Bora Bora (Frânsk: Bora-Bora, útspr.: [boʁaboˈʁa], likernôch: "boh-cha-boh-cha; Tahitiaansk: Pora Pora, útspr.: [poraˈpora], likernôch: "poh-ra-poh-ra") is in eilân (of strikt nommen in groepke eilannen) yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan. Geografysk heart it ta de Underwynske kloft fan 'e Genoatskipseilannen, in arsjipel dy't sels wer diel útmakket fan 'e gruttere regio Polyneezje. Bestjoerlik falt it ûnder Frânsk-Polyneezje, in oerseesk gebietsdiel fan Frankryk mei de politike status fan in oerseeske kollektiviteit. Bora Bora stiet wrâldwiid bekend as in eksoatyske en tige lúkse fakânsjebestimming, dy't in wat mysterieus imago hat om't de measte lju net witte wêr't it krekt leit. De lokale ekonomy stipet hast folslein op it toerisme. It haadplak is Vaitape. Neffens gegevens út 2022 hie Bora Bora doe krapoan 11.000 bewenners.

Namme It toponym Bora Bora, of eins Pora Pora yn it Tahitiaansk, is in ferkoarting fan Pora pora mai te pora, sa't it eilân oarspronklik hiet yn 'e tiid koart nei't it troch de Polyneezjers kolonisearre wie. Dat betsjut "it earste skepen troch de goaden". De ferkoarte foarm Pora Pora wurdt ornaris oerset as "Earstberne". Mei't yn 'e fonetyk fan it Tahitiaansk de stimhawwende bilabiale plofklank [b] net foarkomt, útsein as in allofoan fan 'e stimleaze bilabiale plofklank [p], waard de Tahitiaanske útspraak fan 'e [p] troch de earste Jeropeänen dy't it eilân oandiene, betize mei de [b]. Itselde barde mei de alveolêre laterale approksimant [l] dy't yn it Tahitiaansk net foarkomt behalven as allofoan fan 'e alveolêre trilklank [r]. Yn iere teksten waard de namme fan Bora Bora dêrom ek wol skreaun as Bola Bola.

Geografy Bora Bora leit likernôch yn 'e midden fan 'e Stille Oseaan, besuden de evener. It makket diel út fan 'e Underwynske Eilannen, dy't rûchwei de westlike helte fan 'e gruttere arsjipel fan 'e Genoatskipseilannen foarmje. Dy eilannegroep heart sels wer ta de regio Polyneezje, dy't ek û.m. Samoä, Tonga, de Cookeilannen, de Hawaï-eilannen, Peaske-eilân en Nij-Seelân omfettet. Bora Bora leit sa'n 260 km westnoardwestlik fan Tahity, it grutste en wichtichste eilân fan 'e Genoatskipseilannen.

Eins is Bora Bora net ien inkeld eilân, mar in groepke eilannen. It bestiet út in sintraal haadeilân dat fan fulkanyske oarsprong is, omjûn troch in stikmannich langrutsen leechleine eilantsjes, dy't yn it Tahitiaansk motu neamd wurde. Dy binne oanwoeksen boppe-op it koraalrif dat it haadeilân omsirkelet. It bekendste fan dy leechleine eilantsjes is Motu Tapu. Tusken it rif en it haadeilân yn leit in relatyf ûndjippe lagune. Yn it westen wurdt it rif ûnderbrutsen troch in tagong ta de iepen oseaan. Oan 'e westkust fan it haadeilân lizze fjouwer baaien dy't diel útmeitsje fan 'e lagune: de Fa‘anuibaai, de Tu‘ura‘apuobaai en de Povaibaai yn it westen, en de Hitia‘abaai yn it noardwesten. De Tu‘ura‘apuobaai skiedt it haadeilân fan twa heechleine eilantsjes fan fulkanyske aard: To‘opua en To‘opua Iti.

It haadeilân mjit 8 km fan noard nei súd, en 5 km fan east nei west. It oerflak fan it haadeilân bedraacht 19,9 km² en de omlizzende eilantsjes hawwe in oerflak fan 10,7 km². Mei-inoar komt it totale oerflak fan Bora Bora út op 30,6 km². Yn 'e midden fan it haadeilân rize de restanten fan in útdôve fulkaan op ta twa bergen: de Pahia en de Otemanu. Mei in hichte fan 727 m boppe seenivo is de top fan 'e Otemanu it heechste punt fan Bora Bora. De Pahia hat in hichte fan 661 m.

Geology As de leechleine omlizzende eilantsjes bûten beskôging litten wurde, is Bora Bora in fulkanysk eilân, dat eins it restant is fan in sterk erodearre skyldfulkaan. It bestiet fierhinne út basaltstreamen dy't datearje fan tusken 3.830.000 en 3.100.000 jier lyn. De Tu‘ura‘apuobaai wie oarspronklik de fulkaankrater, wêrfan't de ynstoarte, súdwestlike râne no inkeld noch bestiet út 'e eilantsjes To‘opua en To‘opua Iti, dy't in hichte berikke fan 148 m, resp. 17 m boppe seenivo.

