Ad Vandenberg berne as Adriaan van den Berg (De Haach, 31 jannewaris 1954) is in Nederlânske gitarist. Vandenberg is benammen bekend as gitarist fan de bands Vandenberg en Whitesnake.

Libbensrin Hy waard berne yn De Haach, ferhuze op syn fiifde nei Rotterdam en dêrnei op syn fjirtjinde nei Ynskedee, dêr't er al gau de rockband Mother of Pearl begûn. Op syn achttjinde waard er gitarist by de Boogie & Blues band fan Jaap Dekkers. Yn 1977 rjochte Van den Berg de band Teaser op. Mei Teaser waard in album opnommen foar it Ingelske label Vertigo en inkelde singles, dêr't Do It To Me in sukses fan waard. Yn 1981 krige Van den Berg in útnûging om audysje te dwaan by Thin Lizzy. Nei in wike oplutsen te hawwen mei Phil Lynott besleat Van den Berg syn oplieding dêr't er mei dwaande wie ôf te meitsjen. Hy bleau wol wurkjen as sesjegitarist by plateopnames fan ferskate artysten en die ûnder oare tournees yn Dútslân mei de Pointer Sisters en mei Fats Domino. Dêrneist spile er yn ferskate blues-, rock- en jazzbands. Yn 1980 hâlde Van den Berg op mei Teaser en rjochte er de band Vandenberg op. Mei it nûmer Burning heart hie de groep nasjonaal en ynternasjonaal sukses. Sjonger David Coverdale wie sa ûnder de yndruk fan Van den Bergs gitaarspel en komposysjes dat er faker as ien kear frege hat oft er by Whitesnake komme woe. Vandenberg woe him dochs leaver earst bewize mei syn eigen band as samar op in opmakke bêd te springen en sloech it oanbod foarearst ôf.

Nei noch twa albums mei Vandenberg en wat lytsere hits like it plafond berikt, Vandenberg waard troch John Kalodner fan Geffen Records yn Amearika útnûge om te praten oer in nij kontrakt foar Vandenberg of ta te treden ta de band Whitesnake. Geffen bea Vandenberg in nij kontrakt oan, mar stelde foar om de oare bandleden te ferfangen troch Amerikaanske muzikanten. Nei it ynspyljen fan de solo foar de radioferzje fan Whitesnake's Here i go again, gie Vandenberg werom nei Nederlân en besleat úteinlik op te hâlden mei Vandenberg en dochs by Whitesnake te gean spyljen. Mei Whitesnake skoarde er yn 1987 twa hits yn'e Feriene Steaten mei de nûmers Here I go again en Is this love. Foardat Vandenberg de kâns krige om in folslein album mei Whitesnake op te nimmen, rekke er blessearre oan syn pols. Hoewol't Van den Berg oan hast alle nûmmers foar it album Slip of the tongue wurke hat, waarden alle gitaarpartijen ynspile troch Steve Vai.

Yn 1994 rjochte Van den Berg in nije band op, Manic Eden, tegearre mei bassist Rudy Sarzo en drummer Tommy Aldridge fan Whitesnake. De band waard oanfolle mei sjonger Ron Young fan Little Caesar. Nei ien album en in toernee troch Frankryk en Japan gie Van den Berg wer by Whitesnake spyljen. Nei noch in album mei Whitesnake gie er yn 1999 ek by dizze band wei.

Hy wurke yn 2001 mei oan it Nederlânske telefyzjeprogramma Starmaker, de foarrinner fan Idols. Yn totaal skreau er hjirfoar fiif nûmers. Ek komponearre er muzyk foar in pear dokumintêres fan National Geographic Channel. Yn 2004 ferskynde in Kompilaasje-album fan Vandenberg mei in nije ferzje fan Burning Heart fan de orizjinele band en inkelde net earder útbrochte nûmers, dêrûnder inkelde live-útfieringen út Japan en de Feriene Steaten, ek kaam der in televyzjeoptreden. Doe't Whitesnake yn 2006 optrede op it Arrow Rock Festival yn Lichtenvoorde wie Van den Berg opnij fan de partij om Here I go again fan in gitaarsolo te foarsjen.

Op 22 maart 2008 krige Ad Vandenberg yn Flissingen foar syn muzikale fertsjinsten de Eddy Christiani Award. By dy gelegenheid trede er, tegearre mei eardere Vandenberg sjonger Bert Heerink op.

Yn in gerjochtlik skeel mei âld-sjonger Bert Heerink en âld-bassist Dick Kemper besliste de kantonrjochter oan de ein fan 2011 dat de gitarist de rjochtmjittige nammehâlder fan de band Vandenberg is.

Yn it neijier fan 2013 sammele Van den berg artysten om him hinne en starte yn febrewaris 2014 de nije band Vandenberg's MoonKings. Hy starte in toer troch Europa en Japan en brocht in album út. It album waard bekroand mei de earste Buma Rocks Export Award.

Yn 2020 kearde Vandenberg werom yn in fernijde gearstalling. De weromkear fan de band Vandenberg waard fierd mei it nije nûmer Shadows Of The Night, ôfkomstich fan it nije album 2020 dat op 30 maaie 2020 ferskynde.

Diskografy Albums Album Utbrocht yn Band Single(s) Teaser1978TeaserDo It To MeVandenberg1982VandenbergBurning Heart,WaitHeading for a Storm1983Friday Night,Different WorldsAlibi1985Once in a Lifetime,How LongManic Eden1994Manic EdenRestless Heart1997WhitesnakeToo Many Tears,Don't Fade AwayVandenberg's MoonKings2014Vandenberg's MoonKingsTightropeMK II201720202020VandenbergHouse on Fire Sin2023Sin,Light It Up

As gastmuzikant Single(s) Album Utbrocht yn Mei band Here I Go AgainWhitesnake1987Whitesnakefolsleine albumPassion and Warfare1990Steve VaiRevel in TimeRevel in Time2022Star OneToo Hot to HandleMy Years with UFO2024Michael Schenker

Kategory:Nederlânsk gitarist Kategory:Nederlânsk rockartyst Kategory:Nederlânsk hardrockartyst Kategory:Nederlânsk lietsjeskriuwer Kategory:Persoan berne yn 1954