It publykrjocht is it rjocht dat it ferkear tusken boargers en oerheden en it ferkear tusken oerheden ûnderinoar regelet. Inkelde fan de wichtichste publykrjochtlike wetten binne:

it Statút fan it keninkryk fan 'e Nederlannen; de Grûnwet; de Kieswet; de Provinsjewet; de Gemeentewet; de Wetterskipswet; de Algemiene wet bestjoersrjocht; de Wet op de Romtelike Oardering.

Ek ferdraggen kinne ta it publykrjocht rekkene wurde, alhoewol it giet om rjocht tusken steaten. Foarbylden fan inkelde wichtige ferdraggen binne:

it Hânfêst fan de Feriene Naasjes; de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske; it Ferdrach ta beskerming fan de rjochten fan de minske en de fûnemintele frijheden; it Ferdrach de Jeropeeske Uny oanbelangjende; it Ferdrach fan Wenen oangeande it Ferdraggerjocht.

Kategory:Rjocht