Tovek (Tofik) Dibi (Flissingen, 19 novimber 1980) is in Nederlânske politikus. Hy siet fan 2006 oant en mei 2012 foar GrienLinks yn de Twadde keamer. Dibi sei yn oktober 2023 syn lidmaatskip fan GrienLinks op. Oanlieding wie it weromlûken fan keamerlid Kauthar Bouchallikht fan de kandidatelist foar de Twadde Keamerferkiezingen fan 2023 en de reaksje fan de gearwurkjende partijen GrienLinks-PvdA op de Hamas-oanfal yn Israel fan 7 oktober dat jier. Yn augustus 2025 sei er yn in ynterview dat er fûn dat GrienLinks promininte leden mei in moslimachtergrûn net lykweardich behannele. Yn 2025 wie er listlûker fan BIJ1.

Kategory:GrienLinks-politikus Kategory:BIJ1-politikus Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Nederlânsk persoan fan Marokkaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1980