It Hearrenfean is it haadplak fan de gemeente It Hearrenfean. Der wenje minsken (, boarne: CBS). Wat it ynwennertal oanbelanget is It Hearrenfean it fjirde plak fan de provinsje Fryslân, mar is net ien fan de alve Fryske stêden.
Yn earder tiden waard it in flekke (grut doarp mei merkrjocht), dat mei It Oranjewâld derby ek wol It Fryske Haachje neamd waard. De hjoeddeistige omgongsnamme foar minsken út de omkriten is It Fean. Nei bûten ta presintearret It Hearrenfean him as Sportstêd mei ûnder oaren it Thialf en it Abe Lenstra Stadion.
De skiednis fan it plak giet werom nei it stiftingsjier 1551, en begjint op it plak dêr't de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart byinoar komme.
Sûnt juny 2013 hat It Hearrenfean as slogan n gouden plak.Nijsberjocht oer slogan op webside gemeente It Hearrenfean
Geografy thumb|left|250px|Satellytfoto fan It Hearrenfean en omkriten It Hearrenfean leit yn it suden fan de provinsje Fryslân. Westlik fan It Hearrenfean leit it Fryske marregebiet, noardlik leit it lege midden en eastlik fan It Hearrenfean leit it boskgebiet Oranjewâld.
It plak leit himelsbreed sa'n 25 kilometer súdlik fan Ljouwert, en sa'n 50 kilometer westlik fan Grins. It Hearrenfean is ûntstien op de krusing wêr't de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart eartiids byinoar kamen. It plak groeide nei de Tsjonger ta yn it suden en nei it doarp Haskerdiken ta yn it noarden. De doarpen Nijskoat en Aldskoat yn it suden, De Knipe yn it easten, en Nijehaske yn it westen binne oan 't Fean fêstgroeid mei behâld fan doarpstatus.
Troch de Feanskieding is it sintrum hjoed noch ferbûn mei de Engelenfeart en it Hearrenfeanster Kanaal en úteinlik mei it Nannewiid westlik fan It Hearrenfean. Noardlik fan It Hearrenfean komme it Hearrenfeanster Kanaal en de Hearresleat byinoar tichtby de Grevensmole, en rint tusken Akkrum en Terherne oer yn de Meinesleat. De Engelenfeart stiet oan de súdkant fan It Hearrenfean yn ferbining mei de Tsjonger.
Buorgemeenten fan It Hearrenfean binne mei de klok mei: Ljouwert, Opsterlân, Eaststellingwerf, Weststellingwerf, De Fryske Marren.
Geology Troch it poalklimaat fan de lêste iistiid wie der gjin begroeiïng yn Fryslân en hie de wyn frij spul. De wyn brocht deksân mei út hjoeddeistige Noardseegebiet (dat doe noch foar in grut part drûch lei). Yn de oergong fan de iistiid nei it holoseen gong de temperatuer relatyf hurd omheech sadat de iiskapen begûn te smelten en it seenivo heger waard. Troch it hegere seenivo en de minne ûntwettering gong ek it grûnwetternivo omheech sadat der grutte sompen en marren ûntstean koenen. Yn dy gebieten koe it fean op grutte skaal oanwaakse. De geologyske ferhâldingen yn en om it plak hinne hawwe beskiedend west foar de namme It Hearrenfean. Yn it hjoeddeistige stedsgebiet en yn it gebiet deromhinne wie fean de meast foarkommende grûnsoarte. It fean is foar it grutste part ôfgroeven. Yn beboude gebieten binne de restanten fean gauris fermongen mei sân. Under de âlde feanlaach siet in laach deksân. Tichtby it sintrumgebiet sit dy laach deksân tusken de ien en twa meter djipte ûnder de grûn.Utkomsten archeologysk ûndersyk (en ek boaiemûndersyk) Yn it súdlike diel fan It Hearrenfean leit it rekreaasjegebiet De Heide mei de op sommige plakken 20 meter djippe heidemar dy't ûntstien is troch sânwinning. It heechste punt fan It Hearrenfean is in jiskebult fan 27 meter heech yn it noardwesten fan it stedsgebiet.