De foarming fan Bora Bora wie it resultaat fan 'e eardere lizzing fan it eilân boppe de fulkanyske hotspot dy't it grutste diel fan 'e Genoatskipseilannen foarme hat. Troch de tektoanyske ferskowing fan 'e Pasifyske Plaat nei it westnoardwesten ta is Bora Bora ûnderwilens fier fan 'e hotspot ôf rekke en bestiet der gjin inkele kâns mear dat de âlde fulkaan op it eilân wer ta libben komme sil. Op 't heden leit it eilân Meheti‘a, it eastlikste fan 'e Boppewynske Eilannen, boppe de hotspot.

Skiednis Prekoloniaal tiidrek Bora Bora waard yn 'e rin fan it earste milennium fan 'e Westerske jiertelling as ûnderdiel fan it Grutte Polynezyske Folkeferfarren kolonisearre troch Polynezyske seefarders. Earder waard oannommen dat de kolonisaasje fan it eilân earne tusken 300 en 800 plakfûn hie, mar nije ynsichten wize der dat it al yn 'e trêde iuw barde. De prekoloniale skiednis fan Bora Bora waard dominearre troch de rivaliteit tusken twa clans: ien út 'e neite fan Fa‘anui en besteande út famyljes dy't ferbûn wiene oan 'e marae (natoerreligieuze timpel) fan Farerua, en in oarenien dy't bestie út famyljes út Nunue en Anau, dy't ferbûn wiene mei de marae fan Vaiotaha.

Der bestie ek in rivaliteit tusken Bora Bora en Ra‘iātea, in buoreilân dat fierder nei it súdeasten leit, op it mêd fan religieuze macht. Yn 't earstoan bestiene der in protte oerienkomsten tusken sawol de preesteroarder as it steatsbestel op 'e beide eilannen. Dat suggerearret dat Bora Bora en Ra‘iātea yn dy snuorje de religieuze en politike macht oer de Underwynske Eilannen dielden. Letter groeide Ra‘iātea lykwols út ta it sintrum fan 'e religieuze macht yn 'e eilannegroep, wylst Bora Bora yn 't bysûnder in sterke militêre macht behold, dy't ta útdrukking kaam yn sawol ynterne konflikten as yn oarloggen tsjin rivalisearjende eilannen.

Yn 'e achttjinde iuw wist de grutte haadman Puni (ek bekend as Teihotu Matarua), de clans fan Bora Bora te ferienjen, wêrnei't er it buoreilân Taha‘a ferovere, dat lyk benoarden Ra‘iātea leit. Dat eilân brûkte er as basis om Ra‘iātea oan te fallen, dat yn 1763 nei in trijejierrige oarloch ek ferovere waard. Nei it ferstjerren fan Puni yn 1778 sette syn opfolger, syn omkesizzer Tapoa I, him as kening oer Bora Bora, Ra‘iātea en Taha‘a nei wenjen op Ra‘iātea en liet er de macht op Bora Bora efter yn 'e hannen fan 'e haadlju Ma‘i fan Nunue en Tefa‘aora fan Anau. Yn 'e folgjende generaasje wist Ra‘iātea lykwols yn ûnôfhinklikens werom te winnen.

Kolonialisaasje De earste kear dat Bora Bora dúdlik fermelden wurdt yn it reisferslach fan in Jeropeeske ûntdekkingsreizger, wie yn 1722, doe't Jacob Roggeveen it eilân oandie, dy't fear yn opdracht fan 'e Steatske Westyndyske Kompanjy (WIC). De Britske ûntdekkingsreizger James Cook krige Bora Bora yn 1769 foar it earst yn sicht en die it yn 1777 oan.

Wylst Tahity, en yn mindere mjitte ek Mo‘orea, fan 'e ein fan 'e achttjinde iuw ôf ûnder druk kamen te stean fan protestantske Ingelske sindelingen en teffens it ûnderwerp waarden fan rivalisearjende koloniale oanspraken fan it Feriene Keninkryk en Frankryk, bleau Bora Bora noch in moai hoart frij fan Westerske ynfloeden. Pas yn 1815, doe't in legerke fan 262 krigers fan Bora Bora de kening fan Tahity Pōmare II holpen om syn ynterne fijannen te ferslaan yn 'e Slach by Fe‘i Pi, kaam Bora Bora foar it earst yn 'e kunde mei it kristendom troch de ferhalen fan 'e weromkearende krigers. It súkses fan it nije leauwe wie sa grut, dat de bewenners fan Bora Bora trije jier letter, yn 1818, sels sindelingen útnûgen en kom nei har eilân ta.

