Francis Hayman (1708 – 2 febrewaris 1776) wie in Ingelske skilder en yllustrator dy't ien fan 'e oprjochters fan 'e Royal Academy yn 1768 waard, en letter de earste bibletekaris dêrfan.

Biografy Hayman sette syn artistike karriêre útein as sêneskilder yn it Drury Lane-teäter yn Londen (dêr't er ek lytse rollen spile) foardat er in atelier oprjochte yn St Martin's Lane.

As mearsidich keunstner waard er beynfloede troch de Frânske Rokoko-styl. Yn 'e 1740-er jierren krige er wat bekendheid troch dekorative skilderijen dy'ter makke foar de jûnsmielkasten yn Vauxhall Pleasure Gardens yn Londen. Hayman wie ek in súksesfol portretskilder en skiednisskilder.

Troch guon fan dizze te kombinearjen, droech er 31 skilderijen by oan in edysje út 1744 fan Shakespeare syn toanielstikken fan Sir Thomas Hanmer, en letter portrettearre er in protte foaroansteande doetiidske akteurs yn Shakespeareaanske rollen, wêrûnder David Garrick as Richard III (1760). Hy yllustrearre ek Pamela, in roman fan Samuel Richardson, Milton's Paradise Lost en Paradise Regained, Tobias Smollett syn oersetting fan Don Quichot, en oare bekende wurken. Yn 'e jierren 1760 krige Hayman opdracht fan Jonathan Tyers, eigener fan Vauxhall Gardens en de bûtenpleats Denbies, om in searje grutskalige histoaryske skilderijen te skilderjen dy't Britske oerwinningen yn 'e Sânjierrige Oarloch ôfbylde.

Hy wie in betûft learaar. Syn learlingen wiene ûnder oaren Mason Chamberlin, Nathaniel Dance-Holland, Thomas Seton en Lemuel Francis Abbott, en hy hie ek in sterke ynfloed op Thomas Gainsborough.

Mei Joshua Reynolds wie Hayman aktyf belutsen by de oprjochting fan 'e Society of Artists, in foarrinner fan 'e Royal Academy of Arts, yn 'e iere 1760-er jierren.

Hayman stoar yn 1776 en waard beïerdige yn in ûnmarkearre grêf yn 'e St. Anne's Church, Soho, Londen. Peter Matthews, Who's Buried Where in London, s.33.

Galery

Keppelingen om utens Francis Hayman online (ArtCyclopedia) Portrait of Hayman by Joshua Reynolds (Philip Mould Fine Paintings)

Kategory:Ingelsk keunstskilder Kategory:Ingelsk yllustrator Kategory:Persoan berne yn 1708 Kategory:Persoan stoarn yn 1776