Oscar Jack Piastri (Melbourne, 6 april 2001) is in Australysk autokoereur. Yn 2019 waard er kampioen yn de Eurocup Formule Renault 2.0. Fan 2020 ôf makket er diel út fan de Renault Sport Akademy. Dat jier waard er ek kampioen yn it FIA Formule 3-kampioenskip. Yn 2021 waard hy kampioen yn de Formule 2. Sûnt 2023 makket Piastri diel út fan it McLaren team yn de Formule 1.

Karriêre

Karten Piastri begûn syn autosportkarriêre yn it karten yn 2011, dat hy fan 2014 ôf proffesjoneel oppikte. Hy wûn ferskate titels yn syn thúslân Australië. Yn 2015 makke hy de oerstap nei Europa en die er mei oan in tal troch de FIA organisearre kartkampioenskippen. Yn 2016 behelle hy dêr syn bêste resultaat mei in sechsde plak yn it wrâldkampioenskip.

Formuleauto's

Formule 4 Oan de ein fan 2016 makke Piastri syn debút yn de autosport yn it VAE Formule 4-kampioenskip by it team Dragon F4. Hy naam diel oan trije fan de fiif racewykeinen en helle op it Yas Marina Sirkwy twa poadiumplakken. Mei 94 punten waard er sechsde yn de einstân.

Yn 2017 makke Piastri syn foltiidsk Formule 4-debút yn it Britske Formule 4-kampioenskip by it TRS Arden Junior Team. Hy behelle seis oerwinningen op Oulton Park, it Snetterton Motor Racing Sirkwy (twa kear), it Knockhill Racing Sirkwy (twa kear) en Silverstone en stie yn njoggen oare races op it poadium. Mei 376,5 punten einige er efter Jamie Caroline as twadde yn it klassemint.

Formule Renault Yn 2018 gie Piastri oer nei de Eurocup Formule Renault 2.0, dêr't er syn gearwurking mei Arden fuortsette soe. Hy behelle in poadiumplak op Spa-Francorchamps en foege dêr op de Hockenheimring nochris twa poadiumfinishes oan ta. Mei 110 punten waard hy achtste yn de einstân.

Yn 2019 bleau Piastri riden yn de Eurocup, mar makke de oerstap nei it team R-ace GP. Yn it twadde racewykein op Silverstone behelle er syn earste twa oerwinnings yn de klasse. Dêrneist behelle hy oerwinnings op Spa-Francorchamps, de Nürburgring (twa kear), de Hungaroring en it Yas Marina Sirkwy. Mei 320 punten waard er kampioen yn de klasse, dêr't er net mear as 7,5 punten foarsprong hie op de nûmer twa Victor Martins.

Formule 3 Yn 2020 waard Piastri, as beleanning foar syn titel yn de Eurocup, opnaam yn de Renault Sport Academy, it opleidingsprogramma fan it Formule 1-team fan Renault. Dêrneist makke er dat jier syn Formule 3-debút yn it FIA Formule 3-kampioenskip, dêr't er útkaam foar it team Prema Racing. Hy wûn de seizoensiepener op de Red Bull Ring en op it Sirkwy de Barcelona-Catalunya. Mei fjouwer oare poadiumplakken en 164 punten waard er by de seizoensfinale op it Sirkwy Mugello kroand ta kampioen yn de klasse, nei't syn lêtste konkurinten Logan Sargeant en Théo Pourchaire net genoach punten hienen om him yn helje te kinnen.

Formule 2 Yn 2021 stappe Piastri oer nei de Formule 2, dêr't hy syn gearwurking mei Prema fuortsette. Al yn it earste racewykein op it Bahrain International Sirkwy behelle er syn earste oerwinning. Yn de lêtste fiif wykeinen behelle hy fiif polepositions op rige en wûn hy fiif races op it Autodromo Nazionale Monza, it Sochi Autodrom, it Jeddah Corniche Sirkwy (twa kear) en it Yas Marina Sirkwy. Yn de rest fan it seizoen stie er nochris fiif kear op it poadium. Op Yas Marina waard hy kroand ta kampioen mei 252,5 punten. Dêrmei wie er de tredde 'rookie' yn fiif jier dy't Formule 2-kampioen waard; foar him prestearden Charles Leclerc en George Russel dat ek. Hy hat foar dizze prestaasje de priis Rookie of the year 2021 krigen.