Tsjin 'e ein fan 'e 1820-er jierren joech in grut part fan 'e befolking fan Bora Bora him by de Mamaia-kultus, in synkretistyske beweging dy't eleminten út it kristendom fermong mei eleminten út 'e tradisjonele animistyske natoerreligy fan it eilân. De oanhingers fan 'e kultus kanten har oan tsjin it gesach fan 'e sindelingen, en op Bora Bora en Taha‘a krigen se sa'n ynfloed dat dy beide eilannen yn 1833 tegearre oarloggen tsjin Ra‘iātea en Huahine, dêr't de bewenners de sindelingen trou bleaun wiene. De oanfierder fan it ferbûn, kening Tapoa II fan Taha‘a en Bora Bora, waard lykwols ferslein en ferballe fan syn thúseilân Taha‘a. Hy sette him nei wenjen op Bora Bora, dêr't er troch de Ma‘i- en Tafa‘aora-clans stipe waard en kening bliuwe koe.

Yn 1842 makken de Frânsen it Keninkryk Tahity ta in protektoraat fan harres, mar op Bora Bora hie dat gjin ynfloed. Yn 1847 sleaten Frankryk en it Feriene Keninkryk de Konvinsje fan Jarnac, wêryn't de ûnôfhinklikheid fan 'e keninkriken yn 'e Underwynske Eilannen bekrêftige waard. Dat ferdrach joech Bora Bora noch fjirtich jier útstel fan eksekúsje. Yn 1878 feroare de sitewaasje lykwols, yn 'e sin dat it Keizerryk Dútslân, it letkommer by it fêstigjen fan in eigen koloniaal ryk, belangstelling opfette foar de Underwynske Eilannen. Foar Frankryk waard it doe driuwend om 'e eigen oanspraken op 'e eilannen krêft by te setten. It lân kocht it Feriene Keninkryk ôf mei militêre konsesjes yn 'e Nije Hebriden, sadat de Konvinsje fan Jarnac yn 'e foddekoer ferdwûn.

Op 19 maart 1888 fûn de anneksaasje fan 'e Underwynske Eilannen plak, wêrby't ek it Keninkryk Bora Bora in Frânsk protektoraat waard. Dat late ta it útbrekken fan 'e saneamde Underwynske Oarloch, wêrby't de bewenners fan 'e Underwynske Eilannen njoggen jier lang, oant 1897, in guerrilja-oarloch tsjin 'e Frânske besetting fierden. De slimste gefjochten fûnen plak op Ra‘iātea en fral Taha‘a, hoewol't ek op Bora Bora oant 1894 fochten waard. Teri‘imaevarua III, de lêste keninginne fan Bora Bora, abdisearre ûnder Frânske druk op 21 septimber 1895 en fermakke har keninkryk oan Frankryk. Bora Bora feroare dêrtroch fan in (nominaal) protektoraat yn in koloanje.

Twadde Wrâldoarloch Yn 'e Twadde Wrâldoarloch waard Bora Bora troch de Amerikaanske Striidkrêften útkeazen as befoarriedingsbasis. Der waarden in legerbasis, in oaljedepot, in fleanfjild, in basis foar fleanboaten en ferdigeningswurken oanlein. Dat barren krige de koadenamme Operation Bobcat ("Operaasje Reade Lynks"). Der wiene 9 marineskippen, 18.000 ton materieel en krapoan 7.000 soldaten mei muoid. De acht kanonnen dy't ynstallearre waarden foar de kustferdigening steane noch altyd op har plak. Der kaam lykwols nea in Japanske oanfal op Bora Bora, en de Amerikaanske basis waard op 2 juny 1946 opheft sûnder dat der ek mar ien skot lost wie.

Lettere jierren It troch de Amerikanen oanleine fleanfjild waard nea fergrutte sadat grutte ferkearsfleantugen der lânje koene, mar dochs bleau it it iennichste ynternasjonele fleanfjild fan hiel Frânsk-Polyneezje oant yn 1960 de Ynternasjonale Lofthaven Fa‘a‘ā by Papeete op Tahity reekaam.

Nei ôfrîn fan 'e Twadde Wrâldoarloch waarden yn 1946 de Établissements françaises d'Océanie (EFO, "Frânske Fêstigings yn Oseaanje"), sa't de koloanje doe hiet, ûnder de grûnwet fan 'e Frânske Fjirde Republyk omfoarme fan in ta in oerseesk territoarium. Dat betsjutte dat de bewenners fan Bora Bora de Frânske nasjonaliteit krigen en steatsboargers fan Frankryk waarden mei alle rjochten dy't dêrmei mank giene, lykas it stimrjocht yn Frânske ferkiezings. De namme fan 'e EFO waard yn 1957 offisjeel feroare yn Polynésie française ("Frânsk-Polyneezje"). Op 28 maart 2003 krige Frânsk-Polyneezje ûnder de refyzje fan kêst 74 fan 'e Frânske grûnwet de status fan in oerseeske kollektiviteit fan Frankryk, om't oerseeske territoaria fan dat stuit ôf inkeld noch ûnbewenne gebieten wêze koene.

Ekonomy