Stedsyndieling
Foar it jier 1900 wie It Hearrenfean noch in lintdoarp mei de bebouwing om de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart hinne. Foaral nei de gemeentlike weryndieling fan 1934 koe It Hearrenfean fierder groeie. Hjoed-de-dei is 't Fean fan noard nei súd acht kilometer lang. Dêrtroch feroare de foarm fan it plak op de kaart; as lintdoarp hie It Hearrenfean syn grutste lingte fan east nei west wylst it plak hjoed-de-dei fan noard nei súd aardich wat grutter is. Troch nije wenwyk Skoatterwâld en it Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân is it plak yn 'e breedte groeid (fan east nei west). Mei de nije stedsgebieten derby rekkene is it plak oer it generaal noch net breder as fjouwer kilometer. thumb|250px|Stedsyndieling # Namme Postkoade Bou Ynwennertal Funksje/bysûnderheden 1 Noard 8441 20e iuw 3.600 Blommebuert, sikehûs De Tsjongerskâns 2 Sintrum 8442 16e iuw 2.700 Winkels, útgeanssintrum, Flinterbuert 3 Lege Midden 8442 20e iuw 3.500 4 De Ikkers 8443 20e iuw ('60 jierren) 2.000 Strjitnammen: Waadeilannen en kriten 5 Ten Woude 8443 20e iuw 1.100 6 De Greiden 8446 20e iuw ('70 jierren) 7.800 Fûgel-, wetter-, boate-, krûdebuert. Winkelsintrum. 7a De Heide 8445 20e iuw ('80 jierren) 1.500 7b Heidemar 8445 20e iuw ('90 jierren) Golfbaan yn beboud parklânskip 8 Nijehaske 8447 20e iuw ('80 en '90 jierren) 3.500 9 Skoatterwâld 8448 21e iuw 2.000 Swannewâld 10 It Mar 8448 800 11 Ljouwerterstrjitwei 8441 150
Taljochting: Ynwennertal neffens sifers CBS. Postkoade 8444 is Hearrenfean-Súd. In part fan de wyk Ten Woude is nij. Op it plak dêr't eartiids in iepenloftswimbad, túnsintrum en kuorbalfjilden wienen binne letter nije huzen boud. Noardlik fan de Keninginne Julianawei wie foar de midden fan de tachtiger jierren allinnich mar bebouwing oan de Boargemaster Falkenawei, Van der Sluisleane, Binnenwei en Parkwei. Sportstêd Hearrenfean is op de kaart net yndield. It stedsdiel Sintrum en Sportstêd Hearrenfean wurde tegearre "Sintrum-Breed" neamd. De doarpen Nijbrêge en Haskerdiken sille nei de gemeentlike weryndieling ûnderdiel wêze fan de gemeente It Hearrenfean.Jouster Krante: Gemeentlike weryndieling Nijbrêge en Haskerdiken De doarpen slute op de wenwyk Ljouwerterstrjitwei oan.
Yndustrygebiet thumb|Topografyske kaart # Namme Plak A Kanaal noardlik fan A7, westlik fan A32 B Ljouwerterstrjitwei noardlik fan A7, westlik fan A32 C Businesspark Fryslân súdlik fan A7, westlik fan A32 D De Kavels súdlik fan A7, westlik fan A32 E Ynternasjonaal Bedriuweterrein Fryslân (YBF) súdlik fan A7, eastlik fan De Kavels/A32 F It Mar súdlik fan A7, westlik fan A32 G It Hearrenfean-Súd westlik fan A32 H Nijskoat westlik fan A32
Der binne ek noch twa yndustryterreinen dy't wol oan It Hearrenfean fêst sitte, mar dy't gjin ûnderdiel fan de gemeente It Hearrenfean binne. De yndustryterreinen, it Businesspark Fryslân West en Haskerfean, lizze beide westlik fan it Hearrenfeanster Kanaal.
Skiednis
thumb|left|Hearresleat It Hearrenfean is net it âldste feankanaaldoarp fan Nederlân. It plak is yn 1551 ûntstien op it krúspunt fan de Hearresleat en de Skoatterlânske Kompanjonsfeart, dy't beide oanlein binne foar it ferfier fan de turf. Hjir lei ek de Hearewei, de ferbiningswei Swol-Ljouwert. It graven fan dizze twa kanalen barde op inisjatyf fan trije hearen: Pieter van Dekema, Johan van Cuyck en Floris Foeyts. Op 24 july 1551 rjochten se de Skoatterlânske Feankompanjy op mei as doel grutte stikken lân te keapjen om oan feanûntginning te dwaan. Dêr komt de namme It Hearrenfean wei; de hearen fan it fean. It is woeksen troch it belang fan de feanwinning. Crackstate waard yn 1648 as wenhûs boud troch Johannes Sytzes Crack. Neffens alle wierskyn op itselde plak dêr't syn heit yn 1608 al in stins boude; it earste Crackstate. De Oenemastate oan de Lindegrêft is yn 1640 boud. Yn 1637 waard de Skoatterlânske Krústsjerke oan de Hearresleat en de hjoeddeistige Lindegrêft boud. De tsjerke waard fanwege brân yn 1969 sloopt.