Formule 1

2022 Piastri grypte yn 2022 neist in fêste oanstelling yn de Formule 1. Wol kaam er dat jier út as reservekoureur fan it Alpine F1 team.

2023 Op 2 september 2022 waard bekendmakke dat Piastri fan it seizoen 2023 ôf foar it McLaren-team ride soe. Op 7 oktober 2023 wûn er de Sprint yn de GP fan Qatar. In dei letter, op 8 oktober, behelle hy de twadde plak yn dy Grand Prix.

2024 Yn 2024 slagge it Piastri en helje syn earste Grand Prix-oerwinning yn Hongarije. Hy behelle ek de winst yn de GP fan Azerbeidzjan.

Karriêre-oersjoch

Resultaten JierRace klasseTeamRacesOerwinningenPolesFluchste rondePoadiumsPuntenKampioenskip2016–17Formule 4 VAEDragon F41100029462017Formule 4 VK TRS Arden Junior Team3066513376.52Formule Renault NECArden Motorsport2000026212018Formula Renault EurocupArden Motorsport2000031108Formule Renault NEC800000 -2019Formule Renault EurocupR-ace GP197561132012020Formule 3Prema Racing18204616412021Formule 2Prema Racing2365611252.51

Formule 1-karriêre

Team JierTeam2023 – hedenMcLaren

Statistyk Understeande tabel is bywurke oant 'e mei de Grand Prix fan Grut-Brittannië 2025. 202320242025 *TotaalOantal races222412 *58 (58 starts)Oantal oerwinnings025 *7Oantal pole-positions004 *4Oantal fluchste rondes214 *7Oantal poadiumplakken2810 *20Oantal WK-punten97292234 *623Einstân WK941 *

Formule 1-resultaten

KleurResultaatGoudWinnerSulverTwadde plakBrûnsTredde plakGrienFinishe (punten behelle)BlauFinishe (gjin punten behelle)Net klassifisearre (NC)PearsUtfallen (DNF)ReadNet kwallifisearre (DNQ)KleurResultaatSwartDiskwalifisearre (DSQ)WytNet start (DNS)BlankoFerwûne (INJ)Utslúten (EX)Weromlutsen (WD) / Net dielnaam1, 2, 3Sprint posysje (punten behaald)PPolepositionSFluchste ronde JierYnskriuwingSjassyMotor123456789101112131415161718192021222324Pos.Punten2023McLarenMcLaren <br id="mwAVg"><br>MCL60Mercedes F1 M14 E Performance V6BHRDNFSAR15AUS8AZE11MIA19MON10SPA13CAN11OOS16GBR4HON5BEL2DNFNED9ITA12SSIN7JPN3QAT12VSTDNFMXS8SAP14LSV10SABU69972024McLarenMcLaren <br id="mwAbU"><br>MCL38Mercedes F1 M15 E Performance V6BHR8SAR4AUS4JPN8CHN78MIA613SEMI4MON2CAN5SPA7OOS22GBR4HON1BEL2NED4ITA2AZE1SIN3VST5MXS8SAP28LSV7QAT13ABU1042922025*McLarenMcLaren <br id="mwAhg"><br>MCL39Mercedes F1 M16 E Performance V6AUS9CHN21PJPN3BHR1PSSAR1MIA21EMI3PMON3SPA1PSCAN4OOS2SGBR2SBELHONNEDITAAZESINVSTMXSSAPLSVQATABU1*234*

* Seizoen noch dwaande.

Oerwinnings +Nr.Grand PrixKonstrukteur1 Grand Prix Fan Hongarije 2024 McLaren-Mercedes2 Grand Prix Fan Azerbeidzjan 2024 McLaren-Mercedes3 Grand Prix Fan China 2025 McLaren-Mercedes4 Grand Prix Fan Bahrein 2025 McLaren-Mercedes5 Grand Prix Fan Saoedi-Arabië 2025 McLaren-Mercedes6 Grand Prix Fan Miami 2025 McLaren-Mercedes7 Grand Prix Fan Spanje 2025 McLaren-Mercedes

Sprintoerwinnings +Nr.Grand PrixKonstrukteur1 Grand Prix Fan Qatar 2023 McLaren-Mercedes2 Grand Prix Fan Qatar 2024 McLaren-Mercedes

Keppelings om utens Offisjele webside Statistieken op Driver Database 

Kategory:Formule 1-koereur Kategory:Australysk autokoereur Kategory:Australysk persoan fan Italjaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 2001