De heechste gebouwen yn de stêd Ljouwert binne:

Namme Hichte Ofbyld1Achmeatoer115 m 2Bonifatiustsjerke85 m3Averotoer77 m4Avero residinsje57 m120px|Avero residinsje5Postbank55 m120px|Postbank6Suderplantaazje51 m7Ie-burch47 m8Vitens46 m9Friesland Bank42 m120px|Friesland Bank10Aldehou40 m120px|Aldehou11Aquastate36 m12Crystalic Business Center35 m120px|Crystalic Business Center

Mei 114 meter is de hjoeddeiske Achmeatoer it alfte heechste gebou fan Nederlân. De plannen foar in tredde toer fan Achmea lizze klear, dit gebou moat 140 meter heech wurde. It is net seker oft dizze noch boud wurde sil. Yn 2002 frege NS in fergunning oan foar it bouwen fan in wokkelfoarmige toer fan 66 meter, dit plan is ôfblaasd.

De Sint-Bonifatiusttsjerke is mei 85 m it heechste bouwurk nei de Achmeatoer. De Aldehou is ûnfgefear 40 meter heech.

Koartlyn binne de rjochtlinen foar hege gebouwen yn de buert fan militêre fleanfjilden lyklutsen mei dy fan gewoane fleanfjilden. Dit hâldt yn dat binnen in striel fan fjouwer kilometer fan it fleanfjild gjin gebouwen boppe de 45 meter boud wurde meie. Dit betsjut dat der yn de binnenstêd fan Ljouwert nei alle gedachten gjin hege gebouwen mear boud wurde kinne, útsein as der al in gebou pland wie ( dan falt it bûten de nije rjochtlinen omdat de fergunning al ferliend wie, op grûn fan âlde rjochtlinen).

Kategory:Ljouwert

Ljouwert