Dit jier makket ûnderdiel út fan it desennium fan 'e 1940-er jierren. Foarfallen jannewaris 22 - Britske en Australyske troepen feroverje Tobruk, yn Lybje, en nimme 25.000 Italjaanske soldaten kriichsfinzen. 24 - Britske troepen falle it troch Itaalje besette Abessynje binnen. febrewaris 6 - De Sânde Alvestêdetocht wurdt wûn troch Auke Adema yn in tiid fan 9 oeren en 19 minuten. 14 - De earste ûnderdielen fan it Dútske Afrikakorps arrivearje yn Italjaansk-Lybje, om 'e weromlûkende Italjaanske troepen dêre te fersterkjen. 25-26 - De Febrewarisstaking is it earste massale ferset tsjin 'e Dútske besetter yn Nederlân, en it iennichste massale protest tsjin 'e Joadeferfolging troch nazy-Dútslân. maart 1 - Bulgarije wurdt lid fan 'e As. 11 - It Amerikaanske Kongres nimt de Lien-Pachtwet oan. Begjin fan it Lien-Pachtprogramma, wêrmei't de Feriene Steaten de Alliëarden fan materieel foarsjogge. 25 - Nei swiere Dútske druk wurdt Joegoslaavje lid fan 'e As. 27 - By de Joegoslavyske Revolúsje fan 1941 wurde prins-regint Paul en premier Dragiša Cvetković ôfset troch it leger, dat fel tsjin is op 'e Joegoslavyske oansluting by de As. april 3 - By in steatsgreep komt yn Irak in pro-Dútsk rezjym ûnder Rasjyd al-Gailani oan 'e macht. 5 - Addis Abeba, de haadstêd fan Abessynje, wurdt troch Britske troepen befrijd fan 'e besetting troch de Italjanen. 6 - It begjin fan Operaasje Marita, de Dútske ynfal yn Grikelân en yn Joegoslaavje. 8 - Mei de Fal fan Tessaloniky stoart de ferdigening fan noardlik Grikelân tsjin 'e Dútsers yn. 10 - Begjin fan it Belis fan Tobrûk, yn Italjaansk-Lybje, dêr't Australyske, Nijseelânske en Poalske troepen stânhâlde tsjin it Dútske Afrikakorps. 10 - De Unôfhinklike Steat Kroaasje wurdt útroppen, as in fazalsteat fan nazy-Dútslân. 17 - Joegoslaavje jout him oer oan nazy-Dútslân. 17 - Britske troepen falle Irak binnen. Begjin fan 'e Britsk-Iraakske Oarloch. 21 - Grikelân jout him oer oan nazy-Dútslân. Kening George II nimt mei it Grykske regear de wyk nei Kreta. 22 - Begjin fan 'e evakuaasje fan 'e Alliëarde troepen fan it fêstelân fan Grikelân nei Kreta. maaie 1 - De evakuaasje fan 'e Britske, Australyske, Nijseelânske, Poalske en Grykske troepen fan it Grykske fêstelân nei Kreta wurdt foltôge. 10 - Rudolf Hess, de pleatsferfanger fan 'e Dútske diktator Adolf Hitler, fljocht op eigen manneboet nei Grut-Brittanje om frede te sluten. Nei't er in needlâning meitsje moat yn Skotlân, wurdt er troch de Britten finzen set. 20 - Begjin fan 'e Slach om Kreta, wêrby't de Dútsers op it Grykske eilân Kreta lânje. 27 - Begjin fan 'e evakuaasje fan 'e Alliëarde troepen fan Kreta nei Egypte. 30 - Britske troepen marsjearje yn it ramt fan 'e Britsk-Iraakske Oarloch de Iraakske haadstêd Bagdad binnen en helje dêr it pro-Dútske regear fan Rasjyd al-Gailani ûnder fuotten. juny 8 - De Britten en Frije Frânsen falle Syrje binnen, dat yn 'e hannen is fan it kollaborearjende Vichy-Frankryk. 