Watse Cuperus (Blije, 30 april 1891 - Ljouwert, 19 augustus 1966), wie in Frysk skriuwer. Hy publisearre oant 1934 ûnder de skûlnamme 'Bouke fan Skeanebûrren'.
Cuperus wie fan 1928 oant 1956 meteropnimmer yn Marrum, en syn wurk spilet him meast ôf yn dizze omkriten. Hy hat in grutte bydrage oan it Frysk levere. De boeken fan Cuperus spylje benammen yn de krisisjierren. It swiere libben fan boer en boerearbeider is in weromkommend tema. Syn wurken hawwe in kristlik-sosjale ynslach. Meiinoar skreau Couperus 17 boeken, mear as 200 koarte ferhalen en in stik of wat toanielstikken.
Yn Blije is it 'Watse Cuperusplein' foar kafee 'Veldzicht'.
Wurk Boeken 1933: Skeanebûrster folkslibben 1937: Lânstoarm XI 1941-1950: De gouden tried (trije dielen: 1941, 1942 en 1950) 1943: Oarreheite erfskip 1946: Sa't lân opjowt 1947: De pipegael (2e pr. 1969) 1948: Doeke Daen 1949: Swart, mar leaflik (2e pr. 1969, 3e pr. 1998) 1955: Hoeder en skiep 1958: Striid en segen (heal-autobiografyske roman) 1964: De sierlike kroan 1966: Jild en eare Berneboek 1936: Oarreheite pet (2e pr. 1941; 3e pr. 1948)
Toaniel 1955: Do silst net stelle, toanielstik yn 4 bedriuwen 1956: Libbensropping, toanielstik yn 4 bedriuwen 1966: De gouden tried, toanielstik yn 4 bedriuwen, opnij bewurke nei de roman mei deselde namme
Fertalingen 1959: Zwart maar lieflijk (fertaling fan Swart mar leaflik)
Prizen 1955: Rely Jorritsmapriis (ferhaal: "S.D.G.")
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk romanskriuwer Kategory:Frysk koarte-ferhaleskriuwer Kategory:Frysk toanielskriuwer Kategory:Skriuwer yn it Frysk Kategory:Persoan berne yn Blije Kategory:Persoan stoarn yn Ljouwert Kategory:Persoan berne yn 1891 Kategory:Persoan stoarn yn 1966