De katedraal fan Pitigliano (Italjaansk: Duomo di Pitigliano; Cattedrale dei Santi Pietro e Paolo) is in oan Petrus en Paulus wijde roomsk-katolike katedraal yn Pitigliano yn 'e regio Toskane, Itaalje.
It is de biskoplike sit fan it yn 1986 stifte bisdom Pitigliano-Sovana-Orbetello.
Skiednis De earste fermelding fan 'e parochytsjerke yn Pitigliano datearret út 1061. Yn 1276 waarden dêr trije parochytsjerken neamd: San Giovanni, Santa Maria (letter wijd oan Sint-Rochus), en San Pietro. De lêste fan dy trije, de San Pietro, waard letter de Petrus en Paulustsjerke (Santi Pietro e Paolo). De tsjerke waard ferskillende kearen renovearre, fral yn 1509 yn opdracht fan Niccolò III Orsini, greve fan Pitigliano, en yn 'e 18e iuw. Doe't de biskop fan Sovana definityf Pitigliano as sit keas, waard de âlde kollegiale tsjerke yn 1845 in katedraal.
Beskriuwing thumb|left|Ynterieur. De tsjerke waard tusken 1692 en 1702 renovearre. De westlike gevel is ryk fersierd mei 18e iuwsk-stúkwurk. De gevel wurdt troch fjouwer pilasters yn trije dielen ferdield. Njonken it portaal steane de bylden fan 'e patroanhilligen. Boppe yn 'e klokgevel is in moarmeren basreliëf fan 'e himelfeart fan Marije mei de hilligen Rochus en Fransiskus. Lofts fan 'e gevel stiet de klokketoer, oarspronklik in ferdigeningstoer. Yn 'e tiid fan 'e Medici's waard de toer in tsjerketoer en mei in tredde ferdjipping ferhege. Yn dy tiid (1726) binne ek de klokken getten.
De struktuer fan it ynterieur datearret fan 'e renovaasje fan 1509. It haadalter is barok. Oan wjerssiden fan it alter binne twa grutte skilderijen fan Pietro Aldi yn 1885 mei in foarstelling fan Hindrik IV yn Canossa en de predestinaasje fan Hildebrand fan Sovana (paus Gregoarius VII). Fierder is der njonken 19e- en 20e-iuwske skilderijen in grut doek út 1609 fan Francesco Vanni út Siena, mei in foarstelling fan 'e Madonna mei de Roazekrâns, ôfbylde mei de hilligen Katarina fan Siena, Dominikus en Pius V. It doopfont is 18e-iuwsk.
Ofbylden
Kategory:Pitigliano Kategory:Katedraal yn Itaalje Kategory:Bouwurk út de 16e iuw Kategory:Roomsk-katolyk tsjerkegebou yn Itaalje