Yn it tiidrek 1581-1594 waard troch de Steaten fan Fryslân en steedhâlder Willem Loadewyk om ferskillende skânsen te meitsjen.Fêstingswurken op de webside fan de provinsje Fryslân Dy skânsen foarmen mei elkoar de Fryske Wetterliny. De Skoatterskâns is yn 1598 oanleinWaarnimmingsstúdzje - It wer ûntdekken fan de Fryske Wetterliny, by de Skoatterbrêge oer it Tsjonger by Aldskoat, en wie in ûnderdiel fan dy wetterliny.Aldskoat op frieslandwonderland.nl Yn de nacht fan 18 op 19 augustus 1672 dienen troepen fan Bearend fan Galen in oanfal op de Skoatterskâns, dy’t oan trije kear ta ôfslein waard troch de militêren dy’t op It Hearrenfean leinen.
thumb|150px|Ferdinand Domela Nieuwenhuis (ek wol ús ferlosser neamd). Om 1830 hinne siet it ynwennertal krekt ûnder de 3.000 minsken.Ynfo oer it ynwennertal op de webside fan it Willem van Haren Museum Yn de rin 19e iuw ûntwikkele It Hearrenfean him trochdat, behalve dat der begoedige boargers wienen, der ek in soad middenstân kaam. En mei it tichtby lizzende It Oranjewâld wurdt it plak sûnt dy tiid ek wol It Fryske Haachje neamd. De feanarbeiders hienen it gâns minder. Yn de twadde helte fan de 19e iuw en oan it begjin fan de 20e iuw wennen dy yn spitketen op it lân. Yn it súdeasten fan de provinsje kaam yn dy tiid it sosjalisme op. De helden fan de arbeidersklasse wienen Piter Jelles Troelstra en Ferdinand Domela Nieuwenhuis. Ferdinand Domela Nieuwenhuis waard by de ferkiezings foar de Twadde Keamer yn 1888 troch in suksesfolle listferbining fan de SDB en de ARP yn it kiesdristrikt Skoatterlân keazen, en dêrtroch waard Domela Nieuwenhuis it earste sosjalistyske keamerlid.
Der wie lykwols ien bestjoerlik probleem foar It Hearrenfean. Troch it plak rûn de grins fan de twa gemeenten; Aengwirden en Skoatterlân. Pas op 1 july 1934 waard út stikken fan dizze twa gemeenten, en in stikje fan de gemeente Haskerlân, de gemeente It Hearrenfean foarme. It Hearrenfean waard it haadplak fan de nije gemeente. Fan 1965 oant 2003 hearde in grut stik fan Aldskoat ûnder de namme It Hearrenfean-Súd by it plak It Hearrenfean. thumb|left|170px|Monumint foar de slachtoffers fan de Twadde Wrâldkriich Op 10 maaie 1940 foel Dútslân Nederlân binnen yn it ramt fan de Slach om Frankryk. It ferset yn it noarden wie net grut. Twa lynjen waarden gau ferslein, de O-lynje en de Q-lynje, dy’t bedoeld wienen om de noardlike provinsjes te beskermjen. Al nei twa dagen rûnen de Dútsers troch It Hearrenfean en Ljouwert. Yn 1944 waarden ferskate bern fan Amsterdamske fuotbalferienings nei It Hearrenfean ta stjoerd. De bern hienen it yn de hongerwinter gâns better yn Fryslân. Hja krigen mear iten as dat se yn Amsterdam krije soenen en boppedat stie de 'útwiksel' yn it ramt fan fuotbal.Documentaire over voetbal in de Tweede Wereldoorlog ... Hongerwinter in Heerenveen Yn de Twadde Wrâldkriich waard Crackstate troch de Dútsers as finzenis brûkt. Crackstate wie in plak dêr't finzenen hiel swier martele waarden. By de befrijing fan It Hearrenfean op 14 april 1945 kamen mear as 60 finzenen frij, de measten wienen slim tamtearre. De Feansters hawwe de finzenis sels op 14 april 1945 iepen makke, mar se wienen der net wis fan oft de Dútsers al of net fuort wienen. Ut it suden wei kamen letter dy dei de Kanadezen.Befrijing fan Fryslân Yn in gefjocht by De Tynje wurdt fersetsstrider Sieger van der Laan troch in Dútser deasketten.Sieger van der Laan op de webside heerenveenmidden.nl Itselde lot komt Jan Harm Kruis oer dy dei by Haskerdiken.