De Santa Maria Gloriosa dei Frari, ek wol bekend as de Frari-tsjerke of koartwei Frari (Fenesjaansk foar 'bruorren'), is njonken de San Zanipolo it grutste en wichtichste goatyske religieuze gebou yn Feneesje. De roomske tsjerke leit oan 'e Campo dei Frari yn it stedsdiel San Polo en is wijd oan 'e Himelfeart fan Maria. It gebou is tige ryk oan keunstwurken, wêrûnder twa wichtige wurken fan Titiaan. Ek is de tsjerke ryk oan grêfmonuminten fan ferneamde Fenesjanen, wêrûnder dy fan 'e skilder Titiaan. Sûnt 1926 is de tsjerke in basilica minor. De twa eardere kleasters dy't by de tsjerke hearden, wurde sûnt 1817 brûkt foar it Steatsargyf fan Feneesje.
Skiednis Om 1223 hinne setten Fransiskaanske minderbruorren harren yn in besteand kleastergebou nei wenjen oan 'e râne fan wat doe de sted wie. Dêr begûnen se om 1250 hinne mei de bou fan in lytse, oan 'e Mem Gods wijde tsjerke, de Santa Maria de' Frati Minori ("Sinte-Marij fan 'e Minderbruorren"), dy't yn 1280 ynwijd waard. Om 't de tsjerke al gau te lyts wie troch it grutte oantal minsken dat de preken fan 'e bruorren bywenne, waard dy sawat 40 m lange tsjerke yn 1340 ôfbrutsen om plak te meitsjen foar in nij gebou. Yn 1361 waarden de apsis en it dwersskip fan 'e tsjerke ynwijd. De klokketoer waard yn 1396 foltôge. thumb|left|Ynterieur. Yn 1420 waard súdwestlik fan 'e Milaneeske kapel de Capella Corner oanboud. De bou fûn plak yn opdracht fan Marco Corner, de heit fan 'e lettere keninginne Caterina Cornaro, en is wijd oan syn beskermhillige, Sint-Markus en befettet in triptyk fan Bartolomeo Vivarini mei de hilligen Markus, Hieronymus, Petrus, Nikolaas en Jehannes de Doper. Súdlik fan it sydskip waard tusken 1432 en 1434 de oan 'e apostel Petrus wijde Cappella Emiliana tafoege. Dy doopkapel waard as in grêfkapel troch de oprjochters brûkt, de famylje Emiliana. Beide kapellen hawwe in portaal nei de Campo dei Frari. thumb|left|Koerbanken. Healwei de 15e iuw waard de sakristy as in apart gebou yn it noardlike dwersskip boud. Yn 1468 krige de tsjerke it mei fjirtjin reliëfs fersierde doksaal, dêr't Bartlomeo Buon oan meiwurke hawwe soe. De koerbanken waarden yn itselde jier foltôge.
Tsjin 'e ein fan' e 15e iuw waard de gevel foltôge. Op 19 maaie 1518 waard Titiaan syn alterstik fan 'e Himelfeart fan 'e Jongfaam Marije boppe it heechalter set.
Scuola Grande di San Rocco Westlik fan 'e Frari-tsjerke steane de tsjerke en it hûs fan 'e Frari-bruorskip fan Sint-Rochus, de Scuola Grande di San Rocco. Dêr binne wurken fan Tintoretto te sjen. Foardat de bruorskip yn 1489 in stik lân fan 'e Fransiskaanske muontsen fan 'e Frari-tsjerke krigen om har skoalle te bouwen, wie de skoalle yn it kleaster fan 'e Frari-tsjerke ûnderbrocht.
Ynterieur De basilyk is in trijeskippige tsjerke mei in dwersskip en in groep fan seis lytse en ien sintrale koerkapel, dy't allegear mearsidich sletten binne, thumb|260px thumb|260px|Pesaro Madonna(Titiaan). Krúskapel Monumint foar Canova Monumint foar de Doge fan Pesaro Madonna fan it Hûs fan Pesaro Emilianikapel of Cappella Emiliana Cornerkapel of Cappella Corner Milaneeske kapel of Capella Milanese Sint-Michaelskapel of Capella Trevisan Kapel fan 'e Fransiskaanske hilligen (Capella di S. Francesco) Koerbanken Koer Monumint foar de Doge Tron 12e-iuwsk krús Himelfeart fan Marije troch Titiaan Monumint foar Doge Foscari Doopkapel (cappella dei Fiorentini) Kapel fan pater Kolbe of Sakramintskapel Bernardokapel Pietà Alter fan 'e sakristy en triptyk fan Giovanni Bellini Sakristy mei skilderij Hagar yn 'e woastyn relikwy-alter Tagong nei de kapittelseal en it kleaster fan 'e Frari Muorre fan it rjochter dwersskip Monumint foar Jacopo Marcello Alter fan Sint-Katarina Alter fan Sint-Joazef fan Copertino Alter fan 'e Besnijenis fan Jezus Grêf fan 'e skilder Titiaan Alter fan Sint-Antonius fan Padua
Keunstwurken
Kategory:Bouwurk yn Feneesje Santa Maria Gloriosa dei Frari Kategory:Bouwurk út 1340