Blazen is by kateftigen in lûd dat produsearre wurde troch lucht mei krêft tusken de ûntbleate tosken troch te parsjen. It klinkt as siizjen, mar dan lûder. It is benammen bekend fan 'e hûskat (Felis catus), mar komt ek foar by oare soarten. Blazen is in teken fan agresje.

By bedrigings dy't troch it oangeande yndividu as earnstich beskôge wurde, giet blazen ornaris mank mei oar definsyf hâlden en dragen, lykas it opsetten fan it hier op 'e sturt en de rêch en it kromjen fan 'e rêch om grutter te lykjen en dêrmei de fijân te yntimidearjen.

As de bedriging net weinommen wurdt, folget op blazen ornaris in frij heechtoanich grânzgjen. Sortearret dy uterste warskôging ek gjin effekt, dan folget in oanfal, wêrby't faak mei ien fan 'e foarpoaten mei útstutsen (fjoerskerpe) klauwen úthelle wurdt. It kin ek wêze dat der daliks ek al tabiten wurdt.

Blazen is by kateftigen in foarm fan ynstinktyf hâlden en dragen. Sels jongkatsjes fan noch mar twa oant trije wiken âld kinne al blaze as se foar it earst oppakt wurde troch in minske. Op dy leeftyd is it lykwols mear bluf as in echte warskôging dy't oergean kin yn in aktive oanfal.

Kategory:Bistelûd Kategory:Dierlik hâlden en dragen Kategory:Kat Kategory:Kateftige Kategory:Agresje

en:Cat communication#Growl, spit, hiss