The Martian Chronicles (Ingelsk, "De Marsiaanske Kroniken") is in searje sciencefiction ferhalen, fan 1946 en letter, in ferhalebondel byinoar brocht en oanfolle ta in roman, fan de skriuwer Ray Bradbury út de Feriene Steaten, yn 1950 útbrocht troch Doubleday. It boek is lykwols nea oerset yn it Frysk.

Ynhâld Alles byinoar falt it boek útien yn trije parten:

De Untdekking binne ferhalen dêr't minsken út 'e Feriene Steaten, mei ferkenningsmisjes marsminsken ûntdekke. De ynspannings fan de Marsianen om de minsklike ûntdekkingsreizgers ôf te kearen, einigje yn in katastrofe as minsklike syktme op Mars hast alle Marsianen deadet.

De Ynfaazje wurdt werjûn troch ferhalen fan hoe't lju út de Feriene Steaten nei Mars komme, kontakt meitsje mei de oerlibbene Marsianen, mar teselder tiid ek besykje en fêstigje har eigen maatskippij op Mars. As der op Ierde in Wrâlkriich begjint giet hast eltsenien werom. It kontakt tusken de Ierde en Mars eindiget.

De Kriich wurdt dan beskreaun yn parten dêr't gâns de Ierde by ferneatige wurdt, útsein de lytse groep dy't harren wei nei Mars fynt.

Wurdearring Fan it boek is ûnder oare in tf-searje makke. The Martian Chronicles waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan Ray Bradbury Kategory:Ingelsktalige roman Kategory:Science fiction-roman Kategory:Roman út 1950 Kategory:Literatuer oer minsklike kolonisaasje fan de romte Kategory:Literatuer oer Mars (planeet) Kategory:Literatuer oer in oarloch