De Mûzerid is in streamke yn de eardere gemeente Dongeradiel. It rint fan it noarden fan Eastrum troch de Jouswierpolder nei it noardeasten en rint troch oant It Heech Hôf east fan Jouswier. It is in natuerlik wetter.
De namme Mûzerid jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Muizenrid. Yn de Bosatlas fan Fryslân út 2009 wurdt it wetter lykwols noch Muizenrid neamd..
Kategory:Jouswier Kategory:Rivier yn Fryslân Kategory:Wetter yn East-Dongeradiel Kategory:Wetter yn Dongeradiel Kategory:Wetter yn Noardeast-Fryslân