It Middelseeferbân wie sûnt 1 desimber 2005 de namme dy't brûkt wurdt om it bestjoerlik gearwurkingsferbân tusken de saneamde Middelsee gemeenten oan te tsjutten, te witten de gemeenten It Bilt, Ferwerderadiel, Ljouwerteradiel en Menameradiel. De namme ferwiisd nei de eardere Middelsee, dêr't alle fjouwer gemeenten ynpoldere gebiet fan hawwe. Op 1 jannewaris 2018 gie Ljouwerteradiel op yn Ljouwert en de oare trije gemeenten yn De Waadhoeke. Dêrmei kaam in ein oan it gearwurkingsferbân.

Earder waard dit gearwurkingsferbân ek wol oantsjutten as de 'G4-gemeenten'. Dit wie lykwols net sa handich, omdat ek de fjouwer grutste Rânestêdgemeenten, Amsterdam, Rotterdam, De Haach en Utert, meiïnoar ek sa oantsjutten waarden.

Kategory:It Bilt Kategory:Frjentsjerteradiel Kategory:Menameradiel Kategory:Ljouwerteradiel Kategory:Organisaasje oprjochte yn 2005 Kategory:Organisaasje opheft yn 2018