Middenmeer (Frysk: Middenmarwww.delpher.nl) is in doarp yn 'e polder Wieringermar yn 'e gemeente Hollâns Kroan yn 'e kop fan 'e Nederlânske provinsje Noard-Hollân. It doarp hat ynwenners ().
Skiednis Middenmeer, itjinge "midmar", dus midden yn 'e Wieringermar, betsjut, waard boud fan 1932 ôf en waard ûntwurpen troch M.J.Granpré Molière. It doarp waard, lykas de oare twa Wieringermardoarpen Wieringerwerf en Slootdorp opset as nijmoadrich brinkdoarp. thumb|left|Middenmeer nei't de Dútsers de dyk trochstutsen hawwe op 17 april 1945 De doarpskearn waard trijehoekich tusken de Westfryske Feart en Brugstraat en in yndustrygebiet by de Wieringerwerf Feart.Stenvert, Ronald; Kolman, Chris; van Ginkel-Meester, Saskia; Stades-Vischer, Elisabeth; Rommes, Ronald, Monumenten in Nederland. Noord-Holland siden 433-434 (Ien fan de siden is oerslein by it nûmerjen). Waanders Utjouwers (2006). Argivearre op 28 maart 2019. Oproppen op 30 oktober 2019.
Ynearsten foel Middenmeer, lykas de rest fan 'e polder, ûnder de Direksje Wieringermar fan de Tsjinst fan de Suderseewurken. It doarp waard earst Slûs III neamd. Op 1 july 1941 waard it doarp ûnder de Dútske besetter ta Middenmeer omneamd en waard Wieringermar in selsstannige gemeente.
De twa stielen ophelbrêgen yn klinkneile fakwurk yn de Brugstraat oer de Wieringerwerf Feart en yn de Schagerweg oer de Sloter Feart, kamen yn 1931 al ree. De Herfoame Tsjerke waard yn 1934 boud. Op 26 febrewaris 1936 waard in nôtbeurs oprjochte dy't alle woansdeis holden waard. Ek foar oare lânbouprodukten, lykas dykwoartel en strie, wurdt in priisnotearring makke.
It Fleanfjild Middenmeer waard by de Dútske ynfal yn Nederlân yn 1940 troch de 1e Ferkkenningsgroep fan de Keninklike Loftmacht. Op 17 april 1945 waard de Wieringermarpolder troch de Dútsers ûnder wetter set. Op 11 desimber dat jiers wie de polder fannijs drûch en waard mei it weropbouwen fan it doarp úteinset, mei in lytse útwreiding nei it suden en easten. Lykas it oarspronklike doarp, waard dat in tradisjonalistyske styl útfierd.
Memmemafû Yn 1975 waard yn Middenmeer de earste memmemafû fan Nederlân oprjochte nei inisjatyf fan Anton Remmers, direkteur fan 'e pleatslike Ariënsmafû. De skoalle wie in mafû foar folwoeksen froulje dy't har oplieding ôfmeitsje woene. Yn dy tiid wiene der in protte froulje dy't nei de legere skoalle of de húshâldskoalle gjin ûnderwiis mear hân hiene. Yn it earste jier soene 130 froulju de lessen folgje. Folwoeksen studinten mongen har tusken de lessen troch mei tsienerstudinten, mar krigen apart les.Grondlegger Remmers van moedermavo overleden. Trouw, 4 july 2000. Oproppen op 27 jannewaris 2021. Doetiids waard de memmemafû beskôge as in nij revolújonêr idee, dochs it bliek in sukses. Yn in oardel jier wiene der al 41 memmemafû's ferpraat oer Nederlân.NTR. De Moedermavo yn Andere Tijden. Oproppen op 27 jannewaris 2021.
Ekonomy thumb|Wynmûnen by de A7 by Middenmeer De Wieringermar is tradisjoneel in ikkerbougebiet, mei in soad glêstúnbou. Der binne allegear ekonomyske aktiviteiten dy't dêr ferbûn mei binne, lykas metaalbedriuwen en nôtopslach. Der is in grut produksjebedriuw fan iisberchslaad. In beurskommisje yn Middenmeer makket foar de jirpelrassen Irene, Eigenheimer, Bildtstar en Bintsje in priisnotearring.
Der is in fleanfjild eastlik fan 'e doarpskearn foar lichte fleantugen, mei in net-ferhurde strat- en lâningsbaan
Rekkensintrums op Agriport A7 It bedriuweterrein Agriport A7 is ynrjocte foar grutskalige enerzjy-yntinsive bedriuwen. De gemeente hie yn it Gebietsplan Wieringermar 1000 bunder lân foar soksoarte bedriuwen reservearre, dochs fûn de gemeenteried 750 bunder wol genôch. It gebiet loek benammen rekkensintrums.
Yn desimber 2013 makke Microsoft buorkundich dêr in rekkensintrum fan 40 bunder te bouwen. It kompleks koste likernôch twa miljard euro, leveret 150 oant 200 fêste banen op en waard yn novimber 2015 yn gebrûk nommen. It fasilitearret kompjûterklofttsjinsten en ferbetteret it fermogen foar Jeropa, Midden-Easten en Afrika. Underwilens hat Microsoft ferskate rekkensintrums boud, dêr't mei-inoar goed 110 bunder grûn yn gebrûk nommen waard.
Google hat 71 bunder kocht dy't ein 2018 in fergunning krigen om in bedriuw mei 125 wurklju oan te nimmen. Begjin 2018 hat Netflix 70 bunder grûn oernommen. Ek CyrusOne hat ein 2018 de opsje nommen op 33 bunder om foar tredden, mooglik Amazon in rekkensintrum fan 270 megawatt te bouwen
Tsjin de rekkensintrums ûntstiet út 'e pleatslike befolking wei hieltyd mear ferwar. De gruttere gebouwen brûke tige soad stroom en hâlde fol grien te wêzen troch it brûken fan stroom opwekke troch it neie wynpark Wieringermar. De pleatslike befolking dy't lêst fan 'e wynmûnen hawwe, profitearje dêr sels amper fan.
Ferkear Middenmeer leit oan de A7, de N242 en de N248.
Ferneamde ynwenners Sicco Mansholt (Ulrum 1908-1995), (euro)politikus; yn 'e earste wike nei de befrijing boargemaster fan de gemeente Wieringermar Joke Hermsen (1961), skriuwster en filosofe
Kategory:Plak yn Hollâns Kroan