De Bayawever (Ploceus philippinus) is in lytse oant middelgrutte weverfûgel út de famylje weverfûgels (Ploceidae). De fûgel libbet yn Súd- en Súdeast-Aazje en is ien fan 'e bekendste wevers fanwegen syn bjusterbaarlike nêstbou yn grutte koloanjes.

Skaaimerken thumb|left|Pearke. Bayawevers wurde likernôch 15 sm lang en it mantsje hat yn it briedkleed in giele kroan, in donkerbrún masker en in swartbrune snaffel. De rêch is brún mei ljochtere streekjes en fan ûnder is de fûgel ljochter. Wyfkes en net-briedende mantsjes binne folle ûnopfallender: brúngrien mei streekjes.

De snaffel is koart, koanysk en krêftich.

Fersprieding Bayawevers komme foar yn in grut part fan Súd-Aazje, fan Pakistan, Nepal, Yndia en Sry Lanka oant Yndoneezje. Hy libbet yn iepen lânskippen, rysfjilden, greiden, parken en oan wetterkanten.

Der wurde fiif ûndersoarten erkend:

Ploceus philippinus philippinus - Pakistan, Yndia, net it súdwesten en noardeasten, Sry Lanka en Súd-Nepal Ploceus philippinus travancoreensis - Súdwest Yndia Ploceus philippinus burmanicus - Bûtan, Noardeast-Yndia en Bangladesj oant Myanmar en Súdwest-Sina Ploceus philippinus angelorum - Tailân en Súd-Laos) Ploceus philippinus infortunatus - Súd-Fjetnam, it skiereilân Malakka, Sumatra, Java en Baly.

Hâlden en dragen It mantsje bout it typyske wevernêst: in hingjend, flessefoarmich nêst fan gers en blêden, faak boppe wetter. De nêsten hingje meast yn groepen yn 'e selde beam. As it mantsje in begjin makke hat en it wyfke tefreden is mei de lokaasje en it nêst, wurket it er it nêst fierder ôf. thumb|left|Foerazjearjende Bayawevers. It binne sosjale fûgels, dy’t faak yn grutte groepen libje en briede.

Sied (lykas rys en weet) mar ek ynsekten foarmje syn iten. Ynsekten wurde fral yn 'e briedtiid iten.

Bayawevers libje ek by minsken.

Status Neffens de Reade list fan 'e IUCN wurdt de Bayawever net bedrige (Least Concern). De populaasje is tige grut en it ferspriedingsgebiet beslacht in breed part fan Súd- en Súdeast-Aazje.

Yn it generaal binne der gjin grutte bedrigingen, mar ferlies fan habitat troch stedsútwreiding en yntinsive lânbou, pestisiden en ferfolging op rysfjilden en de fangst út it wyld kinne lokale bedrigingen foarmje.

Namme It wurd 'Baya' komt út it Hindy/Bingaalsk (baayaa of bayaa), dat al iuwen brûkt wurdt foar dizze fûgel. Yn 'e etymology wurdt Baya weromfierd op it Hindy बया (bayā) en Bengaalsk বায়া (bāẏa), beide oantsjuttings foar de wever. Dy foarm komt op syn beurt wer út it Prakryt of út in âldere Yndo-Aryske stamfoarm. Al yn 'e 18e en 19e iuw brûkten Ingelske natuerûndersikers yn Yndia de namme Baya of Bayya, sa’t se dy út de lokale talen oppikten. Bygelyks Thomas C. Jerdon brûkte dy foarm yn syn "The Birds of India" (1862).

Kategory:Wever (fûgelskaai) Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lânseigen fauna yn Bangladesj Kategory:Lânseigen fauna yn Bûtan Kategory:Lânseigen fauna yn Kambodja Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Yndia Kategory:Lânseigen fauna yn Yndoneezje Kategory:Lânseigen fauna yn Laos Kategory:Lânseigen fauna yn Maleizje Kategory:Lânseigen fauna yn Birma Kategory:Lânseigen fauna yn Nepal Kategory:Lânseigen fauna yn Pakistan Kategory:Lânseigen fauna yn Singapoer Kategory:Lânseigen fauna yn Sry Lanka Kategory:Lânseigen fauna yn Tailân Kategory:Lânseigen fauna yn Fjetnam Kategory:Lânseigen fauna yn de Andamanen en Nikobaren