De Langsturtepoel is in mar op de grins fan de gemeentes De Fryske Marren en Súdwest-Fryslân. De poel leit benoarden de Jentsjemar en hat oan de noardeastkant ferbining mei de Elvebocht en de Frijgerssleat, oan de noardwesthoeke mei de Jurjensleat.

De namme Langsturtepoel jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Langstaartenpoel.

Kategory:Mar yn Fryslân Kategory:Wetter yn Wymbritseradiel (oant 1984) Kategory:Wetter yn Wymbritseradiel Kategory:Wetter yn Súdwest-Fryslân Kategory:Wetter yn Doanjewerstâl Kategory:Wetter yn Skarsterlân Kategory:Wetter yn De Fryske Marren