Altlay is in plak yn 'e Dútske dielsteat Rynlân-Palts dat diel útmakket fan de lânkring Cochem-Zell. Altlay is ûnderdiel fan it gemeenteferbân Zell.

Altlay leit yn it noardlike diel fan 'e Hunsrück tusken de lofthaven Hahn en de Mûzel op in hichte fan likernôch 300 m boppe seenivo. Noardlik fan it plak streamt de Altlayer Bach troch in smelle delling yn 'e Mûzel.

Skiednis Sûnt de 15e iuw wurdt der yn 'e krite laaistien wûn. It plak Alt-lay hat dêr de namme oan te tankjen. Oant de dei fan hjoed wurdt der yn it Altlayer Bachtal laai wûn. De eardere Grube Adolph‑Helene wie oant 1959 in wichtige sulver- koper en sinkmyn. Fan dat ferline binne allinne ruïnes oerbleaun.

It besjen wurdich thumb|left|Sint-Barbaratsjerke. De barokke parochytsjerke Sint-Barbara waard yn 1771 boud It doarp hat in oantal fakwurkhûzen oan 'e Haadstrjitte

De Traumschleife Altlayer Schweiz is in kuierrûte fan likernôch 7 km by rûge laaiformaasjes lâns.

Kategory:Plak yn Rynlân-Palts Kategory:Gemeente yn Rynlân-Palts