Kappel is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts, dat diel útmakket fan 'e lânkring Rhein-Hunsrück-Kreis. Kappel is ûnderdiel fan it gemeenteferbân Kirchberg.
It besjen wurdich De protestantske tsjerke út 1747 is in barok bouwurk op 'e tsjerkeheuvel dêr't ek de roomske tsjerke stiet. Yn 'e tsjerke is in oargel út 1900 fan Oberlinger. Yn 'e toer hingje trije brûnzen klokken út 1779, dy't net yn 'e Twadde Wrâldkriich omraand waarden. De roomske Trije-ienheidstsjerke is in neogoatysk bouwurk út de jierren 1898-1899. It Heimathaus "Zur Krone" is in restaurearre fakwurkgebou út de 18e iuw en no in museum mei 19e-iuwsk meubilêr en oar erfgoed.
Ofbylden
Keppeling om utens Heimatmuseum
Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts