Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren. Foarfallen jannewaris 1 - De Benelúks wurdt oprjochte, besteande út in dûane-uny tusken Nederlân, Belgje en Lúksemboarch. 10 - De Frije sône Triëst komt ûnder tafersjoch fan 'e Feriene Naasjes te stean. 19 - By ferkiezings yn Poalen komme de kommunisten oan 'e macht. febrewaris 8 - De Njoggende Alvestêdetocht wurdt wûn troch Jan W. van der Hoorn yn in tiid fan 10 oeren en 51 minuten. 10 - Yn Parys wurde fredesferdraggen sletten tusken de Alliëarden en de eardere bûnsgenoaten fan nazy-Dútslân: Itaalje, Roemeenje, Bulgarije, Hongarije en Finlân. maart 1 - It Ynternasjonaal Monetêr Fûns set út ein mei syn wurk. 10 - In konferinsje fan 'e Sovjet-Uny, de Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk en Frankryk yn Moskou mislearret as der gjin oerienstimming berikt wurde kin op it mêd fan te sluten fredesferdraggen mei Dútslân en Eastenryk. 12 - De Amerikaanske presidint Harry Truman stelt in nij bûtenlânsk belied foar de Feriene Steaten foar, dat rjochte is op 'e beheining fan 'e fersprieding fan it kommunisme. Dit komt bekend te stean as de Truman-doktrine. april 2 - De Feriene Naasjes skikke de Feriene Steaten it mandaat (koloniaal bewâld) ta oer de eardere Japanske besittings yn 'e Stille Oseaan: de Noardlike Marianen, de Marshalleilannen, Mikroneezje en Palau. 15 - Oprjochting fan 'e Wrâldomrop yn Hilfertsom. 16 - By de nitraatramp fan Texas City komt in lading nitraat oan board fan in frachtskip yn 'e haven fan Texas City, yn 'e Amerikaanske steat Teksas, ta ûntploffing. Der komme mear as 581 minsken om, wêrûnder op ien man nei de hiele brânwacht fan 'e stêd. 18 - Yn Tsjechoslowakije wurdt de kollaborateur Jozef Tiso, de eardere presidint fan 'e Dútske fazalsteat Slowakije, terjochtsteld. 28-7 augustus - De Noarske antropolooch Thor Heyerdahl, Knut Haugland, Herman Watzinger, Bengt Dannielson, Erik Hesselberg en Torstein Raaby sile mei it selsboude flot de Kon-Tiki fan Perû nei Frânsk-Polyneezje om te bewizen dat it mooglik is dat lju út Súd-Amearika yn pre-kolumbiaanske tiden Polyneezje kolonisearre hawwe. juny 3 - Lord Mountbatten, de ûnderkening fan Britsk-Ynje, komt mei it plan op 'e lapen om 'e koloanje op te spjalten yn in hindoesteat, Yndia, en in moslimsteat, Pakistan. 4 - Yn in taspraak op 'e Universiteit fan Harvard oppenearret de Amerikaanske minister fan Bûtenlânske Saken George Marshall it plan om Europa struktureel en op grutte skaal finansjele help te bieden by de weropbou nei de Twadde Wrâldkriich. Dit plan komt bekend te stean as it Marshallplan. 25 - Yn Amsterdam wurdt Het Achterhuis publisearre, it deiboek fan it Joadske famke Anne Frank. july 21-5 augustus - Nederlân komt yn Nederlânsk-Ynje militêr fanwegen tsjin Yndonezyske ûnôfhinklikheidsstriders yn 'e Earste Polisjonele Aksje. 30 - Hotze Schuil, Æbe Haima en Frans Helfrich winne yn Frjentsjer de 94ste PC. Hotze Schuil wurdt útroppen ta kening. augustus 14 - Pakistan wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 15 - Yndia wurdt ûnôfhinklik fan it Feriene Keninkryk. 23 - Yn Bulgarije wurdt opposysjelieder Nikola Petkov, de foaroanman fan 'e Boerepartij, nei in showproses troch de kommunisten terjochtsteld. 