Foarfallen 26 jannewaris - It VOC-skip de Amsterdam fergiet foar de kust fan Hastings, yn súdlik Ingelân. 20 april - It Mataram-ryk op sintraal Java ferfalt by it ferstjerren fan soesoehoenan Pakubuwono II oan 'e VOC. 21 juny - Yn Würzburg wurdt de non Maria Renata Singer as heks ferbaarnd. sûnder datum - De Fryske Nassaus krije de steedhâlderlike jachtrjochten op It Oranjewâld. sûnder datum - Under druk fan kening George II fan it Feriene Keninkryk werropt keizerinne Maria Teresia it dekreet út 1740 dat alle Joaden hiet om Praach te ferlitten. sûnder datum - Om it "bijsnijen" foar te kommen, begjint men in kartelrâne yn 'e gûne te slaan

Berne 29 jannewaris - kening Kristiaan VII fan Denemark († 1808) 9 maart - Honoré Gabriel de Riqueti, greve fan Mirabeau (Mirabeau), Frânsk revolúsjonêr en breaskriuwer († 1791) 10 maart - Lorenzo da Ponte, Italjaansk librettoskriuwer († 1838) 23 maart - Pierre Simon Laplace, Frânsk wiskundige († 1827) 17 maaie - Edward Jenner, Ingelsk dokter en útfiner fan it pokkefaksên († 1823) 4 juny - Adolphus Ypey, Frysk botanikus, filosoof en dokter († 1822) 28 augustus - Johann Wolfgang von Goethe, Dútsk skriuwer († 1832) 22 oktober - Theodorus van Kooten, Nederlânsk politikus († 1813) 17 novimber - Nicolas Appert, Frânsk útfiner († 1841) 14 desimber - Pieter Pijpers, Nederlânsk dichter en toanielskriuwer († 1805) datum ûnbekend Jane Gordon, hartoginne fan Gordon, Skotsk ealfrouwe en societystjer († 1812) (mooglik berne yn 1748)

Ferstoarn 23 maart - Cornelis Sweerts, Nederlânsk dichter (* 1669) 20 april - soesoehoenan Pakubuwono II fan Mataram (* ±1680)

Kategory:18e iuw