It Sint-Bonifatius Hospitaal, yn de folksmûle wol Bonnehos neamd, wie foarhinne in sikehûs yn Ljouwert.

Yn 1883 waard it sikehûs stifte troch trije Fransiskaanske nonnen út Dútslân as it Sint-Antoni Hospitaal. Yn 1887 krige it in plak yn 'e pastorij fan 'e Sint-Bonifatiustsjerke, oan de Foarstreek yn it sintrum fan de stêd. Dêrfandinne kaam it oan syn úteinlike namme.

Fanwege romtetekoart krige it sikehûs yn 1935 in nij ûnderkommen benoarden de binnenstêd oan de Mr. Piter Jelles Troelstrawei. It gebou lei yn in park en waard yn de jierren 60 flink útwreide mei nijbou.

Yn 1982 fusearren de trije Ljouwerter sikehûzen: Sint Bonifatius Hospitaal, Diakonessehûs en Triotel. De nije namme Medisch Centrum Leeuwarden (MCL). It Sint-Bonifatius Hospitaal krige dêrby de namme MCL-Noard.

Nei de fusy waard stadich oan alle medyske saken op de lokaasje fan it Triotel (MCL-súd) konsintrearre. Yn 2004 sleat MCL-noard de doaren, wylst it Diakonessenhûs (MCL-Midden) dat yn 1987 al dien hie.

Tsjintwurdich is it gebou oan de Mr. Piter Jelles Troelstrawei op in lyts stik nei ôfbrutsen. Op it terrein kaam in nije wenwyk, Sint Bonifatius Park.

Kategory:Skiednis fan Ljouwert Kategory:Sikehûs yn Fryslân Kategory:Earder bouwurk yn Ljouwert Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1883 Kategory:Organisaasje opheft yn 1982 Kategory:Bouwurk út 1935 Kategory:Bouwurk sloopt yn 2004 Kategory:Organisaasje yn Ljouwert