31 - By ferkiezings yn Hongarije komme de kommunisten oan 'e macht. septimber 13 - De Yndiaaske premier Jawaharlal Nehru stelt foar om mei Pakistan 4 miljoen moslims 'te ruiljen' foar 4 miljoen hindoes en sikhs. By dy (tige gewelddiedich ferrinnende) befolkingsruil sille oant 31 desimber o.s. mear as 250.000 minsken de dea fine. 19 - Oprjochting fan de Nederlânske Ierdoalje Maatskippij (NAM). oktober 1 - Yn Nederlân wurdt de needwet Aderdomsfoarsjenning ynfierd troch minister Willem Drees. 10 - De Fryske dichter Obe Postma wint as earste de Gysbert Japicxpriis. 14 - Boppe de Mojave-woastyn yn Kalifornje trochbrekt de Amerikaanske piloat Charles E. Yaeger yn syn strieljager fan it type Bell XS-1 foar it earst de lûdsbarriêre. 20 - Begjin fan 'e Twadde Reade Panyk yn 'e Feriene Steaten. It Komitee oangeande Unamerikaanske Aktiviteiten fan it Hûs fan Offurdigen (HUAC) stelt harksittings yn om 'e fermiende ynfiltraasje fan 'e filmyndustry fan Hollywood troch kommunisten te ûndersykjen. 22 - De Earste Yndiaask-Pakistaanske Oarloch brekt út oer de Kwestje-Kasjmier. 26 - Anneksaasje fan Kasjmier troch Yndia. Dit bart tsjin 'e wil fan 'e befolking, dy't foar it oergrutte part út moslims en bestiet en by Pakistan hearre wol. 30 - Yn Genève wurdt troch 23 lannen de Algemiene Oerienkomst oangeande Tariven en Hannel (GATT) ûndertekene. novimber 5 - De Hongaarske opposysjelieder Zóltan Pfeiffer en de Poalske fise-premier Stanisław Mikołajczyk nimme de wyk nei West-Europa. 6 - De Nederlânske Twadde Keamer beslút om in Parlemintêre enkête nei it regearingsbelied yn de Twadde Wrâldkriich te hâlden. 11 - Yn Roemeenje wurdt Iuliu Maniu, de lieder fan 'e Boerepartij, feroardiele ta libbenslange finzenisstraf. 17 - De transistor wurdt útfûn troch John Bardeen, Walter Brattain en William Shockley. 26 - De Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes kart it plan goed om it mandaatgebiet Palestina op te spjalten yn in Joadske en in Arabyske steat. 30 - Kening Michael fan Roemeenje wurdt troch de kommunisten twongen en doch ôfstân fan 'e troan. It lân wurdt omfoarme ta de Folksrepublyk Roemeenje. 30 - De Boargeroarloch yn Palestina tusken Joaden en Arabieren brekt út. desimber 9 - Nederlânske troepen rjochtsje yn it ramt fan 'e Polisjonele Aksjes op Java, yn Nederlânsk-Ynje, it Bloedbad fan Rawagede oan, wêrby't 431 boargers fermoarde wurde. 15 - It Saarlân wurdt losmakke fan 'e rest fan Dútslân. It wurdt in Frânsk protektoraat, it Protektoraat Saarlân.
Berne jannewaris 1 - Klaas Hendrikse, Nederlânsk predikant († 2018) 8 - David Bowie, Ingelsk sjonger, songwriter en akteur († 2016) 11 - Carry Geijssen, Nederlânsk reedrydster 17 - Joanna David Ingelsk aktrise 23 - Hans Vlek, Nederlânsk dichter († 2016) 27 - D.C. Lewis, Nederlânsk sjonger (v 2000) 29 - Gerrit Jan Polderman, Nederlânsk politikus († 2017) 31 - Jonathan Banks, Amerikaansk akteur febrewaris 2 - Farrah Fawcett, Amerikaansk aktrise († 2009) 3 - Koos Alberts, Nederlânsk sjonger († 2018) 3 - Maurizio Micheli, Italjaansk akteur 4 - Dan Quayle, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten 18 - Christina fan de Nederlannen, Nederlânsk prinsesse († 2019) maart 1 - Alan Thicke, Kanadeesk akteur en presintator († 2016) 6 - Dick Fosbury, Amerikaansk atleet († 2023) 15 - Ry Cooder, Amerikaansk muzikant 24 - Piet Hoekstra, Frysk hurdfytser april 12 - Tom Clancy, Amerikaansk skriuwer († 2013) 15 - Peter Tuinman, Frysk akteur 16 - Gerry Rafferty, Skotsk sjonger († 2011) 25 - Johan Cruijff, Nederlânsk fuotballer en fuotbaltrener († 2016) 26 - Warren Clarke, Ingelsk akteur († 2014) maaie 1 - Sietske de Jong, Frysk skriuwster 2 - Alfons Dölle, Nederlânsk rjochtsgelearde en kollumnist († 2012) 16 - Darrell Sweet Skotsk drummer († 1999) 19 - Oebele Vries, Frysk skiedkundige en publisist juny 1 - Ron Wood, Ingelsk muzikant 3 - John Dykstra, Amerikaansk special effects-technikus 6 - Bennie Huisman, Frysk sjonger-ferteller, muzikant en skriuwer 19 - Salman Rushdie, Yndiaask-Britsk skriuwer 22 - John Wright, Ingelsk sjonger († 2008) 22 - Jerry Rawlings, presidint fan Gana († 2020) 24 - Wobbe van Seijen, Frysk ûndernimmer en muzykprodusint july 8 - Peter Tetteroo, Nederlânsks muzikant († 2002) 9 - Jerney Kaagman, Nederlânsk sjongeres († 2026) 11 - Piter Boersma, Frysk skriuwer 17 - Jan Brens, Frysk ûnderwizer en dirigint/saksofonist 19 - Brian May, Ingelsk gitarist 22 - Mihaela Peneș, Roemeensk atlete († 2024) 23 - Gardner Dozois, Amerikaansk skriuwer en redakteur († 2018) 23 - Larry Manetti, Amerikaansk akteur augustus 2 - Mike Shepherd, Amerikaansk skriuwer 29 - James Hunt, Ingelsk Formule 1 koereur († 1993) septimber 18 - Hans Vermeulen, Nederlânsk sjonger, komponist († 2017) 25 - Cecil Womack, Amerikaansk sjonger en songwriter († 2013) 27 - Meat Loaf, Amerikaansk sjonger († 2022) oktober 2 - Dieter Pfaff, Dútsk akteur en regisseur († 2013) 6 - Han Peekel, Nederlânsk programmamakker († 2022) 21 - Doeschka Meijsing, Nederlânsk skriuwster († 2012) 26 - Hillary Clinton, Amerikaansk politika novimber 2 - Lolkje de Jong-van den Berg Frysk heechlearaar 22 - Harm Kuipers, Nederlânsk reedrider en heechlearaar 27 - Frank Kramer, Nederlânsk presintator en fuotballer († 2020) desimber 6 - Henk van Woerden, Nederlânsk skilder en skriuwer († 2005) 10 - Gerard Koerts, Nederlânsk toetsenist († 2019) 10 - Chris Koerts, Nederlânsk gitarist († 2022) 18 - Sten Stensen, Noarsk reedrider datum ûnbekend Gelein Jansen, Nederlânsk taalkundige
Bisten 19 jannewaris - Black Jack, ferneamd hynder yn it besit fan it Amerikaanske Leger († 1976)
Ferstoarn febrewaris 19 - Charles Leaf, Ingelsk siler (* 1895) maart 1 - Thijs Rinsema, Frysk skuonmakker en keunstner (* 1877) april 20 - kening Kristiaan X fan Denemark (* 1870) 21 - Gustave van de Woestijne, Belgysk keunstskilder (* 1881) maaie 19 - Giovanni Delise, Italjaansk roeier (* 1907) juny 21 - Wite Bolle (White Bull), opperhaad fan 'e Lakota (* 1849) 29 - Orla Jørgensen, Deensk hurdfytser (* 1904) july 20 - Sytze Abeles Kooistra, Frysk keatser (* 1881) 24 - Frederik Cornelis Rab, boargemaster fan Flylân (* 1891) novimber 12 - Emma baronesse Orczy, Hongaarsk-Ingelsk skriuwster (* 1865) desimber 5 - J.A. Bruins jr., Nederlânsk predikant (* 1872) 28 - kening Fiktor Emanuël III fan Itaalje (* 1869) 30 - Han van Meegeren, Nederlânsk skilder en master-ferfalsker (* 1889) datum ûnbekend Ien Bolle (One Bull), opperhaad fan 'e Lakota (* 1853)
Literatuer prizen De Frânske skriuwer André Gide wint de Nobelpriis foar de Literatuer romans Louis Paul Boon, Mijn Kleine Oorlog Albert Camus, La Peste Frederick Feikema Manfred, This Is the Year (oerset yn it Frysk as Dit Is it Jier) Simon Vestdijk, De Vuuraanbidders poëzij Bertus Aafjes, Doudendeine Bertus Aafjes, Gedichten non-fiksje Bernard DeVoto, Across the Wide Missouri Anne Frank, Het Achterhuis (oerset yn it Frysk as It Achterhûs)
Byldzjende keunst
Boukeunst
Kategory:20e iuw