De breedtoskmakrielhaaien (wittenskiplike namme: Cosmopolitodus) foarmje in útstoarn skaai fan 'e klasse fan 'e kreakbienfisken (Chondrichthyes), de ûnderklasse fan 'e haaien en roggen (Elasmobranchii), de ûnderdifyzje fan 'e haaien (Selachii of Selachimorpha), it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) en de famylje fan 'e hjerringhaaien (Lamnidae). Anno 2025 binne der twa fossile soarten by dit skaai yndield, dy't libben tusken rûchwei 30 miljoen en 1 miljoen jier lyn. De wichtichste soarte is de breedtoskmakrielhaai (C. hastalis), wêrfan't oannommen wurdt dat it in foarâlder wie fan 'e hjoeddeistige wite haai (Carcharodon carcharias).
Yntroduksje en namme It skaai fan 'e breedtoskmakrielhaaien waard yn 1964 yntrodusearre troch de Russyske paleöntolooch Leonid Glikman. De wittenskiplike namme dy't hy oan it skaai meijoech, Cosmopolitodus, is in gearlûking fan it Aldgrykske κοσμοπολίτης, kosmopolítes, dat "wrâldboarger" betsjut, en ὀδών, odon, dat "tosk" betsjut. Glikman kreëarre it skaai foar de breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis).
Fierdere taksonomyske bysûnderheden De breedtoskmakrielhaai is in fossile haai dy't yn 1843 yn 'e publikaasje Recherches sur les Poissons fossiles ("Undersiken nei Fossile Fisken") foar it earst beskreaun wie troch de Switserske paleöntolooch Louis Aggasiz. Dyselde parte it bist de wittenskiplike namme Oxyrhina hastalis ta en yntrodusearre mei-iens ek it skaai Oxyrhina.
De hiele earste helte fan 'e tweintichste iuw troch waarden fossile haaieskaaien, dy't ta it skift fan 'e makrielhaaien (Lamniformes) hearden mar oer de klassifikaasje wêrfan't fierders ûndúdlikheid bestie, as synonimen lykslein mei Oxyrhina. Teffens waarden fossile soarten dy't oars net te plak brocht wurde koene yn Oxyrhina pleatst. Sa groeide dat skaai út ta wat yn 'e taksonomy in "jiskefettakson" neamd wurdt. Tsjin 'e midden fan 'e tweintichste iuw wie sa njonkelytsen wol dúdlik dat guon fan sokke soarten, wêrûnder de Desorimakrielhaai (Isurus desori), de karteltoskmakrielhaai (Carcharomodus escheri) en de falsktoskmakrielhaai (Parotodus benedenii), net yn dat skaai thúshearden. Oxyrhina waard dêrom op in stuit mar hielendal ôftanke as skaai, wat it nije fraachstik oplevere oer wêr't de "dakleas" wurden soarten ûnderbrocht wurde moasten. Mei de yntroduksje fan it skaai Cosmopolitodus besocht Glikman dat alteast foar de breedtoskmakrielhaai op te lossen.
De jildichheid fan Cosmopolitodus wurdt lykwols noch altyd net troch alle paleöntologen erkend. Fan 'e midden fan 'e 1990-er jierren ôf waarden de soarten út dit skaai wol by de echte makrielhaaien (Isurus) pleatst, wylst party saakkundigen op basis fan resintere ynsichten de breedtoskmakrielhaaien oan 'e minskehaaien (Carcharodon) tafoegje wolle. De hypoteze dat de breedtoskmakrielhaai in foarâlder is fan 'e hjoeddeistige wite haai of minskehaai (Carcharodon carcharias) wurdt troch de measte paleöntologen akseptearre, ek al om't dy teory ûnderstipe wurdt troch Hubbells minskehaai (Carcharodon hubbelli), dy't in transisjonele soarte west liket te hawwen. Mar op basis fan 'e ferskillen tusken de fossile haai en syn libbene ôfstammeling binne de measte saakkundigen fan miening dat de pleatsing fan 'e breedtoskmakrielhaai yn in eigen skaai rjochtfeardige is.
Soarten
skaai breedtoskmakrielhaaien (Cosmopolitodus) breedtoskmakrielhaai (Cosmopolitodus hastalis) heaktoskmakrielhaai (Cosmopolitodus planus)
Kategory:Fossyl kreakbienfiskeskaai Kategory:Hjerringhaai
