Heusden is in gemeente yn Noard-Brabân. De gemeente yn syn hjoeddeiske foarm is yn 1997 ûntstien nei de fúzje fan 'e âlde gemeenten Heusden, Drunen en Vlijmen. De gemeente hat () ynwenners.
Plakken De wichtichste plakken yn 'e gemeente binne de fêstingstêd Heusden en de plakken Drunen en Vlijmen. Oare plakken yn 'e gemeente binne de doarpen Doeveren, Elshout, Giersbergen, Haarsteech, Hedikhuizen, Heesbeen, Herpt, Nieuwkuijk en Oudheusden.
Geografy De gemeente leit yn it noarden fan Noard-Brabân, ynklamme tusken de Loonse en Drunense Duinen, de rivier de Maas en de gemeenten De Bosk en Waalwyk.
Kultuer Heusden is in restaurearre fêstingstêd en tige it besjen wurdich. Ien fan 'e âldste gebouwen yn 'e gemeente is nei alle gedachten it eardere kastiel Onsenoort, dat op it terrein fan 'e abdij Mariënkroon leit. Dernjonken binne de pleatsen Fellenoord en Pestert fan grutte kultuerhistoaryske wearde. It Streekargyf Langstraat Heusden Altena wurdt yn it eardere gemeentehûs fan Heusden bewarre.
Kategory:Gemeente yn Noard-Brabân Kategory:Bestjoerlike ienheid oprjochte yn 1997