Vandenberg is in Nederlânske hardrockband oprjochte yn 1981 yn De Haach troch gitarist en toetsenist Ad Vandenberg. De band brocht yn 1982 syn debútalbum Vandenberg út. Sjonger Bert Heerink ferliet yn 1986 de band en waard opfolge troch Peter Strykes. Yn 1987 waard de band opheft nei't de oprjochter Ad Vandenberg him oansletten hie by de Amerikaanske band Whitesnake. Mar yn 2020 waard in trochstart makke. De teksten fan de band gean benammen oer leafdesfertriet en it libben. Vandenberg hat fiif studio-albums útbrocht.
Diskografy Studio-albums Album Utbrocht op Label SinglesVandenberg1982AtcoBurning Heart,WaitHeading for a Storm1983Different Worlds,Friday Night,Waiting for the NightAlibi1985How Long,Once in a Lifetime202029 maaie 2020 MascotSin25 augustus 2023House on Fire,Sin,Light It Up
Kompilaasje-albums Album Utbrocht ynBest of Vandenberg1988The Definitive Vandenberg2004
Kategory:Nederlânske hardrockband Kategory:Band oprjochte yn 1981 Kategory:Band opheft yn 1987 Kategory:Band oprjochte yn 2020