15 - Kroaasje wurdt lid fan 'e As. 21 - De Britten en Frije Frânsen feroverje de Syryske haadstêd Damaskus op 'e troepen fan Vichy-Frankryk. 22 - Operaasje Barbarossa giet fan start: nazy-Dútslân falt de Sovjet-Uny binnen. Ek Itaalje en Roemeenje ferklearje de Sovjet-Uny de oarloch. 23 - Slowakije ferklearret de Sovjet-Uny de oarloch. 25 - Finlân ferklearret de Sovjet-Uny de oarloch. Dit is de ein fan 'e Tuskenfrede en it begjin fan 'e saneamde Ferfolchoarloch (d.w.s. in ferfolch op 'e Winteroarloch fan 1939-1940). 27 - Begjin fan 'e striid fan 'e Joegoslavyske partizanen ûnder lieding fan Josip Broz Tito tsjin 'e Dútske besetters. 29 - Minsk, de haadstêd fan 'e Sosjalistyske Sovjetrepublyk Wyt-Ruslân, wurdt ferovere troch de Dútsers. july 2-3 - De Dútsers en de pleatslike Oekraynske befolking rjochtsje ûnder Joaden yn Lvov (Lemberg) by de pogroms fan Lvov in bloedbad oan, wêrby't sa'n 7.000 minsken omkomme. 3 - De lêste troepen fan Vichy-Frankryk yn Syrje jouwe har oer oan 'e Britten en Frije Frânsen. 7 - Amerikaanske troepen lânje op Iislân om dêr mei ynstimming fan it Iislânske regear en de Deenske ambassadeur yn Washington, D.C. militêre bases yn te rjochtsjen en de ferdigening fan it lân tsjin in eventuële Dútske oanfal oer te nimmen fan 'e Britten. 12 - Yn Moskou ûndertekenje it Feriene Keninkryk en de Sovjet-Uny in militêr bûnsgenoatskip. 29 - Vichy-Frankryk slút in oerienkomst mei Japan en akseptearret de Japanske militêre besetting fan Frânsk-Yndo-Sina. 30 - Klaas Kuiken, Jan de Groot en Sjouke Helfrich winne yn Frjentsjer de 90ste PC. Jan de Groot wurdt útroppen ta kening. augustus 9 - Foar de kust fan Nijfûnlân, oan board fan it Britske oarlochsskip de Prince of Wales, moetsje de Britske premier Winston Churchill en de Amerikaanske presidint Franklin D. Roosevelt inoar. 25 - Britske en Sovjet-troepen dogge in ynfal yn Perzje nei de wegering fan 'e sjah om fanwegen te kommen tsjin pro-Dútske aktiviteiten yn syn lân. 27 - Sjah Reza Pahlavi fan Perzje docht ûnder twang fan 'e Alliëarden ôfstân fan 'e troan yn it foardiel fan syn soan Mohammed Reza Pahlavi. 30 - Yn Servje wurdt in Dútsk sokpoprezjym opset ûnder lieding fan generaal Milan Nedić. septimber 3 - Yn it Dútske ferneatigingskamp Auschwitz fine de earste massale fergassings mei it gifgas Zyklon B plak. 8 - Dútske en Finske troepen slute de stêd Leningrad yn. Dêrmei begjint it Belis fan Leningrad. 19 - Kiëv, de haadstêd fan 'e Sosjalistyske Sovjetrepyblyk Oekraïne, falt yn Dútske hannen. Sûnt it begjin fan Operaasje Barbarossa binne der al mear as 3 miljoen Sovjet-soldaten troch de Dútsers kriichsfinzen nommen. 23 - Generaal Charles de Gaulle rjochtet yn Londen in Frânsk regear-yn-ballingskip op. 28 - Sovjet-lieder Josef Stalin heft by dekreet de Autonome Sovjetrepublyk fan de Wolgadútsers op. Begjin fan 'e massale deportaasje fan 400.000 Wolgadútsers nei Sibearje en Kazachstan. 