thumb|right|250px thumb|right|250px De Heide is in marke en in rekreaasjegebiet oan de súdwestlike râne fan It Hearrenfean, wat benoarden Nijskoat, súd fan de Rottumerdyk en east fan de Engelenfeart.
It rekreaasjegebiet is ûntstien yn de jierren 80 fan de 20e iuw, neidat der in pear jier sânwinning bard wie, wêrtroch't in rekreaasjeplasse mei in djipte fan 20 meter ûntstie. Op de plasse binne allinnich roei- en sylboaten tastien. Nei it útsetten fan fisken is it wetter fan De Heide gaadlik om te fiskjen. Oan de noardkant fan de plasse is in lyts strân.
Nei de sloop fan it iepenloftswimbad waard De Heide it rekreaasjegebiet foar de Hearrenfeansters. East fan it rekreaasjegebiet leit wenwyk De Heide en de golfbaan Heidemar.
Kategory:Rekreaasje yn Fryslân Kategory:It Hearrenfean Kategory:Nijskoat Kategory:Mar yn Fryslân Kategory:Wetter yn It Hearrenfean (gemeente) Kategory:Bouwurk út de 20e iuw