It readbrún grûndoke (Columbina talpacoti) is in fûgelsoarte út de famylje dowen (Columbidae).
Skaaimerken Readbrune grûndokes wurde 15 oant 18 sm lang en ha in readbrune rêch mei swarte streekjes. It kopke en de nekke fan it mantsje binne griis. De hals, it boarst en de ûnderkant binne ljochter en de slachpinnen binne swartbrún. Wyfkes binne bruner as it mantsje en ha gjin blaugriis kopke.
Fersprieding De soarte komt yn in grut gebiet fan Meksiko oant Súd-Amearika foar.
Der wurde fjouwer ûndersoarte erkend:
Columbina talpacoti eluta: westlik Meksiko. Columbina talpacoti rufipennis: fan súdeastlik Meksiko oant noardlik Kolombia en noardlik Fenezuëla en Trinidad en Tobago. Columbina talpacoti caucae: westlik Kolombia. Columbina talpacoti talpacoti: fan eastlik Ekwador en Perû oant de Guyana's, Brazylje en Sintraal-Argentynje.
Readbrune grûndokes passe harren maklik oan keunstmjittige omjouwings oan. Se libje yn iepen gebieten en profitearje fan 'e ûntbosking, dy't de útwreiding fan it ferspriedingsgebiet mooglik makket, benammen dêr't gebieten yn greidlân of ikkerbou feroarje. Se komme yn it súdeasten en de middenwestlike regio's fan Brazylje ek yn stêden foar.
Status De populaasje wurdt op 5.000.000 oant 50 miljoen folwoeksen fûgels rûsd. Oannommen wurdt dat de soarte yn oantallen tanimt. Op 'e Reade list fan 'e IUCN wurdt de fûgel as net bedrige (LC, 2020) klassifisearre.
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Lytse grûndo Kategory:Lânseigen fauna yn Argentynje Kategory:Lânseigen fauna yn Belize Kategory:Lânseigen fauna yn Bolivia Kategory:Lânseigen fauna yn Bonêre Kategory:Lânseigen fauna yn Brazylje Kategory:Lânseigen fauna yn Kolombia Kategory:Lânseigen fauna yn Kosta Rika Kategory:Lânseigen fauna yn Ekwador Kategory:Lânseigen fauna yn El Salvador Kategory:Lânseigen fauna yn Frânsk-Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Gûatemala Kategory:Lânseigen fauna yn Guyana Kategory:Lânseigen fauna yn Hondoeras Kategory:Lânseigen fauna yn Meksiko Kategory:Lânseigen fauna yn Nikaragûa Kategory:Lânseigen fauna yn Panama Kategory:Lânseigen fauna yn Paraguay Kategory:Lânseigen fauna yn Perû Kategory:Lânseigen fauna yn Suriname Kategory:Lânseigen fauna yn Trinidad en Tobago Kategory:Lânseigen fauna yn de Feriene Steaten Kategory:Lânseigen fauna yn Oerûguay Kategory:Lânseigen fauna yn Fenezuëla