29 - By it Bloedbad fan Babi Jar, by Kiëv, fermoardzje de Dútsers 35.000 Joadske manlju, froulju en bern. oktober 15 - It regear fan 'e Sovjet-Uny en de bûtenlânske diplomatike fertsjintwurdigings nimme by it neieroankommen fan 'e Dútsers de wyk út Moskou nei de eastlike leine stêd Kûjbisjev. 25 - Oant it Eastfront begjint de Slach om Moskou. novimber 2 - De Četniks, in royalistyske Servyske guerrilja-organisaasje ûnder lieding fan generaal Dragoljub Mihailović, docht mei goedfinen fan 'e Dútsers in oanfal op 'e Joegoslavyske partizanen fan Josip Broz Tito. Dit is it begjin fan 'e boargeroarloch yn beset Joegoslaavje. 18 - De lêste Italjaanske troepen yn Abessynje jouwe har oer oan 'e Britten. Dêrmei is Abessynje, dat sûnt de ein fan 'e Twadde Italjaansk-Abessynske Oarloch, yn 1936, troch Itaalje beset holden waard, einlings befrijd. 27 - Oan it slepende Belis fan Tobrûk, yn Italjaansk-Lybje, komt in ein as de úthongere Alliëarde ferdigeners ûntset wurde troch it Britske 8e Leger. desimber 7 - Mei de troch Japan útfierde oanfal op Pearl Harbor, in marinebasis op Hawaï, reitsje de Feriene Steaten by de Twadde Wrâldoarloch belutsen. 7 - Panama ferklearret de oarloch oan Japan. 8 - De Feriene Steaten, it Feriene Keninkryk, Nederlân, Nij-Seelân, Kanada, Súd-Afrika, it regear-yn-ballingskip fan Poalen, de Dominikaanske Republyk, El Salvador, Haïty, Hondoeras, Kosta Rika en Nikaragûa ferklearje de oarloch oan Japan. 9 - Austraalje, Gûatemala en Kuba ferklearje de oarloch oan Japan. Sina, dat al sûnt it begjin fan 'e Twadde Sineesk-Japanske Oarloch yn 1936 yn oarloch is mei Japan, ferklearret de oarloch oan nazy-Dútslân en Itaalje. 11 - Nazy-Dútslân en Itaalje ferklearje de oarloch oan 'e Feriene Steaten. Nederlân ferklearret de oarloch oan Itaalje. De As-grutmachten nazy-Dútslân, Itaalje en Japan ûnthjitte inoar gjin ôfsûnderlike frede slute te sillen mei de Alliëarden. 16 - It regear-yn-ballingskip fan Tsjechoslowakije ferklearret de oarloch oan Japan. 20 - Belgje ferklearret de oarloch oan Itaalje. 25 - Nei in belegering fan twa wiken feroverje de Japanners de Britske koloanje Hongkong. sûnder datum Yn 'e Feriene Steaten makket Allen Lomax de earste opnamen fan bluessjonger Muddy Waters.

Berne jannewaris 7 - Willem van Kooten, Nederlânsk radio presintator († 2025) 8 - Boris Vallejo, Perûviaansk yllustrator en boekbânûntwerper 20 - Josse de Haan, Frysk skriuwer en dichter († 2020) 23 - Buddy Buie, Amerikaansk sjonger († 2015) 29 - Philip Houben, Nederlânsk politikus († 2017) 30 - Dick Cheney, fise-presidint fan 'e Feriene Steaten († 2025) febrewaris 26 - Jan Jongepier, Frysk organist († 2011) maart 13 - Cees Lute, Nederlânsk hurdfytser († 2022) 14 - Wolfgang Petersen, Eastfrysk filmregisseur en filmprodusint († 2022) 22 - Bruno Ganz, Switsersk akteur († 2019) 23 - Peer Mascini, Nederlânsk akteur († 2019) 23 - Henk van den Breemen, Nederlânsk generaal († 2024) 26 - Johan de Jong, Frysk amateur-ornitolooch († 2022) april 7 - Gorden Kaye, Ingelsk akteur († 2017) 8 - Vivienne Westwood, Britsk moadeûntwerpster († 