troch him skreaune kronyk is letter ferlern gien. Eeltsje Halbertsmastrjitte - Fryske skriuwer en dokter Eeltsje Halbertsma wie ien fan de Bruorren Halbertsma fan Grou.. Eeltsjebaaswei - Eeltjebaas. Eenheid - bouferiening eenheid liet de huzen fan dizze strjitte sette. Eesterzijlstrjitte - Iestersyl. Eikenlaan - nei de Nederlânske namme foar ikebeam Einsteinstrjitte - Albert Einstein wie de grûnlizzer fan de relativiteitsteory. Elisabethleane - kleaster Oliifberch by Snits wie wijd oan St. Elisabeth. Emmastrjitte - nei keninginne Emma fan Nederlân Ernst Casimirstrjitte - Ernst Casimir (Dillenburch, 22 febrewaris 1573 - Roermond 2 juny 1632 ) is de stamheit fan de Fryske Nassaus. Hy folge yn 1620 syn broer Willem Loadewyk op as steedhâlder fan Fryslân. Nei it ferstjerren fan prins Maurits yn 1625 waard hy ek steedhâlder fan Grinslân en Drinte. Ernst Casimir sneuvele yn 1632 by de bekende fjildtocht fan Freark Hindrik lâns de Maas. Eskdoarnleane - eskdoarn as beam

F Falkstrjitte - skipstype falk. Famylje Leverstrjitte - Fan Anhalt Dessaustrjitte - Henriëtte Amalia fan Anhalt-Dessau, wie regintesse yn Fryslân fan 1696-1707. Fan Brunswijkstrjitte - Fan Giffenstrjitte - David Flud fan Giffen wie fan 1681-1688 predikant en gelearde yn Snits. Hy hearde ta de groep fan de Coccejanen en stried tsjin deade rjochtsinnichheid. By it hof wie hy in dierber preker fan de godsillichheid. Fan Hessen Kasselstrjitte - Maria Louise fan Hessen-Kassel, (Kassel, 7 febrewaris 1688 - Ljouwert, 9 april 1765) mei de bynamme 'Marijke Meu' of 'Marijke Muoi', wie de dochter fan Karel Loadewyk en Maria Anna. Omdat hja yn Fryslân tige populêr wie, waard se ek wol 'Muoi' of 'Meu'. neamd. Fan Hogendorpstrjitte - Fan Schouwenburgstrjitte - greve Joast fan Schouwenburch wie ein 16e iuw steedhâlder fan Fryslân Fearn - lingtemaat fan 0,172 meter Fesperstrjitte - ferwiist nei it Janiterkleaster by Snits, op it plak fan de algemiene begraafplak, yn de folksnamme it Hospitaal neamd. Fiem - lingtemjitte as ôfstân tusken de fingerseinen fan de mulfinger by de earms wiidút. De fiem kin ûngelyk fan lingte wêze, sa binne der bygelyks ek Amsterdamse of Rynlânske fiemen. Fjoerflinter - fjoerflinter Flystream - Flystream as wetternamme Flitsstrjitte - type jeugdsylboat flits Foarline - keatsterm Foarseam - ûnderdiel fan de molewjuk, bedoeld om wyn te fangen. Foet - âlde lingtemaat, benammen brûkt troch timmerlju, skipsbouwers en seelju. In Amsterdamske foet is 0,283 m., in Rynlânske 0,308 m. Folsgearsterhimstrjitte - nei de Folsgearsterhim by Folsgeare. Fonteinkrûd - Nederlânske namme foar bearzerûch Freark Hindrikstrjitte - Freark Hindrik (1584-1647) wie de soan fan prins Willem I fan Oranje en Louise de Coligny en wie steedhâlder fan Hollân, Seelân Utert, Gelderlân en Oerisel fan 1625 - 1647. Boppedat wie hy kapitein-generaal fan it leger en admiraal-generaal fan de float. By de striid tsjin Spanje yn de Tachtichjierrige oarloch helle hy safolle súksessen dat er de Stedetwinger neamd waard. Mei syn dynastike ambysjes rôp er by de Amsterdamske reginten argewaasje op, trochdat hy him profilearre as monarch ynstee fan as tsjinner fan de gewestlike Steaten. Frieswykstrjitte - de famylje Frieswijk levere yn de 17e en 18e iuw in tal Snitser pommeranten as boargemasters en sekretarissen.