Rob Arnoldus Adrianus Jetten (Veghel, 25 maart 1987) is in Nederlânsk politikus. Yn 2025 wie er listlûker fan de D66. Sûnt 23 febrewaris 2026 is er minister-presidint fan Nederlân en minister fan Algemiene Saken. Op 23 febrewaris 2026 waard syn kabinet-Jetten beëdige.
Fan 10 jannewaris 2022 oant 2 july 2024 wie er minister foar Klimaat en Enerzjy en ek fice-premier yn it kabinet-Rutte IV.
Hy wie fan 6 desimber 2023 oant 23 febrewaris 2026 lid fan de Twadde Keamer. Earder wie er fan 23 maart 2017 oant 10 jannewaris 2022 ek lid fan de Twadde Keamer.
By de Twadde Keamerferkiezingen fan 2025 helle D66 ûnder syn lieding 26 sitten, it heechste oantal yn de skiednis fan de partij.
Sjoch ek List fan premiers fan Nederlân
Keppeling om utens Drs. R.A.A. (Rob) Jetten, Parlement.com
Kategory:D66-politikus Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Nederlânsk gemeenteriedslid Kategory:Nederlânsk minister sûnder portefúlje Kategory:Fise-premier fan Nederlân Kategory:Premier fan Nederlân Kategory:Twadde Keamerlid Kategory:Persoan berne yn 1987