2022) 10 - Paul Theroux, Amerikaansk skriuwer 11 - Joop Braakhekke, Nederlânsk telefyzjekok en restauranthâlder († 2016) 17 - Sikke Sikkema, Frysk keatser († 2021) 19 - Sipke Castelein, Frysk roeier 20 - Ryan O'Neal, Amerikaansk akteur († 2023) 22 - Piter Yedema, Frysk dichter, oersetter en literatuerkritikus († 2018) 27 - Tineke de Nooij, Nederlânske radio- en telefyzjepresintatrise maaie 5 - Jose Kaimlett, katolike prelaat en oprjochter fan 'e manlike religieuze kongregaasje Herauten fan Goed Nijs († 2018) 9 - Froukje Annema, Frysk skriuwster († 1998) 11 - Eric Burdon, Ingelsk sjonger 12 - Ruud de Wolff, Yndysk-Nederlânsk muzikant († 2000) 24 - Bob Dylan (Robert Allen Zimmerman), Amerikaansk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer juny 10 - Harry Muskee, Nederlânsk sjonger († 2011) 16 - Lamont Dozier, Amerikaansk lietsjeskriuwer († 2022) 21 - Hein Verbruggen, Nederlânsk sportbestjoerder († 2017) 23 - Jaap Pop, Nederlânsk boargemaster en fotograaf († 2026) july 4 - Johnny Lion, pseudonym fan John van Leeuwarden, Nederlânsk sjonger en akteur († 2019) 13 - Robert Forster, Amerikaansk akteur († 2019) 16 - Hans Wiegel, Nederlânsk politikus en bestjoerder († 2025) 18 - Stephen Holden, Amerikaansk muzyk- en filmkritikus 25 - Manny Charlton, Skotsk gitarist († 2022) augustus 2 - Ede Staal, Grinslânsk sjonger en dichter († 1986) 4 - Kaija Mustonen, Finsk reedrydster 9 - Anne Huitema, Frysk byldzjend keunstner 10 - Kees van Kooten, Nederlânsk skriuwer en kabaretier 11 - Henk Zoetendal, Frysk fuotballer († 2024) 17 - Fritz Wepper, Dútsk akteur († 2024) 18 - Carter Camp, Amerikaansk aktivist († 2013) 20 - Slobodan Milošević, presidint fan Joegoslaavje en fan Servje († 2006) 25 - Dick Eisma, Frysk skriuwer en oersetter († 2011) 30 - Ben Jones, Amerikaansk akteur en politikus 31 - Henk Terlingen, Nederlânsk radio- en telefyzjepresintator († 1994) septimber 6 - Willibrord Frequin, Nederlânsk sjoernalist en programmamaker († 2022) 19 - 'Mama' Cass Elliott, Amerikaansk sjongster en aktrise († 1974) oktober 7 - Johan Halbesma, Frysk keatser 8 - Martin van Amerongen, Nederlânsk publisist, kollumnist en sjoernalist († 2002) 8 - Jesse Jackson, Amerikaansk aktivist en politikus († 2026) 25 - Gordon Tootoosis, Kanadeesk akteur en aktivist († 2011) 31 - Johan Stekelenburg, Nederlânsk fakbûnsbestjoerder en politikus († 2003) novimber 9 - Sjoerd de Vries, Frysk keunstner († 2020 18 - Toon Tellegen, Nederlânsk skriuwer desimber 1 - Jesús Moncada, Katalaansk skriuwer († 2005) 12 - Sies Bleeker, Frysk byldzjend keunstner († 2014) 14 - Karan Armstrong, Amerikaansk operasjongster († 2021) 17 - Lippe Lap, Frysk ûndernimmer († 2012) 26 - Rienk Alberda, Frysk wedstriidsiler († 2012) 31 - Alex Ferguson, Skotsk fuotbaltrener datum ûnbekend Harvey Pratt, Amerikaansk keunstner

Ferstoarn jannewaris 8 - Robert Baden-Powell, Ingelsk militêr en stifter fan de paadfinerij (* 1857) 13 - James Joyce, Iersk skriuwer (* 1882) febrewaris