De Oeralûle (Strix uralensis) is in fûgelsoarte yn it skaai wâldûlen (Strix) út de famylje ûlefûgels (Strigidae).
Skaaimerken thumb|left|Oeralûle yn in holle beam. De Oeralûle is 50 oant 62 sm lang en hat in spanwiidte fan 115 (mantsje) oant 125 sm (wyfke). It wyfke is trochstrings grutter en swierder (0,72 oant 1,2 kilogram) as it mantsje (0,54 oant 0,73 kg). It is in middelgrutte ûle, grutter as de wâldûle, mar lytser as de Laplânûle. De ûle is relatyf ljocht fan kleur. De grutte rûne kop hat in opfallend ljochte gesichtssluier mei fine donkere radiale streken en in donkere middenstreek boppe de striegiele snaffel. De iris fan 'e fûgel is swartbrún. De sturt is frij lang, kilich en hat brede bannen. De wjukken hawwe gjin útsprutsen patroan lykas dy fan 'e Laplânûle, dy't ljochte plakken hat.
As de Oeralûle fleant liket er fanwegen de lange sturt mei de brede bannen op in hauk. De fûgel hat dêr syn Dútske namme oan te tankjen: Habichtskauz (havikûle).
Fersprieding De namme fan 'e fûgel komt net oerien mei it ferspriedingsgebiet. Yn Europa libje de grutste en meast stabile populaasjes yn Sweden, Finlân en Ruslân. Fierder binne der in oantal isolearre briedgebieten yn it easten fan Sintraal-Europa en de Balkan. Dat is te tankjen oan 'e lêste iistiid. Oant 1925 briede de soarte ek yn Beieren en dêr rint hjoed-de-dei in suksesfol weryntroduksjeprojekt. Ek yn Tsjechje rint mei sukses in weryntroduksjeprojekt
Undersoarten Der binne 11 ûndersoarten beskreaun, dy't ferskille yn kleur en sturtlingte.
Strix uralensis macroura: sintraal en súdeastlik Europa. Strix uralensis liturata: fan noardelik Poalen en Skandinaavje oant noardwestlik Ruslân. Strix uralensis uralensis: fan eastlik Jeropeesk Ruslân oant westlik Sibearje. Strix uralensis yenisseensis: fan sintraal en noardeastlik Sibearje oant it noardwestlik Mongoalsk plato. Strix uralensis daurica: fan súdeastlike en Midden-Sibearje en noardeastlik Mongoalje oant it westen en it noarden fan Mantsjoerije. Strix uralensis nikolskii: it súdeasten fan Sibearje, Sachalin, noardeastlik Sina en Koreä. Strix uralensis japonica: de súdlike Koerilen en Hokkaido. Strix uralensis hondoensis: noardlik Honshu. Strix uralensis momiyamae: sintraal Honshu. Strix uralensis fuscescens: westlik en súdlik Honshu. Strix uralensis davidi: Midden-Sina (sûnt publisearre ûndersyk yn 2004 en 2014 wurdt dit takson, dy't bekend stiet as de Davidsûle, as in ûndersoarte fan 'e Oeralûle beskôge.)
De ûle libbet graach yn gebieten mei in soad bûkebeammen op sinnige hellingen. Yn it noarden komt de soarte foar yn nullewâlden.
Hâlden en dragen De fûgel jaacht meast fanôf in punt om dan yn in krêftige flecht op it doel ôf te fleanen. Syn proaien besteane foar it grutste part út wrotmûzen. Winterdeis giet de ûle op it gehoar ôf as de proaien ûnder in laach snie sitte. De oeralûle kin mei syn lange poaten sels mûzen ûnder in snielaach fan 30 sm gripe. Simmerdeis fret de fûgel ek út en troch grutte ynsekten. thumb|left|Jong Oeralûltsje. It nêst wurdt faak yn holtes fan ôfbrutsen beamme boud. Ek wurde âlde nêsten fan rôffûgels brûkt. Yn jonge bosken biede nêstkasten in alternatyf foar it ûntbrekken fan goede nêstgelegenheden. In lechsel bestiet meast út 3 oant 4 aaien en it wyfkes briedt de aaien yn 28 dagen út. It mantsje bringt de proaien nei it nêst, dat troch it wyfke oan 'e jongen jûn wurdt. De jongen fleane foar it earst nei 31 oant 36 dagen, mar betûfte fleaners binne it pas nei 90 dagen nei it útkommen.
Status Neffens in rûzing bestiet de wrâldpopulaasje út 640.000 oant 1.052.000 fûgels. De populaasje is stabyl en de fûgel wurdt troch de IUCN as net bedrige klassifisearre..
Kategory:Fûgelsoarte Kategory:Wâldûle Kategory:Lânseigen fauna yn Albaanje Kategory:Lânseigen fauna yn Bosnje-Hertsegovina Kategory:Lânseigen fauna yn Bulgarije Kategory:Lânseigen fauna yn Dútslân Kategory:Lânseigen fauna yn Eastenryk Kategory:Lânseigen fauna yn Estlân Kategory:Lânseigen fauna yn Finlân Kategory:Lânseigen fauna yn Hongarije Kategory:Lânseigen fauna yn Itaalje Kategory:Lânseigen fauna yn Letlân Kategory:Lânseigen fauna yn Litouwen Kategory:Lânseigen fauna yn Japan Kategory:Lânseigen fauna yn Kroaasje Kategory:Lânseigen fauna yn Mongoalje Kategory:Lânseigen fauna yn Montenegro Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Noard-Masedoanje Kategory:Lânseigen fauna yn Noarwegen Kategory:Lânseigen fauna yn de Oekraïne Kategory:Lânseigen fauna yn Poalen Kategory:Lânseigen fauna yn Roemeenje Kategory:Lânseigen fauna yn Jeropeesk Ruslân Kategory:Lânseigen fauna yn Servje Kategory:Lânseigen fauna yn Sibearje Kategory:Lânseigen fauna yn Sina Kategory:Lânseigen fauna yn Slowakije Kategory:Lânseigen fauna yn Sloveenje Kategory:Lânseigen fauna yn Súd-Koreä Kategory:Lânseigen fauna yn Sweden Kategory:Lânseigen fauna yn Tsjechje Kategory:Lânseigen fauna yn Wyt-Ruslân