Wilsters (Pluvialis) foarmje in fûgelskaai yn 'e famylje wilsterfûgels (Charadriidae).
It skaai bestiet út middelgrutte waadfûgels mei koarte poaten en in koarte, stevige snaffel. Yn it briedkleed ha de soarten in opfallende swarte búk mei faak in oangrinzgjende wite bâne. De boppedielen binne bûnt mei gouden en brune plakken. Bûten de briedtiid binne se griisbrún. De slykwilster kypt der wat út: hy is grutter en foarser as de oare soarten en hat yn it briedkleed boppe gjin goudkleurige mar sulvergrize plakken.
Wilsters binne trekfûgels. Se briede op iepen lânskippen lykas tûndra's, gersfjilden en kustgebieten. Se trekke oer grutte ôfstannen nei harren oerwinteringsgebieten.
It iten bestiet meast út ynsekten, wjirms en wringeleazen.
Soarten Der binne fjouwer soarten bekend: Ofbyld Fryske namme Wittenskiplike namme Fersprieding Status/Trend120px wilster Pluvialis apricaria Briedt yn Skandinaavje, Yslân, Grut-Brittanje, Noard-Ruslân, oerwinteret yn West-Europa en yn lannen oan 'e Middellânske See. net bedrige,stabylPluvialis apricaria op BirdLife.120px Sibearyske wilster Pluvialis fulva Briedt yn Noard-Sibearje en Alaska en oerwinteret yn Súd-Brazylje, Oerûguay en Argentynje. net bedrige,25pxPluvialis fulva op BirdLife.120px Amerikaanske wilster Pluvialis dominica Briedt yn East-Sibearje, Alaska en Kanada, oerwinteret fan Marokko oant Iran. net bedrige,25pxPluvialis dominica op BirdLife.120px slykwilster Pluvialis squatarola Briedt yn Arktysk Ruslân oant Alaska en Kanada, oerwinteret oan kusten fan Noard-, Súd-Amearika, Europa, Afrika, Súd-Aazje en Australaazje. kwetsber,25pxPluvialis squatarola op BirdLife.
Kategory:Fûgelskaai Kategory:Wilsterfûgel