No Orchids for Miss Blandish (betsjutting likernôch "Gjin orgideeën foar juffer Blandish") is in roman fan de Ingelske skriuwer James Hadley Chase, publisearre yn 1939.
Ynhâld Societydame Miss Blandish wurdt ûntfierd troch in binde dy't losjild easke. In rivalisearjende binde, laat troch de sadistyske en geastlik steurde Slim Grisson, ûntfiert Miss Blandish út hannen fan de earste binde. De hear Blandish betellet it losjild oan Slim, mar syn dochter wurdt net weromjûn. Slim rekket hieltyd mear obsedearre troch Miss Blandish en beslút har ferburgen te hâlden yn in geheime keamer yn ien fan syn nachtklubs. Hy ferkrêftet har ferskate kearen en falt eltsenien oan dy't besiket Miss Blandish fan him ôf te nimmen.
De plysje sit de ûntfierders op 'e hakken, en privee-detektive Dave Fenner wurdt ynhierd om har te rêden en de gangsters oan te pakken. Fenner en de plysje fine úteinlik de jonge societydame en geane nei de klub, dêr't in sjitpartij útbrekt. Slim wurdt fermoarde en Miss Blandish wurdt rêden, mar nei moannen fan marteling en drugsgebrûk troch de gangsters kin Miss Blandish har frijheid net mear oan en begiet se selsmoard.
Wurdearring No Orchids for Miss Blandish waard in kommersjeel sukses, faaks mei om it geweld en de riskante ynhâld. Yn 1942 waard der in toanielstik fan makke, en yn 1948 in film. Yn 1999 waard it boek opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.
Kategory:Literêr wurk fan James Hadley Chase Kategory:Misdieroman Kategory:Ingelsktalige roman Kategory:Roman út 1939 Kategory:Literatuer oer in krimineel Kategory:Literatuer oer ûntfiering Kategory:Literatuer oer ferkrêfting Kategory:Literatuer oer marteling Kategory:Literatuer oer selsmoard Kategory:Literatuer oer in privee-detektive