De Langwarder Feart is in feart yn de gemeente De Fryske Marren.

Ferbinings De feart is de ferbining fan de Langwarder Wielen mei de noardliker lizzende Geau. Dy ferbining mei de Geau is in krúspunt, mei nei it westen ta it Slingerrak en Hoaitesleat, en nei it easten ta de Steatebocht en it Stobberak. Troch de Geau is der in ferbining mei it Aldhôf en sa it Prinses Margrietkanaal. De oare ein komt út in de Wielen, dêr ferbing is mei de Jaansleat, de Skarster Rien en de Alde Wei. Healweis is der fan de feart in ferbining oer de Fammensrakken nei de Jentsjemar; dy ferbining rint troch De Brekken, en op it stuit, 2026, wurdt dat stik dat oanslút op de Langwarder Feart ta de Brekken rekkenen.

Pont De feart wurdt krúst troch de Pontdyk, dy't op dat plak in fearferbining hat: de Pont Langwarder Feart.

Namme De namme Langwarder Feart jildt sûnt 15 maart 2007 as de offisjele namme, as ferfanging foar de eardere offisjele namme Langweerdervaart.

Kategory:Langwar Kategory:Kanaal yn Doanjewerstâl Kategory:Kanaal yn Skarsterlân Kategory:Kanaal yn De Fryske Marren