thumb|right|Maximiliaan I troch Albrecht Dürer Maksimiliaan I (Wiener Neustadt, 22 maart 1459 – Wels, 12 jannewaris 1519) wie keizer fan it Hillige Roomske Ryk. Omdat er aartshartoch fan Eastenryk wie, waard er ek Maksimiliaan I fan Eastenryk neamd.

Biografy Maximiliaan waard yn Wiener Neustadt as soan fan keizer Freark III berne. Yn augustus 1477 boaske hy mei Maria fan Boergonje, de dochter fan Karel de Stoute en erfgenamte fan Boergonje. It pear krige twa bern:

Filips de Skiene (22 juny 1478 - 25 septimber 1506), boaske mei Jehanna fan Kastylje Margareta fan Eastenryk (10 jannewaris 1480 - 1 desimber 1530), boaske mei Filibert II fan Savoaie

Troch syn houlik waard Maksimiliaan nei it iere ferstjerren fan Maria yn 1482 de feitlike machthawwer oer de Nederlannen en de Franche-Comté, as regint foar syn fjouwerjierrige soantsje Filips. Yn 1486 waard hy keazen as kening fan Rome en sân jier letter, yn 1493, as keizer fan it Hillige Roomske Ryk. De stêdelingen fan Brugge setten him yn 1488 in harren striid om autonomy finzen yn de stêd.

Yn 1494 foel it Frânske leger, ûnder befel fan kening Karel VIII, Itaalje binnen, wat late ta de Italjaanse Oarloch fan 1494 - 1498, de earste fan de Italjaanske Oarloggen. Dy koenen pas nei syn dea, yn 1525, troch de Slach by Pavia by de Italjaanse Oarloch fan 1521 - 1526 troch it ryk wûn wurde.

Maksimiliaan syn soan Filips waard yn 1494 mearderjierrich ferklearre en naam dêrnei persoanlik de lieding, wêrtroch it regintskip fan Maksimiliaan ferfoel. Nei it ferstjerren fan Filips yn 1506 gienen de Nederlannen en de Franche-Comté nei syn seisjierrige soantsje Karel. Oant 1515 stie Karel ûnder fâdij fan syn pake Maksimiliaan. Dizze hie it lykwols te drok mei syn oare regeartaken en militêre kampanjes en hy liet him, mei ynstimming fan de Steaten-Generaal fan de Nederlannen, yn de Nederlannen ferfange troch syn dochter Margareta fan Eastenryk, dy't dêrmei de earste lânfâdesse fan de Nederlannen waard. Dizze funksje soe ek ûnder Karel en syn opfolgers bestean bliuwe.

Om de tanimmende druk te ferminderjen dy't ûntstien wie troch ferdraggen ôfsluten tusken de hearskers fan Frankryk, Poalen, Hongarije, Bohemen en Ruslân, hie Maksimiliaan in july 1515 yn Wenen oerlis mei kening Wladislaus II fan Hongarije en Bohemen, en mei dy syn broer Sigismund I fan Poalen. It dêr ôfsprutsen dûbelhoulik (de Wiener Doppelhochzeit) tusken twa pakesizzers fan Maksimiliaan (Ferdinand en Maria) en de ienige bern fan Wladislaus (Anna fan Bohemen en Loadewyk II fan Hongarije) soargen derfoar dat alve jier letter ek Hongarije en Bohemen tafoelen oan it Hûs Habsburch.

Ferstjerren Maksimiliaan stoar yn 1519 yn de sted Wels yn Opper-Eastenryk. Foar syn grêfmonumint yn de Hoftsjerke yn Innsbruck hie hy opdracht jûn om 40 libbensgrutte brûnzen stânbylden jitte te litten, dêrfan binne mar 28 ea foltôge. Hy waard as keizer opfolge troch syn pakesizzer Karel V. Syn eigen soan Filips de Moaie wie ommers al ferstoarn yn 1506.

Kategory:Keizer fan it Hillige Roomske Ryk Kategory:Kening fan Dútslân Kategory:Aartshartoch fan Eastenryk Kategory:Hartoch fan Stiermarken Kategory:Hartoch fan Karinsje Kategory:Hartoch fan Boergonje Kategory:Hartoch fan Brabân Kategory:Hartoch fan Limburch Kategory:Hartoch fan Lúksemboarch Kategory:Hartoch fan Gelre Kategory:Greve fan Tiroal Kategory:Greve fan Hollân Kategory:Greve fan Seelân Kategory:Greve fan Henegouwen Kategory:Greve fan Flaanderen Kategory:Greve fan Arteezje Kategory:Greve fan Namen Kategory:Greve fan Sutfen Kategory:Greve fan Boergonje Kategory:Hear fan Mechelen Kategory:Dútsk persoan fan Aragoneesk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Eastenryksk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Frânsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Ingelsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Litousk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Katalaansk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Poalsk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Portegeesk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Russysk komôf Kategory:Dútsk persoan fan Spaansk komôf Kategory:Hûs Habsburch Kategory:Persoan berne yn 1459 Kategory:Persoan stoarn yn 1519